Anne Feddema

Laitsje

logo.ensafh

De minsken kinne better om jo laitsje as om jo gûle… seit men gauris. Ik wit it net, ik tink dat dat hiel ferskillend wêze kin. Persoanlik fyn ik it noch moaier as ien om jo laket mar eins gûle moatte soe en dat der noch in tredde persoan of mear by binne dy’t dat meikrije. Of om eat laitsje… as der immen in soarte fan laitsoanfal kriget by it beharkjen fan in fioelsonate fan Bach. It kin allegearre samar. Oanlieding, omstannichheden… de keunst yn ’e breedte soe net sûnder kinne.

Mar nocht oan ûnnocht? … soe dát in funksje hawwe kinne?… Lês fierder

Harmen Hospes

Boer siket frou

logo.ensafh

Frege: in jongfeint om op myn frou te passen.
Learewei 7 Flânsum

Dizze advertinsje stie yn de Ljouwerter krante fan juster. It like my wol wat. As myn freonen der achter komme, sille se sizze: Neat foar dy, Hylke jonge, kinst net iens op dyn eigen frou passe. Dêr ha se gelyk oan, oars wie myn frou net mei de buorman gongen. Hoe dat kaam? Ja, wat sil ik sizze, se woe wat oars, út ‘e sleur wei. Ja, dat woe ik ek wol mar ik die it net, sy wol. Spitichernôch hie de buorman gjin frou, dan hiene wy ruilje kinnen.… Lês fierder

Lomme Schokker

Skrebbelje

logo.ensafh

Sûnt in lytse tsien jier spylje ik it spultsje Wordfeud = Scrabble op myn mobyl, mei altyd itselde stel freonen en kunde. Myn partners binne allegear froulju en – op ien âld-kollega en de buorfrou nei-, jierrenlange freondinnen fan myn frou. Bytiden rattelje wy faker en langer as dat ien fan ús sa nedich de measte punten behelje moat. Mei ien fan myn partners ha ik ûnderwilens by de stân fan hjoed 5074 potsjes spile en wy steane op ’e kop ôf presiis gelyk. It giet ús inkeld om eefkes wat mei-inoar te dwaan yn de lege tuskenpoaskes fan it deistich pielen.… Lês fierder

Giny Bastiaans

“Allegear ferantwurdlik”

logo.ensafh

Ha wy de koroanakrisis krekt hân. Lizze wy ynienen wekker fan in freeslike oarloch yn Oekraïne. Fielt noch akeliger as koroana. Yn wat wrâld binne wy mei elkoar bedarre?
De bylden op TV en yn ’e krante binne net mei droege eagen oan te sjen.
Ik hie al in kollum klear. In fleurige kollum. Dy kin no gewoan net. Fielt net goed.
Mar earlik is earlik, ik zap de oarloch op TV ek wolris fuort en set in domme kwis oan. Nei in kertierke tinkst: ‘Wat sit ik hjir eins te dwaan?’ Oekraïne yn ’e brân en ik hoopje dat de sympatykste fan de kandidaten de striid wint.… Lês fierder

Jelma Knol

Jouwert Jouwertsma

logo.ensafh

Soms is it hearlik om werris kleare antymilitaristyske taal te hearren:
‘De keunst fan it minskeslachtsjen telt ús net ûnder har ferearders. Mar wy leauwe ek net, dat immen dy’t dizze Soldate-brieven lêst, folle mei de militêre saken opkrije sil. Hja jouwe in dúdlik byld fan ’t soldatelibben, hja binne wier. Inkelden soene sommige útdrukkingen dy’t deryn foarkomme, wol beskave hawwe wolle, mar dêrmei soe ’t wiere weifalle, en just de wierheid is learsum.
No springt it yn ’t each, wat ferbetteringen der nedich en mooglik binne. As wy jit in leger hawwe moatte, dan is ’t wis net om oan te fallen, mar allinne om ús festinglynjes te ferdigenjen.… Lês fierder