Jelma Knol

Ferdwaald tusken Bakhuzen en Hoonhorst

logo.ensafh

Jetske Bilker docht yn har nijste roman Spegel en sonde eat dêr’t se bysûnder goed yn is: se leit op in hast comedy-achtige wize it libben bleat fan minsken út kreative beroppen dy’t frjemd geane en soks kamûflearje mei in soad foarsoargen en sa nedich ligerij. Dat docht se op in lichte toan, de karakters fan en de ûntwikkelingen tusken de personaazjes wurdt fierhinne helder yn de dialogen en de plot stekt bysûnder knap yninoar.
Der falt dan ek hiel wat te gnyskjen om de tûkelteammen fan de personaazjes. Diskear is de readhierrige, 55-jierrige Pippy Doutsen van der Hoop, in toskedoktersassistinte dy’t oan de Gerrit Rietveld Akademy studearre hat en ea in suksesfolle keunstneres wurde soe, de haadpersoan.… Lês fierder

Anne Feddema

Met een boekske in een hoekske

logo.ensafh

Atze van der Veen siet as in hearremyt op in skilderij út ’e iere renêssânse, tusken steapels boeken en boekekasten, dêr’t guon planken fan knapt wienen, sadat de boeken, dy’t der op stienen eins leinen op ’e rige boeken dêrûnder. In útspranteljend boekeuniversum. Hjir hearske in guodlike boekegeast, eigner fan in antikwariaat, dêr’t miskien heechút, ien of twa minsken op in dei binnenkamen.
Boeken alsa én goede boeken fansels. Dêr soarge Atze wol foar. Boeken, jawis…heech opsteapele… besteapele… ûndersteapele… fersteapele… neam mar op. In skatkeamer as de tombe fan Toetanchamon… hillige serendipiteit, foar wa’t der tiid en muoite foar naam om by Atze te sneupen en te strunen.… Lês fierder

Tryntsje van der Steege

Ferdwale yn fertalingen

logo.ensafh

Ek wa’t de ôfrûne tiid lekker lein hat te wintersliepen ûnder in dikke swiere stien kin hast net mist ha dat der in soad te dwaan west hat om oersettingen. Ik woe my mar net oanslute yn de rige minsken dy’t al in ‘plasje’ dien ha oer de fraach wa’t no krekt hokker tekst oersette mei en hokker kwalifikaasjes oft je dêrfoar al as net ha moatte ôfsjoen fan de foar de hân lizzende taalkundige en literêre ekspertize. Men kin omtrint fersûpe yn de giele plasse dy’t dêr al omhinne leit.
Wol die it my neitinken oer de betsjutting fan oersettingen en it lêzen dêrfan, mei ynjûn troch it sukses fan ferskate Nederlânske auteurs yn it Ingelske taalgebiet.… Lês fierder

Lomme Schokker

Twastriid: wat moat ik mei in miening

logo.ensafh

Der wie in tiid, sa lang lyn noch net, datsto de hiele dei op ’e hichte bliuwe moast fan al it brekkend nijs om dy hinne. Do tochtst dat foar in frou fan de wrâld mei de adel fan besieling de basis fan bestean yn de feiten fan hjoed-de-dei lei. Boppedat, yn it djipst fan dyn wêzen wiest in skôger en hiest nijsgjirrigens as twadde natuer. Ik learde dy kennen troch it garjen fan nijtsjes dy’tsto neaken mei my dieldest. Sa koe ik dy ferstean.

Mar wat is in feit sûnder miening? Wat is bestean sûnder betsjutting, in berjocht sûnder boadskip?… Lês fierder

Duo von Däniken, Anne Feddema, Cornelis van der Wal

It Aai

logo.ensafh

In tige oangripende foardracht fan it fers It Aai fan Froukje Lidewij, lid fan de dichtersgroep Sinnesang út Menaam. Froukje Lidewij wurdt begelaat op gitaar troch de bruorren Jan en Marten Heegstra, ek út Menaam. Klaas Bokma út Ingelum spilet op de tuba.

It aai

It is in fûgel
dy’t fleane kin
en it is in aai

mei wjukken
koe ik mar fleane
as in aai

nei dy ta
sa fier fuort

Froukje Lidewij

Klik op it portet foar it fers en de muzyk

 … Lês fierder

Giny Bastiaans

Sutelje

logo.ensafh

De Antarctica man stie foar de doar by buorfrou. Ik fernuvere my der al jierren oer dat sa’n man noch altyd klanten hie. Hy wie de lêste der Mohikanen sis mar, fan in lange rige sutelders dy’t oait oan ’e doar kamen of troch de Buorren giene om wat te ferkeapjen.

Tûzen jier lyn kaam der by ús ek sa’n ien. Earst wie dat Klaas de Djipfriesbaas, dêrnei kaam Jelmer, troch de bern ûnearbiedich: Jel de kâlde frikandel neamd. Mar dat koe him neat skele. Hy krige by ús in bakje kofje. Mei wat derby. En de bern wiene wer dik tefreden mei in fikse doaze Raket iislollys yn de djipfrieskist.… Lês fierder

Reinold van Oevering

bestimming

logo.ensafh

 

 

we wisten net wat we moasten
mei mem,
oant it begjin febrewaris
begûn te snijen

yn ús strjitte foel tsien sintimeter,
de snie bleau lizzen,
waard plattrape,
de stoepe waard sjippeglêd

doe hat Johannes de jiske
struid fan nûmer 34
oant nûmer 66

by har libben liet mem
net oer har hinne rinne… Lês fierder