Buorfrou A. kaam wat boeken bringe foar myn ‘Lytsebyb’ bûten. ‘Wolst ek tydskriften ha?’ frege se. ‘No nee, juh,’ fûn ik, ‘want wat wolst der dan wól of wat wolst der dan nét yn ha? En ik wol der gjin rommel yn ha. Inkeld boeken dus.’
‘O,’ sei se, se seach wat sneu, en kaam doe feninich: ‘Of fielstû dy dêr te goed foar? Foar in lekker rabbelblêdsje?’
‘Jawis,’ sei ik like feninich werom. ‘Net te goed, mar miskien te min. Of soks.’
‘Uuh,’ sei se, ‘hoe bedoelst?’ Dat wist ik eins ek net en ik skode dêrom mar gau har boeken yn it boekekastke.… Lês fierder
Bastiaans. Giny
In mislearre Snollebollekes liet
‘Ik moat der wol oan wenne, hear,’ suchte freondin T. ‘Wat wie it in kabaal!’
‘Wat no, juh? Watfoar kabaal? Dy fleantugen?’
‘Eh nee, op dy reüny, fan it ôfrûne wykein. Ha ’k dy ommers wol ferteld? Dy famylje-reüny. Ik bin sokke groepen minsken net mear wend. Nei de koroana stilte. Dan krigest somtiden mar ien minske op besite. Mar no sietst ynienen yn in hokfol. Mei goed tritich minsken. Dy’t allegear tagelyk wat fertelle wolle.’
‘Gesellich dochs?’
‘Jawis, mar ik tocht op in stuit al: Wêrom raze se allegear sa? Soene se ûnderwilens allegear dôf wurden wêze?’
‘Minsken wienen bliid om elkoar wer ris te sjen,’ tocht ik.… Lês fierder
Ferkeard ynskat
Yn it healtsjuster stie ik by de pompoenen ferwoest de 47ste slak troch te knippen. Ik skrok my sawat in ûngelok doe’t ynienen freon M njonken my stie.
‘Wat dochstû no?’ tettere hy yn myn ear.
‘Dat sjochst dochs wol?’ raasde ik werom.
‘Hoechst net sa te razen,’ sei er fyntsjes, ‘Ik bin net dôf.’
‘Dat bist wol,’ snaude ik werom, ‘mar dêr giet it no net om.’
‘Ik fyn dat neat foar dy,’ sei er, en aaide my oer de holle mei de oprôle krante dy’t er yn ’e hân hie. ‘Oars pakst se altyd sachtsjes op. Dochst de slakken yn in ammerke en dan yn de kontener!’… Lês fierder
Lekker
‘Agoeie’, hearde ik efter my. Dat koe net misse, dy stim wie fan Afke. Dy koe sûnder mankearen gesellich oer de grins fan oardel meter hinne prate.
Afke kaam ik gauris tsjin yn de Appie Hein. En dan hienen we altyd itselde petear. No is it net sa dat Afke en ik al jierren goede freondinnen binne, wy hawwe noch noait by elkoar oer de flier west. Mar as koroana der net tusken kaam wie, wie dat der ûnderwilens grif in kear fan kaam.
Afke en ik, wy binne lotgenoaten. En dat jout in bân. Wy hawwe yn deselde tiid de man ferlern.… Lês fierder
Habtamu
Ik kaam har yn it sintrum fan Burgum tsjin. Wat seach se wyt om ’e snút. Dat wie ek gjin wûnder, se hie har man in pear wike lyn ferlern.
Ik frege hoe’t it mei har gie. Mar dêr joech se gjin antwurd op.
‘It giet net goed mei de partij,’ sei se. ‘Mar ja, dat is gjin nijs. Myn man hat him der dea oan ergere. Hy sei: “Se meitsje it der ek nei. Dat se net mear op ús stimme. Alles is ommers opdoekt. It ombudswurk, fakbûnswurk, de reade roas op 1 maaie. Yn ’e ried sitte gelearde minsken, mei in goed ynkommen.… Lês fierder
Sutelje
De Antarctica man stie foar de doar by buorfrou. Ik fernuvere my der al jierren oer dat sa’n man noch altyd klanten hie. Hy wie de lêste der Mohikanen sis mar, fan in lange rige sutelders dy’t oait oan ’e doar kamen of troch de Buorren giene om wat te ferkeapjen.
Tûzen jier lyn kaam der by ús ek sa’n ien. Earst wie dat Klaas de Djipfriesbaas, dêrnei kaam Jelmer, troch de bern ûnearbiedich: Jel de kâlde frikandel neamd. Mar dat koe him neat skele. Hy krige by ús in bakje kofje. Mei wat derby. En de bern wiene wer dik tefreden mei in fikse doaze Raket iislollys yn de djipfrieskist.… Lês fierder
Moai rêstich..
Ik moast by de stienhouwerij wêze om no einlings in beslút te nimmen. Oer in stien, in tekst, in plak.
De útfeart hie al fiif jier ferlyn plakfûn, mar de urn mei myn leave deryn stie noch altyd thús. Dat koe om my wol sa bliuwe, mar dat hie hy net wollen. Hy wie foar dien wurk meitsje. Besluten nimme.
En ja, oait soe ik dy kant dochs ek útgean. En watfoar kant, dêr woe ik sels eins wat oer te sizzen ha.
Yn de hal fan de stienhouwerij die ik fuortdaliks in stap werom yn de tiid. Mar dêr wie ik oan wend, die ik dat alle dagen net, noch hieltyd, in kear as wat?… Lês fierder