Peaskemoandei 9 april 2012 waard te Nijlân de feestlike 25ste edysje fan it Aaipopfestival hâlden. Oft der in oarsaaklik ferbân is, wit ik net, mar fan mar leafst fiif acts dy’t de lêste jierren suksesfol wiene op it festival, nammentlik it Kombo Bauke van der Woude, Souldada, Ljoubjr de Band, dEROELS en NNB, ferskynden koartlyn nije cd’s. Dy fan ’e jonge band NNB, Bjusterbaarlik hurd, waard sels op it lêste Aaipop presintearre. Hjirûnder ‘dopje’ ik al dat nije wurk – dêr’t wol út bliken docht, dat de Frysktalige popmuzyk bloeit as nea tefoaren! – eefkes út.… Lês fierder
Oosterhaven. Beart
Tiid foar wittenskiplik ûndersyk nei Frysktalige lichte muzyk
Op ’e sechsde ynternasjonale streektaalkonferinsje fan ’e Stichting Nederlandse Dialecten (23 septimber 2011 yn Heerde), haw ik yn in lêzing sein, dat de Frysktalige muzyk hjoed de dei ‘draait as in tierelier’. Dat hat wolris oars west! Yn ’e neamde lêzing haw ik ek oanjûn, dat it Frysktalige liet yn ’e 18de en yn ’e earste helte fan ’e 19de ieu frijwat yn ’e ‘nederklits’ siet. Sels by de boarterslietsjes fan ’e bern sloech it Hollânsk doe foar master op!
Nei in oanrin fan goed 20 jier, hat de Frysktalige lichte muzyk sûnt it begjin fan ’e njoggentiger jierren fan ’e 20ste ieu in geweldige flecht nommen.… Lês fierder
In perfekte titel
‘Wot Frysk? Wâldfrysk!’, it earste wurd yndied mei in o!, stiet yn grutte giele letters op ’e efterside fan ’e slúf fan ’e lp Teiwaar yn Tytsjerksteradiel fan Strawelte út 1989. It Wâldfrysk dat dy willepunkband út Droegeham en (wat fierdere) omkriten yndertiid – en letter ek by har geregelde reunys (dêr’t de lêste kear sels de grutte hit ‘Mem fan Doutzen’ út fuortkaam) – brûkte, waard skaaimerke troch in heech persintaazje ‘ynslûpsels’. Ynslûpsels út it Hollânsk wei en út ’e krektneamde omgongstaal fan ’e bandleden, fan wa’t de measten de namme oars as ‘Woodfrysk’ útsprieken.
Dat ynslûpselrike ‘Woodfrysk’ liket de lêste tiid frijwat opgong te meitsjen yn ’e Frysktalige lichte muzyk.… Lês fierder
Foar de helte goed
Nei trije kear Bob Dylan (troch Ernst Langhout & Johan Keus yn 2004 en 2005 en ûnder lieding fan Jan Tekstra yn 2010) en ien kear Leonard Cohen (nei in idee fan Bart Kingma yn 2008), is op ’en nij in grutte Noard-Amerikaanske singer-songwriter mei in Frysktalich cover-album fereare. Diskear is it te rêden om Johnny Cash (1932-2003). Op inisjatyf fan ’e Cash-fans Jacco de Boer en Klaas Land is, mei as titel Fryske Cash. Leafde … God … Moard, in audio-cd ta stân brocht dêr’t 21 nûmers op te hearren binne.
Wat de útfierende artysten oanbelanget, hawwe De Boer en Land har net beheind ta it freegjen fan allinne guon dy’t muzikaal ticht by it country- en rockabillyidioom fan Johnny Cash sels sitte.… Lês fierder
‘Frisikana’ mei in plom
De earste dagen fan juny 2011 tilde it yn Fryslân op fan ’e muzikale aktiviteiten. Himelfearstdei 2 juny waard te Heech it tradisjonele festival ‘Heechspanning’ hâlden, mei ûnder mear oansprekkende optredens fan trûbadoer Jaap Louwes en syn nije begelieder gitarist Nathaniël van Veenen, en fan it trio De Hûnekop. Twa dagen letter wie de (iepenloft)kampus fan ’e Ljouwerter hegeskoallen Stenden en NHL it plak foar de 20ste edysje fan it Lietfestival. Dêrtuskenyn, op freed 3 juny, waard yn in grôtfolle ‘Pleats’ te Burgum de debút-cd Bubbels fan Gerbrich van Dekken presintearre.
Fan ’e trije neamde happenings wie it Lietfestival wat teloarstellend.… Lês fierder
Ynbannigens troef
Guon Frysktalige artysten en acts kinst mar better net live sjen. Se dogge dan nammentlik it byld datst by it hearren fan har plaatopnamen fan harren foarme hast, slim ûnderstek. Yn it echt binne se ôfgryslik ‘leaf’ (Grytsje Kingma), ‘braaf en moraalridderich’ (Bauke van der Woude), en/of hawwe se in poadiumpresintaasje en -útstrieling fan nul-komma-nul: it binne deade lullen.
Fan it lêste is it duo Ljoubjr, dat bestiet út Hedser Jan Tijtsma (sang en gitaar) en Eelke Wiegersma (gitaar), in skoallefoarbyld. By de presintaasje fan harren jongste cd Blauwe moanne, ein-novimber ferline jier te Easterlittens, foel it mear oanwêzigen op: net Ljoubjr, mar de útnoege gastartysten Ernst Langhout en Sytse Haima stielen mei har sterke optreden de show!… Lês fierder
Biezemstokken en bakstiennen
Piter Wilkens as oersetter fan Jim Croce, fia Cornelis Vreeswijk
Foar sjonger-lietsjesskriuwer Piter Wilkens wie 2010 net in min jier. Op 25 maart waard him troch kultuerdeputearre Jannewietske de Vries de Bernlefpriis 2009, de heechste muzikale ûnderskieding fan ’e provinsje Fryslân, útrikt; op 25 july wie er prominint te hearren yn it oan ‘Frisisk Världsmusik’ (Fryske wrâldmuzyk) wijde programma dat it Sweedske Radio 2 dy deis útstjoerde, en op 17 oktober gie syn teaterprogramma ‘De fleanende Hollanner’ yn Stedsskouboarch De Harmonie te Ljouwert yn premjêre, nei’t er earder yn it jier ûnder de selde titel al in nij album mei covers fan Cornelis Vreeswijk útbrocht hie.… Lês fierder