Lomme Schokker

Mear as lok en seine

logo.ensafh

Krekt foar de krystdagen krigen wy de nijjierskaart fan Consuelo, Kolombiaanske kunde út Amnesty fermidden fan lang lyn. Wy seagen der al in setsje nei út. Sûnt se mei har Mariëlla yn Bentveld wennet, is har selsmakke kaart elk jier wer in manjefyk keunstwurkje. Dit kear stie der op it omslach in fotokollaazje fan in frou dy’t op de grûn leit mei touwen om ’e nekke en de ankels. Mids in idyllysk winterlânskip fol snieflokken yn de foarm fan Covidspikes en kalligrafyske haadletters leit de frou fêstbûn ûnder in optuge en ferljochte krystbeam. Yn de top fan de beam hinget in útfergrut krús.… Lês fierder

Anne Feddema

Myn broerke

logo.ensafh

Myn broerke leit op bêd yn in keamer op in ôfdieling fan it sikehûs. Ik draai de film mar yn wurden werom om de ôfstân oan te jaan ta it gewoane deistige libben…mei thús. Hy leit der mei Koroana en hy hat it hiel dreech. Hja hawwe him al sein dat er net nei de Yntinsive Soarch, de IC, kin.
Yn febrewaris fan dit jier hat er in harsenynfarkt hân, sûkersykte relatearre, sa as se dat neame.
Hy hat alsa ûnderlizzende mankeminten en syn lea kin dat soart yntinsive soarch…op ‘e bûk lizze, yn koma brocht wurde, ensfh. net oan. As syn lichem it sels net rêde kin, dan is it ferhaal klear.… Lês fierder

Henk Nijp

Krysteinen

logo.ensafh

De beam rûgele noch krekt net genôch om derút, mar it ljocht fan de stjer foar it rút kaam al net mear oan en Chris Rea wie al lang wer ûnderweis foar it wurk. De krystdagen sieten der wer op. Fan it krystmiel wie noch in moai protsje oer. Eins hiene wy earste krystdei al te folle hân en waar om in slach om wie it ek net; griis, dampich, eastewyn en glûpende kâld. Wêr’t it idee fan in ‘Witte Kerst’ weikomt… As wy de tv-reklamespotsjes leauwe moatte, wurde winkelweintsjes yn dy snuorje selsridende Tesla’s, longerjend nei wat waarmte en is de ein fan desimber altyd ferpakt yn in tsjokke snietekken.… Lês fierder

Catharina Lautenbach

Oer-moed

logo.ensafh

Yn de fierte blaaike in skiep. It klonk kleiend. Twa, trije kear, dêrnei wie it benearjend stil. It duorre in skoftke; doe sette it skiep op ’e nij in kiel op. Miskien moatst it lamje. It gie troch alles hinne.
Se hâlde har hannen oer de earen en it gûnzjen fan har bloed mong mei de lûden yn de fierte. Ynienen wie it dien. Blakstil waard it. Mar net lang. Se waard kjel fan elk nij lûd: it tsjotterjen fan in sprinkhoanne, it kichje fan har mem en sels – of krekt – fan in guorreltsje yn har búk.
Har tinzen waarden nau as smelle stegen.… Lês fierder

Giny Bastiaans

Net mear as fjouwer

logo.ensafh

 

En dêr hiene wy dus wer sa’n parsekonferinsje mei Rutte en de Jonge. Dêrnei tink ik dan altyd: Wêr binne wy dochs yn bedarre? En wer kinne wy fan ’t jier net ‘gewoan’ de hiele famylje om ’e tafel nûgje mei de Kryst.
Mar dan fynt myn frustraasje meastal gau in útwei. Yn de kreativiteit fan de minsken om my hinne. Hoe’t elk der dochs altyd wer wat op útfynt om it gesellich te meitsjen.
Mar fjouwer minsken op besite? Ach, in stel is eins ien. Dus kinst fjouwer stellen útnûgje. Of: Meist mar fjouwer persoanen op ien dei op besite ha.… Lês fierder

Gerrit de Vries

Huuuuhh

logo.ensafh

 

 

 

seit de jonge yn de rolstoel
syn heit fuorret him in iisko
wat soe sa’n jonge tinke

wat binne we fijn fuort heit
ik woe dat ik dy sizze koe
hoe heech at myn need is

aanst rint de giele miich
my by de skonken del
it is in waarm gefoel

mar nei in skoft begjint it
te jûkjen en te stjonken
fielt it kâlder

as it sitroeniis
datst my mei lytse leppels
ynjitst tige dankewol hear

of soe er filosofearje
dat de ierde om de sinne draait
it ljocht yn in spektrum te skieden is

raande iiskodrippen falle troch swiertekrêft
enerzjy en massa itselde binne
of dat it hyt is ûnder de tekken

de jonge mâlbeart wakker
syn heit seit
dat hy genietet

Huuuuhh seit de jonge nochris
as woe er eat dúdlik meitsje
sjoch dêr rint in swarte kat

ik tink dat it in dichter is… Lês fierder