Anne Feddema

Nammen

logo.ensafh

Almuñécar, 21 jannewaris 2022,
Ha lêzers, ik skriuw dizze kollum op in hotelkeamer yn Súd-Spanje en ik kin de see hjir hearre.
Ik sit hjir no fiif dagen en haw al fan alles sjoen.
Mar earst efkes oer it waar, in ferhaal of roman skine je der better net mei begjinne te kinnen mar in kollum wurdt leau ik net neamd.
Allinne mar blauwe loft en sinne kin ik jimme sizze.
Alle dagen 15-18 graden…ik krij sels al in bytsje in mediterrane Picassokleurharsens.
En dêr hawwe we de man al: Picasso, de geniale skilder en ien fan myn grutte helden. Picasso, de man mei trije musea op syn namme.… Lês fierder

Giny Bastiaans

Titus Brandsma en de Fryske taal

logo.ensafh

De ferneamde Karmelyt Titus Brandsma (1881-1942), oait as professor ferbûn oan de universiteit fan Nijmegen, fermoarde yn Dachau, ha ik altyd in waarm hert tadroegen. As Boalserter gie ik as bern faak mei ús heit te rinnen. En meastentiids gienen wy gau de stêd út om bûtenút in paad te folgjen. By Ugokleaster wiisde ús heit dan nei de pleats dy’t dêr stie. Op in spesjale toan sei er dan: “Dêr is pater Titus hikke en tein”. Heit fertelde dan wat Titus allegear dien hie, benammen yn ’e oarloch en wêr’t de pater foar stie. En no, yn it jier dat Titus Brandsma hillich ferklearre wurde sil, is it faaks wol aardich om hjir wat te fertellen oer pater Titus.… Lês fierder

Piter Boersma

tún

logo.ensafh

 

 

 

I

in fûgel yn ’e flecht it absolute
it spesifike is dat ik der nei sjoch
in griente- en blommetún it ivige
it fergonklike dat wat ik der mei doch

II

yn ’e tún ûnder de nachthimel toevje
my fludds wurd en kiefers keunst yn ’t sin bringe
hûnsstjer en hûnsblêd oaninoar skroevje
de myte mei in goed glês wyn byminge

III

ik bin gjin lânbouwer yn in himpen kleed
mar wol ien dy’t giet foar it wurk op ’e tún
mei in glês wyn yn ’e hân laitsje ik breed
mar foar spitskoal blaast myn siel de bazún

IV

op ’e tún wurkje is iten foar myn liif
lêze yn liezi jout oan myn geast syn krêft
as ik op ’e tún stean krijt myn holle rêst
yn it boek lêze is myn liif ta geriif… Lês fierder

Cornelis van der Wal

Friduwih Riemersma: ‘Myn binêre koade’, in sinjalemint

logo.ensafh

Yn it (Hollânsktalige) petear Friduwih Riemersma dicht als een ouderwetse vernieuwer mei it Friesch Dagblad die Friduwih Riemersma, dochter fan Trinus, te witten dat se okkerdeis in online kursus poëzij-skriuwen folge hie. It risseltaat fan dizze opdiene wiisheid is de min as te mear yn eigen behear by útjouwerij Grotesk útjûne dichtbondel ‘Myn binêre koade’. It is Riemersma har debút as dichter.

‘Myn binêre koade’ befettet proazagedichten, dat wol sizze poëzij yn proazafoarm. Yn West-Europa waarden begjin19e iuw al proazagedichten skreaun, dat ik sjoch de fernijing net daliks. Nyk de Vries en Geart Tigchelaar beoefenje dit sjenre ek yn it Fryske taalgebied.… Lês fierder

Froukje Postma

Els

logo.ensafh

Els stiet mei de fuotten yn it wetter. De wyn is kâld, it wetter noch kâlder, mar de sinne is al waarm. It rimpelige oerflak fan de mar skitteret, it wetter klokt sêft by de wâlskant op.
Se fielt dat der in spanning yn de loft hinget. Is it de wyn dy’t it meibringt, binne it de fûgels dy’t deroer sjonge, is it de fochtige ierde dy’t it har ynflústeret? Se wit it net, mar se fielt it oan alles.
It lytse sânstrantsje is leech, it boarterstúntsje in eintsje fierder op  ferlitten. Noch wol.
Oer in pear moanne, dan sil it hjir wer drok wêze.… Lês fierder

Beart Oosterhaven

Pearels fan tekst en muzyk

logo.ensafh

Nei al hast fjirtich jier yn it muzykfak sitten te hawwen, wie Sytse Haima fan Weidum ferline jier ta oan syn tredde soloalbum (sawol cd as elpee): Rûs op ’e line. Hoewol’t dat wat minder lykwichtich is as syn foarige skiif Tsjin better witten yn?, hat Haima mei ‘Rûs’ fannijs gâns pearels fan tekst en muzyk tafoege oan syn al mar útdijend oeuvre.

Boustiennen

De earste boustien fan dat oeuvre wie de finylsingle ‘Don’t let your head hang down / Rainy day blues’ fan ’e groep F.U.C., út april 1983. As sologitarist fan dy band hie Sytse Haima beide nûmers skreaun en komponearre tegearre mei slachgitarist en sjonger Pier Koopmans.… Lês fierder