Anne Feddema

Alkospoeksel

logo.ensafh

‘Hören Sie die Kinder der Nacht singen?’
Klaus Kinski tsjin Jonathan Harker yn Nosferatu. Werner Herzog 1979.

Wat kin ik?
Kin ik oars dan?
It is nacht
Dy’t my ropt
Moat gean oant
Earste stop
Klokslok de flok
Bierpompen jankerje
FE-DE-MA
It bline liet fan flessehals
Sjongt oare halzen ta
Ja, op paad bin ik strieljend moai
Gleone sûplaplever
Keizelhurd yn ’e lea
Baarnende floeistof
Skomjend batst yn
Kalken poppebealch
Pine wykt
It wurdt letter en letter
Wis ik wit ik sil
Foar altyd bestean
Net besocht troch dea
Yn ieren brûst ivich bloed
O sok sterk wetter.… Lês fierder

Thomas Bernhard, Anne Feddema

In blom

logo.ensafh

In blom,
in wite blom
hat myn grime dronken
yn ’e iensume stêd
en wol fan wolkens en beammen
neat mear witte.

Yn syn eagen ferwylgje de bern
fan ûngeduerich fleis
en tryste lieten
dy’t net mear te sjongen binne.

Wêr sil ik dizze ferwezen oere ophingje,
dizze oere dy’t my útdôvet
alear’t de snie de tongen
en de roazen fan ’e woastenij
ûnder it ferskuorde wyt stikke lit?

In blom,
in wite blom
hat myn grime dronken
yn ’e iensume stêd
en wol fan wolkens en beammen
neat mear witte.

Oersetting: Anne Feddema

Eine Blume,
eine weisse Blume
hat mein Zorn getrunken
in der verlorenen Stadt
und will von Wolken und Bäumen
nichts mehr wissen.… Lês fierder