Anne Feddema

Wraaknimming

logo.ensafh

It is heechsimmer, noch ier en betiid op ’e dei. It is stil en fredich yn it tsjuster, skaadzjend djipgriene wâld. Je hearre de natoer lústerjen. Sa no en dan kinne je, it tusken de beamstammen wjerkeatsende, justjes holle, tikjen, fan in net wurch te krijen spjocht hearre. Dizigens wykt stadichoan foar de earste sinnestrielen, dy’t , sa liket it alteast, mei niget en wille, besykje om ’e lêste bytsjes fan ’e nacht wei te krijen. De beammen steane der ûnoantaastber by, heech, swartgrien, ek sy wurde, in bytsje stiif noch, súntsjes wekker en lykje gapsk te kreakjen. Lange rigen reade boskeamelders binne drok dwaande mei it ferfieren fan allerhanne saken en guod dat de koloanje goed brûke kin.… Lês fierder

Anne Feddema

Befrijing

logo.ensafh

De frou lei mei de eagen wiid iepen en folslein oanklaaid op har bêd yn ’e healtsjustere sliepkeamer. Op in tafel stie in iepensteande koffer mei ferheistere kleanguod deromhinne en derop smiten. Yn ’e fierte klonk it dreunen fan artillery, it front kaam stadich tichterby. It wie oarloch, dea en ferneatiging sochten har skynber sûnder muoite op ’e nij in wei yn ’e wrâld. Moarnier soenen se har ophelje, se gong nei famylje oan ’e kust, fier fan alle oarlochshannelings ôf. De lêste dei thús hie lykwols prachtich west. De sinne skynde fan ier oant let en de roazen bloeiden, al in pear dagen.… Lês fierder

Anne Feddema

Sosjalistysk wûnder

logo.ensafh

De ingel op ’e trekker rydt oer in ikker.
Dat fine de boeren machtich moai.
Dat wurdt noch wol wat mei dy nije maatskippij. Se jûchheie.
Noch mear ingels komme en siedzje mei de hân.
Hja siedzje fleurige pigminten en pleatse panielen yn ’e grûn
Dan komme der mannen mei petten en revolvers en jeie alle ingels fuort.
De natoer moat no har wurk dwaan dus krije alle boeren in nekskot.
It is it âlde én it nije. Op en yn ’e kluten in tompe God.
Earne takommend jier soenen der Ikoanen út ’e grûn komme moatte.… Lês fierder