Janneke Spoelstra

‘hij börtet licht mei dyn beeld fan’

logo.ensafh

De titel fan ’e debútbondel fan Joël Hut is börtersgrut. De boarters binne grut, sa lês ik de titel. It liket ek wat op ‘boartersguod’. Boarterij foar grutte minsken?

De bondel is yn trije skiften ferdield: ‘spul. wat der is’, ‘spul. wat der spile’ en ‘spul. wat der spile is’. Giet it yn it earste skift om ‘spul’ yn ’e sin fan guod? Yn it twadde en tredde om it spyljen fan spultsjes, it spile hawwen fan spultsjes? We sille sjen.

Elk skift hat 8 gedichten. Der wurdt boarte mei taal, dat is al gau dúdlik, de taal fan ’e Súdwesthoeke.… Lês fierder

Marcel Plaatsman

De reade moanne

logo.ensafh

De moanne moast grut en read wêze, mar ik seach der neat fan. Oare dagen wie de moanne om healwei tsienen goed te sjen, boppe it dak en net foarby de iene beam dy’t tsjin de wyn yn woeksen wie. Mar no net. It wie ljocht genôch om it opskrift op it boerd noch te lêzen, „Vanavond Supermaan – 21:40 op z’n mooist”, en 21:40 wie it, dêr koe it net oan lizze. Ik soe de dyk mar op om nei te gean oft dy moanne wol te sjen wie.
We sieten op Tessel, noch altyd. De wyn, de dyk, de loft en net te folle oars.… Lês fierder

Anne Feddema

Libben fan in keunstner

logo.ensafh

Hjoed is it moandei, 26 april, in strieljend blauwe loft. De keunstner hinget op ‘e bank en skriuwt in kollum. Dan komt him yn ‘t sin dat er de wask ophingje moat en dat moat no barre, oars bliuwt de wask te lang yn ‘e masine sitten en rûke de klean aanst wer net lekker fris. Ik bedoel mar: sa’n begjin…om te koarjen. Hoe húsk wolle je it hawwe?…krije? Miskien wolle de minsken (hokker binne dat nammers?, útsein de oare redaksjeleden) leaver lêze dat ik, foar’t der in stikje bôle nei binnen kin, earst in liter ferheuging fuortwurkje moat. Dat ik healsmoar nei de bakker of supermerk moat en ûnderweis fan alles en noch wat tsjinkom.… Lês fierder

Henk van der Veer

Lunchroom

logo.ensafh

 

 

ik kuier su faak met mijself deur de stad

ut liefst nòch foardat de winkelmeiskes
de swartgele flaggen an de gevels hange

in gedachten fersonken
kear ik teruch naar wat weest het
– ik liek ferdomd wel un échte dichter!-

op ’e Middenbrugge, hartsje Sneek ,
met foarjaarsdampen boven
ut Groatsaanwater,
is ut dan mar un fluitje fan un sent
om in un sucht en un skeet
tegare met oans moeke
handsje in handsje te lopen
onderwech naar Lunchroom Lageveen

foar un púdsje petat
met un klodder mayonêze

ik kuier su faak met oans moeke deur de stad… Lês fierder

Henk Nijp

City of wat….?

logo.ensafh

Wy befine ús hjoed yn it ‘Gemeentekantoor Leeuwarden’, ja dat gebou by de Aldehou. It is yn de iere maitiid 2021, mar it is kâld, geduerich falle der maartske buien en sa no en dan is it plein foar it gebou oer folslein wyt fan ‘e hagelstiennen dy’t ek noch yn ‘e flecht, yn hechte gearwurking mei de wyn, de ruten dêr tamtearje. It is noch lang gjin maitiid sa as maitiid bedoeld is. Men soe der waarsiik fan wurde.
It is stil yn it gebou, want der hearsket noch hieltiten koroana; dêr sit ek al gjin skot yn.
In protte amtners wurkje thús, meie net iens op it wurk komme en hja ‘zoome’ hiel wat ôf.… Lês fierder