Marcel Plaatsman

Yn it museum

logo.ensafh

No’t ik wer in museumkaart ha, en twa berntsjes, sjoch ik no en dan in museum fan binnen. It sil in jier of tsien lyn wêze dat ik foar it lêst in museumkaart hie. Wol wurke ik noch in hoartsje yn in biermuseum, mar dat wie in âlderwetsk museum, mei ynformaaasje en in gronology en fan dy dingen. Wat ik tsjintwurdich yn museums sjoch is hiel wat oars.

Yn ’e trein nei it Spoarweimuseum hie myn âldste soan it hieltiten oer it ‘Stoomtreinmuseum’. Dat koe wol wier wêze, dat we nei in museum oer stoomlokomotiven ûnderweis wiene, dat de oare lju yn ús treintsje begriepen him wol.… Lês fierder

Anne Feddema

Kertier

logo.ensafh

 

 

It is in kertier
Foar de oarloch
Zeno tinkt:
De helte fan in kertier
Dêr wer in kwart fan
Dêr in achtste fan
Dan in sechtjinde
Dan in twaentritichste
Ensafuorthinne….
Dan wurdt it
Nea oarloch

Dat hie er moai betocht
Yn dat kertier
Foar de oarloch

Dat kertier
Dat no foarby is

It is oarloch.… Lês fierder

Henk Nijp

Errors

logo.ensafh

Error 404, of faaks ‘fout tijdens verzenden, 0x800CCC78’, hoe faak soe frou Biesheuvel-Vermeijden dy meidielings op har byldskerm foar har noas krigen ha. Of soe se nei twa kear tocht ha ‘ach, lit ek mar ..’? Jaqueline Biesheuvel-Vermeijden hat al in moai skoft de funksje fan ‘ûnôfhinklik adviseur yntegriteit foar leden fan de Twadde Keamer’. Om krekt te wêzen sûnt 1 jannewaris 2020. Dus al rom twa jier. Yn al dy tiid hat it bêste minske mei mar ien (1) inkelde fraksje kontakt hân. Yntegriteit is dochs wol in ûnderwerp fan gewicht yn ús parlemint soe men sizze, genôch akkefytsjes ha sa út en troch de krante helle.… Lês fierder

Lomme Schokker

Fluesketin en blauprinte leafde

logo.ensafh

Oranjewâld, Friesland/Holland, sneon 28-06-1969. Dear-dearder Deborah, dearest penpal,
Nee, wie werklik net dronken yn myn lêste brief, hie gewoan it maitydsmerakeljen = springgiddyness yn myn boppeste brein. Bin in bytsje gek, dat witst dochs? De wrâld is in skoutoaniel, my dear, dêr ha ik sa myn eigen partsje yn te spyljen. Ha dat net fan mysels: Shakespeare. Dyn brief kaam fan ’e moarn oan om 09:17 en hat der wer te lang oer dien… Kinst oare kear please-please rapper weromskriuwe? Top datst triple-A hiest op dyn skei-natuer-wiskunde eksamens! Dus do dêr yn New Jersey hast al summerbreak, wylst wy hjir skoaltechnysk besjoen noch twa wiken omwjirmje moatte!… Lês fierder

Jelma Knol

De Novinsje stelt nea teloar

logo.ensafh

Odessa is in elegante stêd oan de Swarte See. Dat duorret net lang mear. Tsjechov liet dêr syn roman It duel spylje. Duellearje: in earfolle wize om in konflikt te besljochtsjen.

Wylst wy yn in sniebui nei Grou ride foar de útrikking fan de Joast Halbertsma-priis spilet der hieltyd in dichtrigel troch myn kop: ‘April is the cruellest month.’ Jawis, foar dy miljoenen dy’t no op ’e flecht binne of yn de kjeld bombardearre wurde en wa wit bestookt mei senuwgassen. ‘Se kinne mar it bêste opfongen wurde yn Poalen, dat is opfang yn de regio,’ seit de dûbelspion fan it Kremlin.… Lês fierder

Piter Boersma

de dirk a. lambertszkade del

logo.ensafh

 

 

fan de fechtkant ôf de kade del
in iere maaitiidsdei begjin maart
de sinne skynt út in skjinne loft
it eastewyntsje is noch wat skraal
ea de skieding tusken ûntginnings
rint de kade no troch it wetter
rjochts beskut it wetterwingebiet
dan de iepen loenderfeanskeplasse
lofts earst in sleatsje en in stik lân
dan de rûne iepen wide blik
it sicht frij om’t alles noch keal is
it pluzich restant fan sigaren
op frijsteande brúngiele stâlen
de stoarmen fan in pear wike lyn
ha slim húshâlden in ravaazje
de elzebeammen yn folle bloei
de manlike hingjende katsjes
de froulike aaifoarmich rjochtop
wy jouwe ús op in bankje del
dat ús earder net opfallen wie
myn frou hopet op iisfûgeltsjes
dat se hjir binne heart se altyd
noch nea ha wy se te sjen krigen
en dan is dêr ús fêste bankje
yn ’e lijte fan strewelleguod
by de útsjochtoer op it westen
it is it útsochte plak foar ús
in sparkeljen fan tagedienens
ik beklim even it útsjochpunt
eagje nei merkels en túfeinen
hear dan noch ien de trep op kommen
yn fytsklean mei in fierrekiker
ik hear him iisfûgeltsjes sizzen
oft ik se al sjoen ha freget er
nee mar hy oant no ta ek noch net
hy wiist dan nei in stripe tichby
op wat dat op in betonplaat liket
en dêr rjochtoerein yn ’e wâl stiet
in nêstplak foar iisfûgels seit er
ta ferfanging fan hege wâlen
yn de plaat in tal fleangatten
yn de opmsiten grûn dêrachter
harren nêsten in soarte fan tunnels
yn de tiid dat se jongen hawwe
sjochst de âlden yn- en út fleanen
dat sil myn frou moai fine sis ik
en begjin tsjin de fûgeltsjeman
oer de stoarmskea op it kadepaad
hy fynt dat it foar de natuer goed is
de stoarmen ha opromming hâlden
ûnder dat wat swak en tenein wie
sûn en sterk krige sa de romte
him tankjend foar wat er ferteld hat
en foar syn wize wurden gean ik
om myn frou optein by te praten
mar sy hat it allegear al heard
wie gau by it wurd iisfûgeltsje
oereinsketten en neierkommen
sa sjochst mar seit se dat in praatsje
mei immen jin fertuten dwaan kin
op de dirk a.… Lês fierder