Berber van der Geest hâlde fan moaie dingen. De lêste jierren seach ik har geregeldwei by de konserten yn de Waalske Tsjerke, dêr’t wy nei sjongers as Henk Neven en Johannette Zomer harken. En dan makken wy in praatsje en seine wy tsjininoar hoe geweldich wy genoaten en hoe moai it wol net wie dat sjongers fan dit nivo yn Ljouwert kamen, om te sjongen foar in publyk fan heechút 90 minsken.
Dy moaie dingen, de skjintme fan soms hiele deistige saken, koestere se ek yn har wurk as beukerliedster. Se liet my by har thús oan de Pieter Langendijkstrjitte yn Ljouwert ris in doaze sjen mei fynsten dy’t se yn it beukerûnderwiis brûkte.… Lês fierder