‘In bern moat him yn it ferhaal weromkenne kinne en moat ek tinke fan: dat soe my ek barre kinne.’
Thys Wadman (1956) is hikke en tein yn Snits, as soan fan Anne Wadman en Hylkje Goïnga. Hy folge de Pedagogyske Akademy yn Snits en wurket sûnt 1979 yn it basisûnderwiis. Fan 1986 ôf wie er haad fan de iepenbiere basisskoalle yn Koudum, no yn Nijhoarne. Yn 2010 ferskynde syn earste ferhaleboek De fûgelklup. Yn datselde jier kaam ek de ferhalebondel De oerwinnings fan Tido Houtsma út. Foar dat boek krige Thys yn 2013 de Simke Kloostermanpriis. Yn 2011 ferskynde De bisteboel fan Omke Roel, ferhalen dy’t Thys makke hat by ferskes fan Hindrik van der Meer.… Lês fierder