Anne Feddema

Ik kuiere yn ’e kjeld nei Köpenick

logo.ensafh

Goethe die in reis
Nei Itaalje
Rilke nei Ruslân
Obe Postma hat
Nei Harns ta west

As oare minsken
De ien mear oars
As de oare binne
Hja werom kaam

Ik kuiere yn ’e kjeld
Nei Köpenick
Oer de wite
Wuhlheide
Song stikken
Ut ’e Winterreise
Ik wie noch net in
Oar minske wurden
Kaam se lykwols
Wol tsjin
Goed ynpakt allegear
It skeelde in jas
Mei de dei derfoar
Hast beferzen kaam
Ik oan yn Köpenick
En sloech dêr
In skronfelich mantsje
Ut syn unifoarmsjas
De reis werom wie
Stikken waarmer
Myn skonken kamen
Sa heech as de keale
Wuhlheider beammetûken
Ik rûn yn prusyske paradepas
It militêr wêzen siet my in it bloed
De wyn helle bot oan
En gûlde oer de heide:
Wat stiet in unifoarm dy dochs goed.… Lês fierder

Anne Feddema

Net foar elkenien

logo.ensafh

De trije hearen yn trijedielige pakken, sieten mei strange gesichten efter in grutte, strak foarmjûne tafel. Se wienen lykwols net werklik strang mar foar de gelegenheid hienen se allegearre it antlit yn’e selde beferzen blik setten, as hiene se fan te foaren oerlis hân en mei elkoar ôfpraat, dat dit no ien kear de meast geskikte oanpak fan dizze saak wie. It gehiel seach der ek wol wat út as in sêne fan in toanielstik en dat gefoel waard noch fersterke trochdat de mannen op in ferheging sieten, in poadium, fan it soarte sa’t je dat noch wol tsjinkomme kinne yn doarpshuzen.… Lês fierder

Anne Feddema

Rhinocerus

logo.ensafh

Op 20 maaie 1515, arrivearre op in skip, in noashoarn, yn ’e haven fan Lissabon. Sûnt de tiid fan ’e Romeinen, dy’t de folsleine fauna fan Noard-Afrika opbrûkt hienen foar harren sirkussen, hie nimmen mear sa’n manjefyk dier yn Europa sjoen. De mannen dy’t oan it wurk wienen op ’e heal boude toer fan Bením seagen yn elts gefal harren eagen út. Kening Manuel I fan Portugal wie tige optein oer syn kado út Yndia en koe fan ’e spanning mar min sliepe.By it lemieren foel de kening dochs noch yn ’e sliep en dreamde. Yn ’e dream dûnse de noashoarn op twa poaten troch it paleis hinne en joech imitaasies fan oare bisten… sa as in hoanne, in ko, in hûn en in kat.… Lês fierder