Jouke Hylkema

Fyftich jier lang ‘de grutste’

logo.ensafh

Dit fraachpetear hie ik op 23 oktober 2008 mei in jubilaris, hy wie doe fyftich jier lang bestjoerder by deselde organisaasje. In ympresje oer immen dy’t altyd te min tiid foar himsels hie. Sa as er seit: ‘Elke sekonde is opgien oan myn berop as bestjoerder, ik hie inkeld in relaasje mei myn wurk. In iepenhertich petear mei…

‘It is hjoed fyftich jier lyn net?’
‘Ja…fyftich jier al… merakels wat giet it hurd net!’
‘In hiele prestaasje dochs ek…fyftich jier foarman wêze fan litte wy sizze, ‘de lytste minderheid’ fan ’e wrâld!’
‘Is it ek…al fyn ik dat it wurd ‘minderheid’ wat in negatyf bylûd hat… mar ek wat jo oantsjutte as ‘lyts’…lykas soe it te krijen hawwe mei ús stal.… Lês fierder

Jouke Hylkema

De jildigens fan it minskwêzen

logo.ensafh

De jildigens fan it minskwêzen.

Diskear yn Farsk in ympresje út in supermerk fan de famylje ‘Suizss’ dêr’t it alhiel in keale boel wie fan ’e wike. Ik haw krekt foar in pear miljoen euro boadskippen ôfrekkene by de kassa en tropje se yn myn rêchtas. It meast needsaaklike wat je mar betinke kinne; in pear pakken jochert dy’t al eefkes oer datum binne,músly, trije pakken sulverfluesrys, fiif appels yn in plestikpûdsje, trije bananen, en in doaske aaien fan fjouwer wike âld.
Hawar,ik mei net sangerje, ik haw wer in wike te iten. Lokkich dat ik thús ek noch wat iten yn blik haw, tonyn, salm en ananas.… Lês fierder

Jouke Hylkema

Besakje litte

logo.ensafh

Hjoed in fraachpetear dat ik fan ’e wike hie mei de direkteur fan it lânmjitkundich buro Saapma&Slomme út Ljouwert. Hobbe Saapma is al jierren in soarte fan tuorkewatcher. Hy set him wakker yn tsjin ’e skeefgroei fan bekende histoaryske tuorren. Stedsfernijing en histoarje bite mekoar noch wolris.
It begûn mei de ynteresse foar de Aldehou, mar it waard mear in mear ûnderdiel fan syn ûntwikkeling as arsjitekt. Hjoeddedei wurde syn beoardielingsrapporten dan ek troch de ynternasjonale parse oanhelle, stedsplanologen fan Parys oant Londen hâlde rekken mei syn miening. Sa wie de Ljouwerter fan komôf der mar min oer te sprekken dat er net op ’e hichte brocht waard fan fan de oanlis fan it nije metrostasjon ûnder it Aldehouster Tsjerkhôf, sa’t jo witte in toaniel fan tal fan fersakkings.… Lês fierder

Jouke Hylkema

Moat kinne

logo.ensafh

Fan ’e moarn om in oer as sân bin ik op wei gien út it hotel yn Nairobi. It is no fiif oeren letter. Ik ryd mei in gonkje as sechtich oer it hite asfalt fan ’e A 109 rjochting Mombassa, sawat de iennichste knappe asfaltdyk yn Kenia, it wurdt sels in ‘highway’ neamd. In waarme loftstream komt troch it iepensteande rútsje fan ’e jeep en mingt him mei it hege lûd fan in gitaar dat út ’e autoradio komt. It readbrún en griengiel fan ’e wyldernis sûzet stadich foarby op it ritme fan ’e bengamuzyk.
Op it stuit fan dizze twadde alinea bin ik sawat op hichte fan ’e ôfslach Mariwenjyi.… Lês fierder

Jouke Hylkema

Anty- faksistysk gebakje

logo.ensafh

‘Hawwe jo dit makke?’ frege de Dútser oan de skilder.
‘Nee jo dochs…!?’ kaam it der suver feninich út.
‘Haw ik wat…? Haw ik dat makke…?’ frege de man ferheard.
‘Ja, jo en jo brúnhimdige kollega’s!’
‘Hoe sa brúnhimdich…? It stiet dochs kreas sa’n boesgroentsje? Ik bin trouwens ek mar gewoan útfierder fan wat my opdroegen wurdt!’
‘Alle fassisten neame harsels útfierder…lykas dat de measte politisy tinke de miening fan harren folk te fertsjintwurdigjen, it giet harren hast altyd om it eigen hachje, it draait faak út op ’e loop fan in gewear…bommen goaie op minsken dy’t harren just frijmeitsje wolle fan… lokaal machtsmisbrûk bygelyks!’… Lês fierder

Jouke Hylkema

Fraachpetear mei ierpeliters

logo.ensafh

Hjoed sit ik oan it waarmmiel by de famylje Borger. Hja wenje in lytse arbeiderswente earne yn ’e Bouhoeke. Heit Borger wol leaver net mei namme en adres yn dit ferslach neamd wurde want hy is in ienfâldich man en hat gjin ferlet fan bekendheid. Heit en mem Borger en harren trije dochters libje fan in lyts hoekje lân.

‘Lêsten woe der in man fan dat programma fan ‘e NCRV, Man Bijt Hond komme te ierpeliten, mar dêr hawwe wy foar bedankt. Sa njonkenlytsen wol Jan en alleman by ús delkomme.’
‘Is it wier dat jimme it hiele jier troch ierpels ite?’… Lês fierder

Jouke Hylkema

Potsje mei aaien en nuten

logo.ensafh

Hy siet efter it buro, lies wat stikken troch en nipte foldien oan ‘e kofje. Noch in pear wike en dan wie er frij man.
Hy seach ris by it liif del: lokkich koe er noch tusken de fuotten troch de flier sjen, hy wie noch like slank as by syn oanstelling, nea de kantsjes der ôfrûn.
Sa mimere er wat troch doe’t de boade himsels oankundige mei de ynkommende poststikken ûnder ’e earmtakke, de lêste nijtsjes fan it ôfrûne wykein, wat nije agendapunten, mar boppe al in kanne mei farske kofje. De man kaam wat ûnhandich oer, hy hie wat in reade kleur.… Lês fierder