Lomme Schokker

In notabel hûs

logo.ensafh

It moat ien fan de earste sutelaksjes west hawwe, begjin santiger jierren. Faaks hie der in oprop yn ’e Ljouwerter stien foar frijwilligers, miskien hie ik op ’e HAVO yn syn les der wat oer heard fan Jan J. Bijlsma. Yn alle gefallen, ik wie der by earne boppe Boalsert, as jong broekje tusken aardich wat skriuwers. De iene hie in wyld burd en strange skerpe eagen achter in sikefûnsbriltsje, in twadde stonk út ’e azem – en hat de hiele dei lyk by my lâns sjoen – en wer in oar rûn yn ’e wyn op mei in siden sjaaltsje om ’e nekke.… Lês fierder

Henk Nijp

Skoaldei op ôfstân

logo.ensafh

Rom foar healwei tsienen sitte wy klear om de ynstruksje foar dizze dei ta ús te nimmen. De laptop is 100% opladen. Wy ha op ‘e tiid ynlogd, de brûkersnamme en it wachtwurd binne sûnder fouten yntypt, mar al wat yn byld komt, gjin learkrêft fan groep 4… Ik bin hjoed beneamd as tydlik thúsmaster en ik mei foar pakesizzer A. it menu fan dizze skoaldei – by ûs thús – optsjinje. Even werom yn it âlde fak. Wy ha it roaster foar hjoed op papier, dêr ha wy de kompjûter dus net foar nedich, wol sa praktysk. Foar njoggenen hiene wy wurdsjes dy’t einigje op
‘-oor’, ‘-eur’, en ‘-eer’ al by de ein.… Lês fierder

Jelma Knol

Antsje Swart oer Trinus Riemersma syn ier skriuwerskip

logo.ensafh

Foar minsken dy’t Trinus Riemersma kend hawwe en leafhawwers fan syn ier wurk is Bûntskildere werklikheid. Oantinkens oan de skriuwer Trinus Riemersma fan Antsje Swart in oanrieder. Frou Swart, de earste echtgenoate fan Trinus Riemersma, beskriuwt út har ûnthâld wei, wat se mei Trinus as oankommend skriuwer en ûnderwizer belibbe hat. De húslike omstannichheden fan it jonge pear, dat it iene bern nei it oare op de wrâld set, binne op in feardige wize delset en it skriuwerskip fan Trinus en dy syn literêre kontakten en opinys ek. Der steane pearels fan anekdoates yn dêr’t men jin as lêzer o sa mei fernuverje kin.… Lês fierder

Anne Feddema

Wêrom?

logo.ensafh

Fan alle grutte libbensfragen is de wêrom-doch-ik-dit? de foar my alteast, meast konfrontearjende fraach. Freegje ik mysels wêrom ik eat doch dan fiel ik my al hiel gau as Tsjitsikov út ’e roman Deade Sielen fan Gogol, dy’t foar de feroaring ynset wurdt as Monty Don (Gardeners’ World BBC…alsa túnprogramma’s sjen en in briljante roman lêze) … om de ferwyldere, fertutearze tún fan Pljoeskin wer in bytsje kreas te krijen…lês: No Way Goasse.
Wêrom?…Wêrom?…Wêrom?…set it yn as jo eigen, persoanlike mantra en der komt neat mear út je hannen.
’k Wit wêr’t de falkûle him befynt en ik besykje der net yn te ferdwinen.… Lês fierder

Harm Woelinga

Fol

logo.ensafh

 

 

 

Fol

it bêd kreaket
in holle
fol fragen

it bêd sprekt
in holle
fol stimmen

gleone fuotten
dôvje ûnderweis
nei it finsterrút

en dêr

sjochst har
fol ljocht en leafde
dizze kant útsjen

oandien
stjerren en strjitlampen
dôvje

leafste sjoch
dêr’t it gerdyn gappet…
dêr stean ik… Lês fierder