Greet Andringa

De heechste tiid

logo.ensafh

De klok yn de keamer fan ús pake en beppe die tik…tak…tik…tak. Krekt as yn it ferske, mar dat wist ik doe noch net. Ik hie in hekel oan it lûd. Tocht ik.
Ik siet op it bankje oan de oare kant fan de houtkachel dêr’t pake in allesbranner fan makke, sadat de keamer altyd justjes blau fan de reek stie. Op de salontafel foar my de Mecano-auto dêr’t ús heit as lytse jonge noch mei boarte hie en blokjes dêr’t ek neat oan wie. Mar goed, dat wie it boartersguod en dat wie wêr’t de bern hearden te sitten. Omdrave, oan beppe har moaie kopkes komme, of de plantsjes yn it achterhûs, dat mocht net.… Lês fierder

Frysk Konsert Foar Blazers En Perkusje

logo.ensafh

Wy ferfolgje ús rige oer de hast fergetten komponist Berend Folkertsma (1945-2009) Diskear in fragmint fan de komposysje Frysk Konsert Foar Blazers En Perkusje út 2007.

It wurk duorret 2 oeren en 47 minuten, mar ensafh hat spitigernôch net de rjochten krigen om de folsleine komposysje hjir te publisearjen.

It stik wurdt wer útfierd troch leden fan de brassband Ave Maria út Greonterp.

Klik op it portret fan Folkertsma foar de muzyk.

Berend Folkertsma, selsportret.

Lês fierder
Marcel Plaatsman

De kroan op ’e tsjerke

logo.ensafh

No sjoch ik de tsjerke wer. Dat kin hjir allinnich yn ’e winter, as de beammen sûnder blêd binne en it tuorke troch de tûken hinne komt. In echte toer hat ús tsjerke net, mar der is in lyts gefal op set dêr’t de klokken yn liede, dat stiet yn ’e midden fan it grutte skip, it skip mei rûnom ramen en it laaien dak. Dêr sjoch ik nei.

It is fansels in winter yn ’e hûs no. We binne wer ophokke. Dat ik sjoch mar nei dy tsjerke en nei it sleatsje foar myn flat. Yn ’e hûs hear ik de radio en de bern.… Lês fierder

Jelma Knol

Besprek: Wy strûpe derûnder! fan Gjalt de Groot

logo.ensafh

Mei Wy strûpe derûnder! hat de boer en fjildman Gjalt de Groot in alderaardichst boek skreaun oer it buorkjen en fiskjen yn âlde tiden. It earste part, Jeen en Anne, beskriuwt yn romanfoarm it hurde en somtiden aventoerlike libben fan it jonge pear foardat it op 12 maaie 1919 op de Koaipleats yn de Alde Feanen telâne kaam. It twadde part bestiet út losse ferhalen oer de bewenners fan de Alde Feanen, de famyljes dy’t buorken op Cuba. Op ’e Koaipleats, Luctor et Emergo en Laban, yn de perioade nei de Earste Wrâldkriich, mar ek letter. Sytze en Maaike, dy’t lanlike bekendheid krigen troch de kranteferhalen fan dûmny De Stoppelaar, binne net oerslein.… Lês fierder

Cornelis van der Wal

Provinsjalistysk gejeuzel

logo.ensafh

Okkerdeis sloech it literêr provinsjalisme wer ris ta, yn de foarm fan Koos Tiemersma.  It boerke Tiemersma skreau mar mâle dingen oer de Fryske Haadstêd. De man hat slim it mier oan Ljouwert, sa docht bliken. ‘Ljouwert, in plak ûntstien op trije modderbulten, lizzend oan in tichtslibbe see, mei as kroan op it haadstêdgefoel in út it lead hingjende toerelul.’ ‘Soms tink ik wolris dat de Liwwadders alles wêze wolle behalve Ljouwert.’ Nee, in soad nivo hat sok skriuwen net, jo hawwe gelyk. Soe dat ek sa mei Koos syn romans wêze? Ik haw der noch nea ien lêzen, it lokket my om ien as oare reden net oan.… Lês fierder

Rein de Lange

Troubrek 

logo.ensafh

 

 

op ’e tafel stean de restanten fan ferwyt
en petearen fol lege glêzen
gjalpje kristalhelder it ûnbegryp

wurden kinne rare kringels meitsje
do hearst wat ik n​et sis, boetsearrest
in wier ferhaal bûten my om

dyn swijen seurt noch wat
mar smyt dan myn namme
resolút út dyn suver bestean… Lês fierder