Giny Bastiaans

Hûdferlet

logo.ensafh

Wy rûnen tegearre it Dokmondpaad. In kuiertocht fan Dokkum nei Egmond. By Starum stutsen we oer nei de oare kant.
Nei trije dagen rinnen yn Noard-Hollân kaam de abdij fan Egmond yn it sicht, dêr’t wy in pear dagen bliuwe soene. Wy moasten oanpoatsje want fóar 16.00 oere ynchecke.
Ik krige it nuveraardige gefoel yn eardere tiden bedarre te wêzen. Rinnend op de tuorren yn ‘e fierte ta . As yn de midsieuwen. Dat je fóar’t de poarte slút, yn ’e stêd wêze moatte, oars wurdt it behelpen yn it ‘Húske te let’, in lyts ûnderkommen foar reizgers dy’t de stedspoarte ticht fûnen.… Lês fierder

Giny Bastiaans

Nada te espante

logo.ensafh

Nei’t myn leave J. sân jier ferlyn ferstoarn wie, tocht ik wolris: No, dat wie it dus. Myn libben. It is al foarby. Sa mar ôfbrutsen. Yn dy dagen tocht ik ynienen oan in foarfal fan jierren lyn. It spile yn Lagos yn Nigeria, it lân dêr’t wy doe wennen. Op in jûn wienen J. en ik útnûge foar in diner by minsken út India. Yn in ûnbidich grut hûs, grôtfol gasten, genôch personiel. It wie in fleurich feest, hearlik iten, minsken yn kleurige klean. Tusken de gongen troch wie der tiid om efkes fan ’e stoel ôf.
Twa froulju kamen op my ta.… Lês fierder

Giny Bastiaans

In kreaze âlde dame

logo.ensafh

Ik hie in nije ôfspraak makke by de baly fan de toskedokter en doe’t ik fuortrinne woe, kaam der krekt in kreaze âlde frou út de praktykromte.
Ik sis frou, mar eins wie it in dame. Dame, is dat wol geef Frysk? Ha wy dêr wol in goed Frysk wurd foar? Of besteane der gjin dames yn Fryslân?
Mar goed.
Ik tink dat se de tachtich al helle hie. Kreas jurkje oan, jaske deroer, moaie ketting om. Bytsje eachskaad op. Bytekene en gelikense wynbrauwen, al wiene it net fan dy hippe Frida Kahlo boarstels.
Sa soe ik der ek wol útsjen wolle, as ik sa âld bin.… Lês fierder

Giny Bastiaans

“Allegear ferantwurdlik”

logo.ensafh

Ha wy de koroanakrisis krekt hân. Lizze wy ynienen wekker fan in freeslike oarloch yn Oekraïne. Fielt noch akeliger as koroana. Yn wat wrâld binne wy mei elkoar bedarre?
De bylden op TV en yn ’e krante binne net mei droege eagen oan te sjen.
Ik hie al in kollum klear. In fleurige kollum. Dy kin no gewoan net. Fielt net goed.
Mar earlik is earlik, ik zap de oarloch op TV ek wolris fuort en set in domme kwis oan. Nei in kertierke tinkst: ‘Wat sit ik hjir eins te dwaan?’ Oekraïne yn ’e brân en ik hoopje dat de sympatykste fan de kandidaten de striid wint.… Lês fierder

Giny Bastiaans

De sân finkjes man

logo.ensafh

Dy sân finkjes man, fan Joris Luyendijk, dy hat my yn ’e besnijing. Dat sa’n man, mei syn sân finkjes, de measte kâns hat om in machtich man te wurden.
Dat hy man is, is al in finkje wurdich. No ja sis! Dat jildt ek as hy hetero is, wyt, FWU of gymnasiumdiploma hat, universiteit dien en op syn minst ien âlder hat dy’t yn Nederlân berne is, ryk en/of heechoplaat.

Ik betocht hoefolle fan sokke sân finkjes manlju ken ik dan wol?
Om’t ik al wat langer libje, ken ik al aardich wat manlju, of ha se kend, mei macht.… Lês fierder

Giny Bastiaans

Titus Brandsma en de Fryske taal

logo.ensafh

De ferneamde Karmelyt Titus Brandsma (1881-1942), oait as professor ferbûn oan de universiteit fan Nijmegen, fermoarde yn Dachau, ha ik altyd in waarm hert tadroegen. As Boalserter gie ik as bern faak mei ús heit te rinnen. En meastentiids gienen wy gau de stêd út om bûtenút in paad te folgjen. By Ugokleaster wiisde ús heit dan nei de pleats dy’t dêr stie. Op in spesjale toan sei er dan: “Dêr is pater Titus hikke en tein”. Heit fertelde dan wat Titus allegear dien hie, benammen yn ’e oarloch en wêr’t de pater foar stie. En no, yn it jier dat Titus Brandsma hillich ferklearre wurde sil, is it faaks wol aardich om hjir wat te fertellen oer pater Titus.… Lês fierder

Giny Bastiaans

Net mear as fjouwer

logo.ensafh

 

En dêr hiene wy dus wer sa’n parsekonferinsje mei Rutte en de Jonge. Dêrnei tink ik dan altyd: Wêr binne wy dochs yn bedarre? En wer kinne wy fan ’t jier net ‘gewoan’ de hiele famylje om ’e tafel nûgje mei de Kryst.
Mar dan fynt myn frustraasje meastal gau in útwei. Yn de kreativiteit fan de minsken om my hinne. Hoe’t elk der dochs altyd wer wat op útfynt om it gesellich te meitsjen.
Mar fjouwer minsken op besite? Ach, in stel is eins ien. Dus kinst fjouwer stellen útnûgje. Of: Meist mar fjouwer persoanen op ien dei op besite ha.… Lês fierder