‘Goed ark foar it Frysk is tige wichtich, fandêr dat ik pleite ha foar it griene boekje.’
Jan Schotanus (1950, Jellum) hat de ûnderwizingsoplieding dien oan de PABO yn Ljouwert. Hy krige yn 1972 in beneaming oan in basisskoalle yn Mantgum en folge dêrnjonken de twaddegraads oplieding Nederlânsk. Yn 1980 begûn er mei oersetten, earst njonken syn wurk as skoalmaster, mar hy hat no in fulltime baan oan it oersetten en skriuwen. Hy hat yntusken 12 berneboeken en 7 oersettings fan berneboeken op syn namme stean. Jan Schotanus sette ek toanielstikken oer foar Tryater, en de lêste 25 jier foar it Iepenloftspul Jorwert.… Lês fierder