By de yntelliginsjetest op de legere skoalle moasten wy útfine hokker kant in searje kamrêden opdraaiden as de earste linksom gong. Soks koe ik noch neikomme. Mar in horloazje útinoar helje en wer yninoar sette, dat is oare tee.
Fierder ferknoeide ik al reparearjend achterassen fan fytsen, benammen dy mei Sturmy archer fersnelling, balpinnen, fulpinnen, radio’s, in stofsûger, in analooch fototastel, ensafh.
Us heit hie in pear technyske boeken oer automotors, dêrút probearre er my oan it ferstân te bringen hoe’t sa’n motor wurke. Ek dat koe ik foar in grut part – de ûntstekking, it oansûgjen fan brânstof, de silinderslach – neikomme.… Lês fierder
Renssen. Anneke van
z o j b p /Blyn type
Wa kin der no net type? Yn hokker húshâlden stiet no gjin kompjûter!
Dat wie eartiids oars. Ik wit gjin famylje út myn jeugd dêr’t in typmasine stie. Myn earste typmasine kocht ik op in feiling fan de Domeinen yn 1972. Ik hie net op de sichtdagen west, ik rûsde mar wat. Foar 75 gûne, krige ik trije masines, by de ien sieten de letterstangen alhiel yn ’e knoop, de oare wie yn in minne algemiene kondysje, de tredde wie goed. In bakbeest fan in ding, in Remington út de jierren ’50. Bytsje oalje deryn en ik koe type. Dat wie needsakelik wurden troch in dosint Sosjology, dy’t it wegere om hânskreaune stikken te akseptearen.… Lês fierder
Dr8888
Dr8888
Dr8888 is Dr8888, Dr8888 is Dada, Dada is Dr8888.
Dr8888 is it meartal fan Dr8. Op It Hearrenfean hawwe se ien Dr8, wat net itselde is as iendr8, Dr8888 hat mear as ien 8.
Sa kinne wy noch wol in setsje trochgean, w8888, tr8888, ferw8888, fers8888 ensafh, it is een aardich dadaspultsje. Fansels kamen we der op doe’t wy de eksposysje fan Thijs Rinsema en tiidgenoaten yn Museum Dr8888 besochten.
Prachtich om al dat dadaspul wer ris te sjen, hoewol’t wy it idee hiene dat op de Rinsema-útstalling út 1980 [fan Thom Mercuur] noch hiel wat mear wurken te sjen wiene.… Lês fierder
Pepsels (en Rondo’s)
Anneke van Renssen
Pepsels
Tsjintwurdich binne wy nochal kritysk op ekstraatsjes. As wy alris sûndigje dan moat it wol lekker wêze. No hienen wy ússels tastien dat wy yn ‘e fakânsje sa no en dan wol wat ekstra’s hawwe mochten. In kilootsje derby soe net sa slim wêze. Dat bist mei in wike goed oan ‘e lijn dwaan wol wer kwyt. It gong oars. Benammen yn Bosnië die bliken dat de gastronomy dêr neat om ‘e hakken hat. Gjin hearlike patees lyk as yn Frankryk. Gjin Italjaanske gorgonzola en gjin fantastyske chorizo’s út Spanje. Yn de skraach te finen supermerken yn Bosnië wie hast neat te krijen.… Lês fierder
Nije skuon en reade skuon
Anneke van Renssen
Nije skuon
Oait song Ellen ten Damme yn De tranen van Maria Machita (Paul Ruven, 1991) ‘Nieuwe schoenen veranderen je leven.’ De film wie prachtich, mar ik leaude net yn de krêft fan nije skuon.
Ik haw in oare manier fûn om myn libben te feroarjen. Sûnt koart jouwe Willem en ik opskuor. Minsken dy’t ús in skoft net sjoen hawwe freegje foarsichtich: ‘Wat is der mei jim bard? Giet it wol goed?’ As wy yn koar roppe dat it prima giet, komt de folgjende fraach: ‘Wat is er dan mei jim oan ’e hân?’
Wy binne nammentlik slim ôffallen.… Lês fierder
De sterkste man fan Noard Nederlân
Dizze kear wurdt fêste kollumnist Willem Winters beselskippe fan syn partner Anneke van Renssen. Se hiene sûnder dat se it fan inoar wisten in kollum skreaun oer in sneintemideiútsje. Anneke skreau oft it net wat wêze soe om se tegearre te publisearjen. Ja dus.
Anneke van Renssen
Op en Ut
Ik bin sljocht op Omrop Fryslân. Foaral op sneon, want dan is der Op en Ut. Sa hear je noch ris wat der yn Fryslân te dwaan is. Favoryt binne de filmresinsjes fan Jojanneke. Gjin idee wha’t it is, mar se soarget dat ik – filmfanaat en ek goed op ’e hichte mei films – gjin Ljouwerter premjêre mear sjen wol.… Lês fierder