It reinde yn Boedapest, de jûn fan tongersdei 2 oktober 2014. Ik liet myn reisgenoat, ôfmêde troch de nachtlike rit nei in betiid fleantúch út Eindhoven wei, efter yn de hotelkeamer en makke in kuier troch de stêd. It wiete Hősök tere (Heldenplein) hie ik foar my allinne. Brûnzen keningen stiene wichtich te wêzen yn in heale sirkel om de reuseftige tinksuil hinne. Op de sokkel dêrfan sân mytyske Magyarefoarsten yn brûns te pearde, snuvend út holle noasters as wiene it ringgeasten fan Tolkien. It reinde troch en ik plaske nei de bushalte werom.
Mei besleine ruten ried de stedsbus oer de nommele Andrássy út.… Lês fierder