Jelma Knol

Kultureel taeigenjen?

logo.ensafh

Lang om let sette Marieke Lucas Rijneveld sels in krêftich punt achter de diskusje oer de fraach oft sy wol de oanwiisde oersetster wie fan The Hill We Climb fan Amanda Gorman. Se die dat mei in moai gedicht yn De Volkskrant fan sneon 6 maart 2021, ‘Alles bewoonbaar’.

Ik sitearje ien strofe:

Nooit het verzet kwijtgeraakt, en toch inzien wanneer
Het niet jouw plek is, wanneer je moet knielen voor een gedicht
Omdat een ander het beter bewoonbaar maakt, niet uit onwil,
Niet uit verslagenheid, maar omdat je weet dat er zoveel
Ongelijkheid, dat er nog steeds mensen achtergesteld, /
Jij wilt juist verbroedering, je wilt één vuist (…)

Yn de Fryske literêre wrâld waard ek diskusjearre oer dizze kwestje, al wie it net altyd yn it iepenbier.… Lês fierder

Henk van der Veer

Bewondering foar un erudyt man

logo.ensafh

                                                                          foar dr. Jan Schulp

 

 

wat wist ik as Noardehoekjonkje
fan erudite leararen en ander geleard fòlk
niks tòch?
tòt ik op un moaie nasomerdach in 1974
menear Schulp teugenkwam in één fan dy
ouwerwetse hoge klaslokalen fan de Kweekskoal
an de Parallelwech dêr’t ik oait flakbij op un
befroaren kikkersloatsje ut skaatseriden learde
– mar dat tersijde-

allemachtech wat fon ik dizze Hollanner
kòppy kòppy, nyt normaal mear sufeul as hij wist
allienech ut feit dat dizze man binnen no-time Frys sprak
maakte groate indruk op mij

en dan syn kennis over alles wat der bloeide
& groeide, hij was tenslòtte myn biologylearaar
ut was in één woard fenominaal.… Lês fierder

Anne Feddema

Leech en liddich

logo.ensafh

Dêr sit jimme kollumnist dan…efkes neat mear om hannen. Dat is fansels net werklik wier, der moat hoe dan ek in kollum komme en de kabouterkes dogge it net. Miskien hawwe je nammers wol kabouterkes dy’t literêre aspiraasjes hawwe, mar ik ken se net. Alsa, as jimme wol ien witte?…stjoer mar nei Ensafh. Jimme moatte it begjin eins lêze as: hjir sit de byldzjend keunstner Anne Hendrik Berend Feddema. Der komt in tentoanstelling oan en hy is klear (dermei)…hy soe bliid wêze moatte en dûnsje en sjonge wolle, mar sa wurket it net, hy is sels wat swiersettich. Soe der eat ferkocht wurde?…soe… Lês fierder

Willem Verf

In saakkundige Gysbert-sjuery…

logo.ensafh

Op 16 febrewaris skreaunen fjouwer kollega-skriuwers (en eks-winners fan ‘de Gysbert’) in kritysk Te Gast oer de gearstalling fan de advyskommisje foar de Gysbert Japixc-priis. Sy fine dizze sjuery net saakkundich genôch. Oer de gearstalling jout Tresoar in advys oan de Provinsje, dat troch de Provinsje opfolge wurdt. Dat feit is by teminsten twa fan de fjouwer ûndertekeners fan de te Gast bekend.
By de Provinsje sels is dy saakkundigens der net, dus is it logysk dat it Frysk Letterkundich sintrum Tresoar de Provinsje hjir de helpende hân biedt. It is nammers om meardere redenen better om as oerheid in bytsje ôfstân te hâlden: sa’n priis moat sa ûnôfhinklik mooglik takend wurde.… Lês fierder

Henk Nijp

Healsliten

logo.ensafh

Guon Harnzer pommeranten binne wakker grutsk; der komt dêr no einliks in stânbyld as poarte nei de stêd! Of as in tagong nei it woeljende wetter, mar krekt fan hokker kant jo komme. In jier of wat werom, it wie noch yn ‘e tiid fan KH-LF-2018 wiene der al dryste plannen foar in mânsk hynder (op ‘e efterste poaten) oan it begjin fan de Ofslútdyk, in ‘landmark’. It moast in ikoan fan Fryslân wurde. Ik fyn dat altyd wat apart as men yn it foar al ha wol dat eat in ikoan is. In ikoan is foar myn gefoel pas in ikoan as it himsels as in ikoan ‘bewiisd’ hat.… Lês fierder

Piter Boersma

Redaksjoneel + Ynhâld Ensafh 1, 2021

logo.ensafh

Redaksjoneel

It earste nûmer fan Ensafh stean mânske stikken yn, sa as twa yngeande besprekken, it iene fan Sipke de Schiffart syn roman Sjappy troch Geart Tigchelaar en it oare fan Elmar Kuiper syn dichtbondel Wite Mûle, Swarte Molke troch Teake Oppewal, dêr’t it hiele oeuvre fan Kuiper by te praat komt.
It nûmer iepenet mei in iisbaangedicht fan Jacobus Q. Smink (mei dêrop folgjend as reaksje in iisbaangedicht fan Eppie Dam) en it einiget mei in ferhaal fan Geart Tigchelaar.
Mei it neamen fan Jacobus Q. Smink en Geart Tigchelaar komme wy ek op in oar sjapiter.

Twa gatten
Yn de redaksje binne twa gatten slein, sawol Jacobus Smink as Geart Tigchelaar ha de redaksje ferlitten.… Lês fierder

Tryntsje van der Steege

The Reading Room

logo.ensafh

Wa’t de Netflix-searje The Crown in bytsje ken, wit dat de Britske keninklike famylje nochal op har privacy steld is. Lykwols hat Camilla, Duchess of Cornwall (sy fan de ivige kroanprins Charles), sûnt koart har Reading Room iepensteld foar it grutte publyk. Mei it instagramaccount @duchessofcornwallsreadingroom is se in boekeclub begûn, mei lêstips, fideoboadskippen fan harsels en de skriuwers dêr’t it om giet, en ynhâldlike fragen by de boeken, dêr’t elkenien fia it account op reagearje kin, of ‘for you to mull over in your own reading room’. De boeken dy’t behannele wurde (sjoch ôfbylding) binne har eigen persoanlike foarkar.… Lês fierder