Anne Feddema

Wij komen aan in Sint-Niklaas

logo.ensafh

Ik gong nei Machelen om it grêf te sjen
It grêf fan Gerard Reve
No wie dat net de wiere reden
(Mar it begjin is foar yntertekstuelen)
Yn ’e trein Antwerpen-Gent
Sittend op in bonkehurde bank
Tocht ik oan myn Flaamske Frienten
En in skomjend Bolleke
Bûten rûn Dulle Griet
Mei restanten fan Schalulleke
Yn stiltme lies ik in
Opljochtsjend skerm
‘Wij komen aan in Sint-Niklaas‘
België altyd oars as oars
By ús komt Sinteklaas earne oan
Ik krige nocht yn Maes
En dan fuort in liter
En dêr einlings… gau derút
Stasjon Gent St-Pieter
Middeis ha ik dan dochs it grêf sjoen
It grêf fan Gerard Reve
It lei der as in swarte monolyt
Iensum yn it snústerich waar
Ik hearde :
‘Weidzje myn lamkes’
‘Hoedzje myn skiepkes‘
Ik seach omheech
Stoep op it grêf
It klonk leech
Uteinliks kaam ik dochs
Noch oan myn gerak
Nei Westmalle, Corsendonk
Verboden Vrucht en in
Pauwel Kwak

En it ein fan dit relaas
Ik doch dit jier wer ris oan
Sint-Niklaas.… Lês fierder

Anne Feddema

Norsk husflid

logo.ensafh

Edvard Munch siet op ’e râne fan Fedde Friezema syn hotelbêd en skodholle.
‘Nee,’ sei de âld baas, wylst klauwend en pûlkjend oan syn grize stoppelburd, op in wize sa as Fedde noch nea earder ien ‘nee’ sizzen hearde, as hie er yn dat lytse wurdsje alle ellinde en fertriet fan ’e hiele wrâld sammele. Mar Fedde hie stadich oan genôch fan it gelul fan ’e meast ferneamde keunstner fan Noarwegen. Dy’t nammers, wier is wier, wol de reden wie dat er yn Noarwegen wie. Fedde woe nei it Munch Museet yn Oslo om einlings mei eigen eagen de ‘GJALP’, te sjen, ien fan ’e grutste ikoanen út de West-Europeeske keunstskiednis.… Lês fierder

Daniil Charms

Histoarjes fan Himelkomôf

logo.ensafh

I
Himelkomôf obstrewearre in fanke yn ’t finster tsjinoer. Mar it. fanke fan tsjinoer seach gjin inkelde kear rjochting Himelkomôf.
Dat docht hja, omreden dat se skruten is, tocht Himelkomôf.

II
Himelkomôf beskildere syn gesicht mei griene inket en gong. by it finster stean. Dat se allegearre tinke sille: dat is in aparten ien, sei Himelkomôf tsjin himsels.

III
De tabak wie folslein op, en Himelkomôf hie neat mear te smoken. Hy sûgde oan ’e lege piip, mar dêr waard de saak noch slimmer fan. Sa gongen ien, twa oeren foarby. Doe wie der wer tabak.

IV
Himekomôf rjochte syn skerpe eagen op in fanke en joech har yn tinzen, opdracht de holle nei him om te draaien.… Lês fierder

Anne Feddema

Dea lâns de dyk 1

logo.ensafh

Foar Drs. P. (1919-…)

We ride
Troch Ruslân
Yn in bus
Earne yn ’e ‘Gouden Ring’
Tusken Suzdal en St. Petersburch
Sit ik haha mar mei dy aap
Dat lilke ding
Ik ûntkom der net oan
Dan flitst eat foarby
It liket hiel gewoan
Tusken dream en bjirkebeam
Foar it rút fan ’e rjochterkant
Minsken yn fleurige klean
Se steane ticht by elkoar
Dat is no net mear ferbean
Mar wat hie ik sjoen?
Mei dizze eagen
Draai film fluch werom
It wie de dea op skreagen
In kiste mei in lyk
Samar yn it sicht
Samar lâns de dyk
Man, frou
Jong, âld
Ha ik sa gau net sjoen
Lokkich is it net kâld
Lichem kin maklik yn ’e grûn
Men hoecht net te hakjen
Dêrnei sille se grif drinke
Ite, miskien fan boarden
Ea noch kocht yn
It Paradys op ierde
Yn Moskou
It warehûs
Goem.… Lês fierder

Anne Feddema

Mao, hoe giet it mei jo?

logo.ensafh

Is it Mao? Mao syn Dong?
Nee, ’t is Mao, Mao Zedong
Syn tong? Nee, Zedong
In kleurich minske
Dat is wis wis wier
Mei syn reade boekje
Hoi Sin holle mei syn
Swart kliemsk prúkje hier
Mei Wah bleek Bao Pao búkje
Yn ’e Yangtse
Grutte giele rivier
Laket hy syn grutte griene
Boeretoskeplaquetosken bleat
Yn’e rivier
Yn’e sleat
Nei de jonge boerefroulju
Nei de Foe Young Aaifandelerfankes
Wol hûndert kear rôlet
Hy mei syn Tûzenjierrige Sechuan sek
Grutte geile giele roerbakker
Reade piperkakker
Kul turele revelúsje
Kul turele revelaasje
Hoi Min Sin bargespek
It lit Mao blaublau
Ni Hao
Mao miicht yn ’e rivier
De grutte giele rivier… Lês fierder

Anne Feddema

Moarns op ’e berch

logo.ensafh
Caspar David Friedrich - Wanderer über dem Nebelmeer

By it skilderij ‘Wanderer über dem Nebelmeer’ fan Caspar David Friedrich.
 

Godferblaut
Nearenachtlik
Berchgegûl
D’iere kuierder
Tinkt, tankt no
Foar ’t foar him
Ynderlik lizzend
Fiersicht nije sinne
Stien stipet stiltme
Stinnende treast
Flarden foar dyn
Each dizigens
Lûke op
Dêr leit it dan

Grut ferheven
Fielings do…
Dyn eigen
FlechtlingLês fierder