Skermer

De hannen (en earms) fan Kokoschka

logo.ensafh

Ynienen tink ik der oan. Jierren lyn seach ik op in útstalling fan wurk fan Oskar Kokoschka yn de Kunsthalle yn Emden ek in tal fan syn portretten en selsportretten. It foel my doe op hoe prominint it plak wie dat de hannen en earms ynnamen, krúslings en grut foar it boarst lâns of op in oare wize.

Ik besef wer dat hannen – myn eigen net iens – net myn spesjale belangstelling ha. Ik brûk myn hannen en sjoch der fierders net nei om, no ja ik waskje se en knip de neilen. Ik soe myn hân net beskriuwe kinne, ek net dy fan myn frou, wol dat se faak as se praat de hannen derby brûkt.… Lês fierder

Skermer

Ynienen tocht ik it

logo.ensafh

Ynienen tocht ik it.
Ik wie de jûns nei iten mei de auto nei de krite riden dêr’t ik om ’e twa moanne wol in kear kom.
Feangrûn, wetter, reid.
Ik wit net oft myn gedachten doe bewust op syk wiene nei wat.
Wol is it sa, dat as ik dêr bin alles yn my wagewiid iepen stiet. Ik fiel my dêr net gewoan.
Mar ynienen tocht ik it.
Ien fan ’e dingen dy’t ik altyd doch is op ’e polderdyk fan ’e brede Langesleat stean, dêroer en oer de djippe polder oan ’e oare kant hinne nei de dizige wylge- en elzeboskjes fan ’e wetterwrâld fan ’e Alde Feanen dêrachter sjen.… Lês fierder

Skermer

Wat is dit?

logo.ensafh

Lit my de frou bestudearje.
Dat sil ik.
Wat sil ik?
Lit my de man bestudearje.
Dat sil ik.
Wat sil ik?
Lit my de slang bestudearje.
Dat sil ik.
Wat sil ik?
Lit my de foks bestudearje.
Dat sil ik.
Wat sil ik?
Lit my de bear bestudearje.
Dat sil ik.
Wat sil ik?
Lit my de liuw bestudearje.
Dat sil ik.
Wat sil ik?
Lit my de mûzebiter bestudearje.
Dat sil ik.
Wat sil ik?
Lit my de mûs bestudearje.
Dat sil ik.
Wat sil ik?
Lit my de ôfsjitter bestudearje.
Dat sil ik.
Wat sil ik?

Ik sis tsjin mysels: ‘Tink mar ris nei.’… Lês fierder

Skermer

Myn inerlik lichem meldt him

logo.ensafh

Ik fiel my los en net bestjoerd troch mysels.
In skip dat lossmiten is.
Ik driuw los om yn mysels.
Lykwols bin ik net dêr’t ik bin.
Ik bin licht yn ’e holle.
Ik ha ek pineholle.
Ik fervje de keamer, ik doch de tún.
Mar ik bin net ferbûn.
In oar docht it.
Ik ha net it idee dat wat ek mar no in boei wêze kin.
Immen opsykje net.
In praatsje op ’e dyk net.
Mei myn frou op bêd gean net.
In ein fytse net.
It lân yn rinne net.
Nei muzyk harkje net.
Ik ha gjin hâld.… Lês fierder

Skermer

Alde masters

logo.ensafh

Alde masters. Se binne te finen yn keunsthistoaryske museums. It is ek de titel fan in boek fan de Eastenrykse skriuwer Thomas Bernhard, Alte Meister.

Ik bin in skilderijmuseumfretter. Ik strún alle museums yn Nederlân ôf en as der earne in útstalling is fan in grutheid bin ik der by. Ik kom ek wol oer de grins. Lêsten ha ik nei Frankfurt am Main west nei de earste grutte oersjochútstalling fan de Italiaanske renêssanseskilder Sandro Botticelli. Mei de trein. De moarns op it Hearrenfean om ien minút oer seizen, yn Zwolle en Arnhem oerstappe, om alve oere hinne yn Frankfurt op it ymposante, njoggentjinde ieuske kopstasjon mei rûne oerkappingen en neoklassike foargevel, fierders alles modern.… Lês fierder

Skermer

Ik wit it even net

logo.ensafh

Ik nim myn taflecht ta it boek Straw Dogs. Thoughts on Humans and Other Animals fan de Ingelske filosoof John Gray. Sa net, ik lês it yn it Nederlânsk en ik sitearje der wer út yn it Frysk. Ik stap fan wolk op wolk en dat wylst ik it even net wit. Ik moat goed útsjen, my konsintrearje. As sit ik achter it stjoer.
Yn it haadstik ‘Wierheid en gefolgen’ stiet:
‘Humanisten leauwe dat wy, as wy ien kear weet ha fan ’e wierheid, frij wêze sille. Troch dat te befêstigjen ferbyldzje se har dat se wizer binne as tinkers út earder tiden.… Lês fierder

Skermer

Yn godsnamme nei Veere

logo.ensafh

Ik ha in prachtich moarnsskoftke hân. Ik ha mei de rêch nei it rút ta sitten om de sinne lekker op my skine te litten en ûnderwilens in noch prachtiger boekje lêzen, Brieven uit Veere. Noch prachtiger ja, want it giet te fier om te bewearen dat ik niis yn it Nirwana tahâlde, mar de brieven komme dêr wol wei.

It boekje is noch mar krekt út en doe’t ik dat lies ha ik it daliks kocht. Der stean twa brieven yn fan Nescio (ps. J.H. (Frits) Grönloh), mei in moai en nijsgjirrich neiwurd fan Lieneke Frerichs, dy’t Nescio syn sammele wurk en earder al in histoarysk-krityske útjefte fan Nescio syn earste en ferneamdste ferhaal De uitvreter besoarge hat.… Lês fierder