Anne Feddema

Eben-Haëzer

logo.ensafh

In bytsje dwyl yn ’e holle sit ik op ’e fyts. Ik bin op wei nei de teststrjitte yn wer in oare strjitte, in lokaasje dêr’t eartiids in boumerk yn siet. Mûlekapke foar, kom ik de grutte romte binnen en sjoch fuort de minsken dy’t dêr op my wachtsje en net allinne op my fansels. Mar it is der net drok en ik kin sa trochrinne foar myn ôfspraak. Se hawwe allegearre deselde soart beskermjende klean oan mei brillen op en spatskermkes foar. It liket hast wol oft ik bedarre bin op ‘e set fan in film mei in apokalyptyske grûntoan, dy fan firus en it oanjeien fan sykten.… Lês fierder

Marcel Plaatsman

Nei it boek

logo.ensafh

No’t myn boek ôf is, wachtsje ik. Sa’n boek is eins nea klear, hear. Mar ik kin der no neat mear oan feroarje, dat hat de drukker sein, dat it is wol definityf. Ik kin neat mear dwaan, ik wachtsje.
No wit ik dochs al net sa goed mear wat ik dwaan moat. It is in soartemint lockdown, in boek ôf hawwe.

Mei’t it winter wurden is, kin ik de kroan op ’e tsjerke wer sjen. It is sels slimmer as earst, doe’t der noch in beam foar myn hûs stie. Dêr is fan ‘t jier de bliksem ynslein, yn in nacht dat ik sels net thús wie, mar op Tessel.… Lês fierder

Eric Hoekstra

Laudatio Eeltsje Hettinga fanwegen syn Gysbert Japicx-priis 2021

logo.ensafh

Oan my as fertsjintwurdiger fan de Fryske Akademy de eare om in laudatio út te sprekken foar Eeltsje Hettinga. Hy kriget de Gysbert Japicx-priis foar de gedichten dy’t er skreau yn syn funksje as ‘Dichter fan Fryslân’ tusken 2017 en 2019. Hy fertsjinwurdige Fryslân yn it romrofte jier 2018 dat Ljouwert / Fryslân kulturele haadstêd fan Europa wie.

Hoe sille wy him priizgje, dy’t de namme hat te wêzen in ‘enfant terrible’ fan de Fryske literatuer? Wy priizgje him om deugden dy’t er sels yn eare hâldt. Ik kies trije út:

• De leafde foar it moaie fan taal
• De leafde foar gerjochtichheid
• De leafde foar it frije wurd

Eeltsje Hettinga hâldt fan taal, fan smoute taal, fan moaie útdrukkingen, fan de Fryske taal.… Lês fierder

Giny Bastiaans

Drek Kwientsies

logo.ensafh

Buorfrou A. kaam wat boeken bringe foar myn ‘Lytsebyb’ bûten. ‘Wolst ek tydskriften ha?’ frege se. ‘No nee, juh,’ fûn ik, ‘want wat wolst der dan wól of wat wolst der dan nét yn ha? En ik wol der gjin rommel yn ha. Inkeld boeken dus.’
‘O,’ sei se, se seach wat sneu, en kaam doe feninich: ‘Of fielstû dy dêr te goed foar? Foar in lekker rabbelblêdsje?’
‘Jawis,’ sei ik like feninich werom. ‘Net te goed, mar miskien te min. Of soks.’
‘Uuh,’ sei se, ‘hoe bedoelst?’ Dat wist ik eins ek net en ik skode dêrom mar gau har boeken yn it boekekastke.… Lês fierder

Duo von Däniken

Winkelsintrum Suite

logo.ensafh

Yn de neilittenskip fan Berend Folkertsma (1945-2009) is it manuskript fûn fan in ek wol hiel aparte komposysje: Winkelsintrum Suite. It giet hjir om in oade oan in winkelsintrum yn Dokkum. De fjouwer ûnderdielen binne: Gall & Gall, Snackpaleis, Aldi en C 1000.

De komposysje wurdt hjir útfierd troch de famylje Hamstra, fan Hantum.

 

 … Lês fierder