Hidde Boersma

‘Wat een Fries beweegt’

logo.ensafh

Juster line ik mei de earmtakken op ’e balustrade fan ’e galerij fan it flatgebou yn Kanaleneiland dêr’t ik in appartemint hier. Myn buorfamke gie de doar út en sei by it passearjen: ‘Even van het laatste zonnetje genieten!?’
‘Zeker,’ kaam it út myn mûle. Wylst ik fierder line frege ik my ôf oft se werklik miende dat ik stie te genietsjen fan it ‘lêste sintsje’. It like der hjoed op dat de hjerst no echt oan ‘t mâltjirgjen slaan sil, mar goed, ek yn de winter wjerkeatst it sinneljocht wolris op ’e iisbaan.
Ik stie dus te lynjen. Dêrfoar hie ik al besocht om te lêzen yn in stúdzjeboek foar in fak dat ik falle litten ha, en ik hie in pear foto’s nommen fan it útsjoch.… Lês fierder

Hidde Boersma

Ienfâld

logo.ensafh

Ik bin in ko
en ik stean yn ’e stâl
en godtank
ha ’k neat te krijen
mei eamelerij
oer hegere nivo’s
fan bewustwêzen

(8 febrewaris 2008 ferskynt Hidde Boersma’s dichtbondel ‘De rop om Doede’ by de Friese Pers Boekerij)Lês fierder

Hidde Boersma

Folderology

logo.ensafh

Somtiden smyt ik folders troch brievebussen. Dat doch ik foar jild, oars soe ’k der sa gau net oan begjinne. Mei in bûnt selsskip ride wy dan mei in wyt buske, folladen mei folders en fytstaskarren, by it Utrechtse yndustryterrein Lage Weide wei. It moaiste is dan as de Alfa-man de sjauffeur is. Hy ferstiet syn fak. Nea sil ik ferjitte hoe’t er my mei syn bombastyske basstimme opdroech om te folderjen oant it ‘Alphons Diepenbrockplein’.
‘Wat?’
‘Jij loopt tot het Alphons Diepenbrockplein!’
In djippe brok.
It selsskip fan folderders, sa’n fiif buskes fol, is, om it djoer te sizzen, tige plurifoarm.… Lês fierder

Hidde Boersma

Ljochtknopke

logo.ensafh

De nije bondel Hollânske gedichten fan ’e Pionier, dy’t earder ris fungearre as manager fan ús Fryske dichters, waard presintearre yn ’t skriuwershol Perdu te Amsterdam. Populêr is er, de Pionier. Myn heit, de ‘Imammie fan Wiuwert’, en ik hiene reservearje moatten. Dat hiene we net ferwachte. De rigel wachtwurden om binnen te kommen wie: ‘Mijn vader is speciaal uit Friesland komen rijden.’ Nei ‘t ik se (foar de twadde kear) útsprutsen hie, sei de smelle útsmiter: ‘Oké, roep je vader maar, jullie mogen naar binnen.’

De jûn waard presintearre troch twa Peter van Vosses, se kamen fan Zeeuws-Vlaanderen, dy’t de ferhalen fan ’e bruorren Klinkhamer as in reade trie troch de rige performers riuwden.… Lês fierder