Giny Bastiaans

Lekker

logo.ensafh

‘Agoeie’, hearde ik efter my. Dat koe net misse, dy stim wie fan Afke. Dy koe sûnder mankearen gesellich oer de grins fan oardel meter hinne prate.
Afke kaam ik gauris tsjin yn de Appie Hein. En dan hienen we altyd itselde petear. No is it net sa dat Afke en ik al jierren goede freondinnen binne, wy hawwe noch noait by elkoar oer de flier west. Mar as koroana der net tusken kaam wie, wie dat der ûnderwilens grif in kear fan kaam.
Afke en ik, wy binne lotgenoaten. En dat jout in bân. Wy hawwe yn deselde tiid de man ferlern.… Lês fierder

Jelma Knol

Erasmus, in man foar alle iuwen

logo.ensafh

Print is net mear fan dizze tiid, hearre wy allegeduerigen. Underwilens lês ik in boek wêryn’t de yntroduksje fan print yn Europa beskreaun wurdt, sa’n lytse seis iuwen lyn, en hoe’t dat no krekt foar in grutte yntellektuele revolúsje soarge. It giet om de biografy fan Erasmus troch Sandra Langereis. In hearlik boek. Se neamt ús kosmopolityske Rotterdammer in ‘dwarsdenker’, mar de skriuwster soe dat etiket ek wol op harsels plakke meie. Want dit is gjin gewoane biografy. Langereis beskriuwt op in tige konkrete manier de oergong fan de perkaminten hânskriften nei it folle goedkeapere beprinte papier. Jo kinne aanst thús oan de hân fan har beskriuwing sels papier skeppe, as jo dat wolle.… Lês fierder

Klaas Rusticus

Yn ’e fuotprinten fan Majoar Bosshardt

logo.ensafh

Tekst fûn op in oan twa siden beskreaun snústerich papier op ’e boaiem fan in jirpelkistke.
Datum: de 11de fan ’e blommemoanne 19 (kladde fan it ien as it oar, ûnlêsber).
Ferslach fan in gearkomste fan debatingclub Loquitur et Audit yn it sûterrain oan ’e Spinozasingel nr. 63. It is nei tsienen en fan in debat is net folle mear te merkbiten. De preses, Mies Zwatelaar van Afferden, hat it offisjele diel ôfsletten mei in dronk op ’e reednerskeunst, de folibiliteit of de elokwinsje. Fuort dêrnei foel hja fan it lytse poadium dêr’t jo as preses op stean moatte as jo in offisjeel diel ôfslute.… Lês fierder

Syds Wiersma, Geart Tigchelaar

Twatalige dichtbondel OAR HÛS / ET ANDET HUS presintearre yn Aarhus

logo.ensafh

Twatalige dichtbondel OAR HÛS / ET ANDET HUS woansdeitejûn presintearre yn it Deenske Aarhus

Woansdeitejûn 16 juny waard de Deensk/Fryske dichtbondel Oar Hûs / Et Andet Hus presintearre op it ynternasjonale literatuerfestival LiteratureXchange yn Aarhus. Sân oanwêzige dichters – trije Fryske, fjouwer Deenske – droegen foar út de nije bondel, foar in moai protsje publyk fan oanhing en ynteressearren. Geart Tigchelaar hie de lieding. Hy wie dêrfoar de oanwiisde man, want de bondel azemet syn kreätiviteit en organisaasjekrêft. Mei Carsten René Nielsen makke er it grutste part fan de oersettings en hy skeat de swart-wytfoto’s fan Aarhus dy’t troch de bondel hinne struid binne.… Lês fierder

Elmar Kuiper, Geart Tigchelaar

Gedicht ‘Aarhus’ fan Elmar Kuiper

logo.ensafh

De foardracht fan it gedicht ‘Aarhus’ fan Elmar Kuiper is in foarpublikaasje fan de twatalige blomlêzing ‘Oar hûs / Et andet hus’ (Hispel 2021) mei dêryn fjouwer Fryske dichters (Elmar Kuiper, Geart Tigchelaar, Cornelis van der Wal en Syds Wiersma) en fiif Deenske dichters (Annemette Kure Andersen, Tomas Dalgaard, Peter Laugesen, Mads Mygind en Carsten René Nielsen). In filmke fan Geart Tigchelaar.

Lês fierder

Henk van der Veer

Sundachskyn

logo.ensafh

 

 

fanmòrren lúden de klokken fan ’e Groate Kerk
krekt even un bitsje anders as anders
fleurech en útgelaten om dyn komst an te kondegen:
Nouvé van der Veer sundachskyn út Amsterdam

de lucht is swanger fan nieuwe dagen
in ut tòpke fan ’e treurwilg boven de Kerkracht
slaat un sanglyster fleurege toanen an
dúkt aalskòlver hotel-de-botel kòpke onder

iedereen mach ut wete at ik as groatse pake groatfader
un wibelech roestfrij stalen trapke opklim
om ’e flach út te steken

un Indise frou in westerse klearen trippeltrappelt foarbij
siët mij ferwonderd an, doët un klein dúmke omhooch
en seit dúdelek en helder: ‘selamat bertunang’
de weareld is dyn speultún Nouvé

wees fan harte welkom jonge
we make der wat moais fan… Lês fierder