Henk Nijp

Hofkesjonge

logo.ensafh

Sa bliid as in protter stoarmt er ús temjitte en fljocht ús yn ’e earms. It is in pear wike ferlyn dat wy elkoar foar it lêst sjoen ha. Hy soe al op bêd en wy komme him eins wat oer it mad. Mar nei’t wy elkoar even bêst oankrûpt hiene joech er him bjusterbaarlik gau del.
De oare moarns is er der alwer betiid by, foar it moarnsiten hat er al fan alles by de ein hân: hy hat kofje setten, in panfol hjouwermout makke, de ûne fol mei taartsjes treaun en doe moast der ek noch klaai-pizza komme. Alle hannelingen wurde troch himsels sekuer fan kommentaar foarsjoen.… Lês fierder

Lomme Schokker

Identiteit en kreativiteit

logo.ensafh

‘Do silst en moatst einlings in kear mei my nei it Sokratysk Kafee yn Amsterdam. No ris net eamelje oer gjin tiid of gjin nocht of te djoer of de frou wol it net ha, it praktysk filosofearjen dêr kin dy helpe om pas echt de skriuwer te wurden dy’tst sa graach wêze wolst.’
Sokssawat sei myn freon de psycholooch in pear wike lyn, doe’t ik him fertelde dat myn beide bern totaal gjin fidúsje hiene yn myn potinsje om ea noch wat ferstannichs te skriuwen.
Ik hie nammentlik meidien oan in ferhalewedstrydsje fan de boekewinkel hjir om ’e hoeke yn Lisse yn it ramt fan it boekewiketema.… Lês fierder

Pier Boorsma

mearke

logo.ensafh

for life to be bearable
you need some madness
(Marcel Proust)

 

mearke

Ik brûkte
In ferkearde kombinaasje
fan drank en pillen
sa tearde ik
oer de wjok
Ik kaam by
yn in ambulânse
ik rôp
‘Ïk wol der út
Ik kin de ambulânse
net betelje’
‘wy bringe jo
moai thús’
sei de sjauffeur

dit wie it mearke
fan de betsjoende prins
en it rûn
no ris goed ôf… Lês fierder

Anne Feddema

Dulle Griet (Lilk Wiif)

logo.ensafh

En dêr stie jimme, razende, reizgjende reporter hookstrooks foar it grutte, ferneamde skilderij fan Pieter Bruegel de Alde út 1563, “Dulle Griet’, dat safolle betsjut as ‘Lilk Wiif’.
It skilderij is te besjen yn it tige nijsgjirrige museum Mayer van den Bergh yn Antwerpen. No tinke jimme miskien: Ha fijn… no sil it wêze… in keunsthistoaryske útlis en ynterpretaasje fan ’e symbolyk yn it skilderij. Mar nee hear, neat fan dat alles. Dêr is ynternet foar.
Al de muoite wurdich om te fertellen is, dat der neffens my in reade tried rint fan Bosch-Bruegel nei it Flaamske byldferhaal…sis de strip…fan Willy Vandersteen en sels de cartoons fan Kamagurka, mar sels dêr, hoewol’t it ûnderwerp my tige noasket, woe ik it net oer hawwe.… Lês fierder

Giny Bastiaans

In kreaze âlde dame

logo.ensafh

Ik hie in nije ôfspraak makke by de baly fan de toskedokter en doe’t ik fuortrinne woe, kaam der krekt in kreaze âlde frou út de praktykromte.
Ik sis frou, mar eins wie it in dame. Dame, is dat wol geef Frysk? Ha wy dêr wol in goed Frysk wurd foar? Of besteane der gjin dames yn Fryslân?
Mar goed.
Ik tink dat se de tachtich al helle hie. Kreas jurkje oan, jaske deroer, moaie ketting om. Bytsje eachskaad op. Bytekene en gelikense wynbrauwen, al wiene it net fan dy hippe Frida Kahlo boarstels.
Sa soe ik der ek wol útsjen wolle, as ik sa âld bin.… Lês fierder

Lomme Schokker

Yntimens en ferfrjemding

logo.ensafh

Op de kop ôf in jier lyn siet ik jûns om healwei tsienen al in trije kertier as iennige yn Kafee Titus op ’e hoeke tsjinoer it âld kleaster midden tusken de gloaiïngs fan it Súd-Limboarchsk lânskip oan de taap mei T. te redendielen oer ûnder mear de mannichfâldige fertsjinsten fan de bruorren Anker dy’t blykber gauris yn dizze omkriten bivakkearren, doe’t der dochs noch twa oare gasten troch de doar waaiden.
De âldste hie in sturt yn ’t hier en in fealblau spikerjaske oan, de jongste in fierstente romme kolbert mei de kleur fan te faak reinige silysalpeter. Oars bin ik mei myn behyplik kleurûnderskiedingsfermogen net sa wei fan kleuren en alhiel net dy fan klean, mar T.… Lês fierder