Anne Feddema

De roch en it harmoanium

logo.ensafh

It seach der nei út dat de kjeld definityf út ’e loft ferdwûn wie. Jûkelburd hie him weromlutsen oant de folgjende winter. De maitiid wie yn oantocht. In mylde, sâltige maartske wyn weage troch Oostende en berikte ek de sinnen fan fiskferkeaper Hespel. Yn himsels bearend rûn de man by de kratten del dy’t justlyn by him ôflevere wienen. Earsteklas guod, dat wie wol dúdlik. It die bliken dat it mar wat wier wie wat men sei: ‘Goede waar priizget himsels.‘ Withoefolle eagjes seagen him klear, ja sels hast skarlúnsk oan. No en dan klapte der in sturt. Hespel song wolris mei de fisk, sa soe hy no bygelyks in fraai maitydsliet ynsette kinne en der dan goed op lette hokker fiskbekjes it meast ritmysk meibewege soenen.… Lês fierder