Anne Feddema

Man sylt troch blau hielal

logo.ensafh

Foar Gerrit Benner
Lit it útspansel spanseljend ljochtjierren ljochtsje
Lûk ûndertusken de burd fan in God, bliuw attint
As dyn stjerre-eagen mar fûnkje en fjurkje
As dyn reade lea lâns leafde fol wolkens sylt
As it blau fan it wetter de loft en oarsom is
It hiele hielal dyn byld en bea
Wês dan dyn eigen kleurryk wûnder
Readen, gielen, grienen, swarten
Sykheljend sykjend silend
Ach ja tink fral oan de blauwen
Oars eins neat!… Lês fierder

Anne Feddema

Doktor Joseph Goebbels Goes Duck

logo.ensafh

Wie it net Walt Disney dy’t sei…
‘When I hear the word culture I unlock my revolver’.

Herr Doktor Goebbels sit op it strân
Fan it Baltysk badplak
Bad Heiligendamm
Syn lofterpoat is tsien sintimeter koarter as syn rjochter
As gefolch fan Osteomyelitus
Bonkemoarchûntstekking
Mar dat sjocht gjin minske
Want Goebbels is troch ien fan syn sân bern
Oan’t syn kin yn ’t sân begroeven
Undertusken sjocht hy mei nocht nei moaie noardske froulju
In soad ha swart hier
Ien op de trije is mar blond
Seit syn each fol statistyk

Ik sil in dekreet útfeardigje litte
Dat swart- én brúnhierrige froulju har hier
Mei peroksyde bleekje litte moatte
Read froulju binne kommunisten

Dan falt him ynienen wat yn
Miskien is syn idoal Doanald Duck
Wol in swarte ein en hat omke Walt
Him yn ’e peroksyde smiten
Goebbels moat laitsje
En docht in nuvere mime imitaasje
Fan de dan ek al wrâldferneamde ein

Frou Magda G.… Lês fierder