Anne Feddema

Earste snie

logo.ensafh

Kommissaris Emil Appelquist rûn yn ’e dizenige hjerstbosk. It wie midden novimber en it soe him net ferbaze as meikoarten de earste snie falle soe. Fan alle kanten kaam it skrassen fan grouwe swarte roeken, dy’t op ’e al folslein keale tûken sieten, op him ta. Appelquist hie lêst fan syn teannen om’t er learzens oan hie dy’t him eins ien of twa maten te lyts wienen.
It byld fan it lytse fanke mei har reade learskes en giele reinjaske koe er net maklik fan it netflues krije. Se hie der fredich by lein op in soart bêdsje mei blêdsjes oer har hinne, as hie de dieder har gewoan bestoppe foar it sliepen gean.… Lês fierder

Anne Feddema

Mors Voluntaria

logo.ensafh

As de âlde Romeinen
Sit ik steatlik yn bad… Mar!
Net as Archimedes hear
Alde Griken ha altyd gelyk
Mei myn massa ferpleats ik
Moanne, Sinne, Stjerren
Gjin molekulen wetter
Ik hoech der net in oar by
Myn neakenens is fan my
As in âlde Romein
Iepenje ik myn ieren
Reade Magelhaeske
Wolkens waarm libben
Beklaaie aaiwite himelhûd
Ik wurd ien mei it hielal
No sil de reis begjinne
Mar wêr?…wêr binne?
Moanne, Stjerren, Sinne?
Mors Voluntaria
De dea falt ek net ta.… Lês fierder