
Ynienen stiene wy stil. Foar ús gloeiden noch yn stikmannich reade efterljochten. It wie roettsjuster, der waaide in heale stoarm en it reinde al de hiele reis; de rutewiskers hiene noch gjin tel rêst hân. Ik roai dat wy sawat de tweintichste auto wiene yn ’e rigele foar de brêge fan de Stevinslûzen. Mar it koene der ek in pear mear wêze. Fierderop knipperen wat reade ljochten, dy’t, sa ornearre ik, wol fan de slachbomen fan de brêge wêze soene. Ik tocht by mysels ‘hokker skipper wol yn ’e goedichheid mei dit hûnewaar jûns tsjin sânen perfoarst nei de Iselmar of sa nedich de Waadsee op’ mar ja, wat wyt ik dêr úteinlik fan.… Lês fierder