Geart Tigchelaar

Fitraaljes

logo.ensafh

 

 

de wrâld komt deryn
set de klompen op ’e matte
slofket op geitehierren sokken
sa myn tillefoan yn

alles foar it gripen
it glês is tsjokker
as ea glês west hat

ik raas de longen
út al myn liven
buorlju hearre neat

de wrâld stapt yn ’e klompen
klapt de doar efter him ta
en sjoch him earst
troch de fitraaljes
as er it besnijde paad ôfrint

Foto: Geart Tigchelaar

Lês fierder
Jelma Knol

Yn plak fan de desimberkollum

logo.ensafh

 

 

Dit wie it jier fan
eangst, ôfstân hâlde, hûdhûnger
ferlet fan in praatsje
it jout net mei wa

trije tuten komme net werom
mûlkapkes bliuwe
mei seare fingers
jou my eachkontakt
in sêfte stim

ik kin minsken feroarje
seit in âlde freondinne
se lûkt al tritich jier oan
deade hynders

lit se drave, fjouwerje
frijheid is in moai wurd… Lês fierder

Lomme Schokker

Wat it nije jier yn ’t fet hawwe moat

logo.ensafh

Sil ik dy wat fertelle? 2021 sil in bûtengewoan goed boekjier wêze! Jawis, dit wurdt in poerbêst jier foar de kloft skriuwers, dichters, ferskemakkers en mearkefertellers dy’t de minsken allegear wat eigensinnichs te sizzen hawwe. Wolst gewoanwei net leauwe hoefolle literêre projekten oft op it punt steane fan publikaasje en útjefte. De ien nei de oare komt mei bysûnder wurk op ’e proppen. Sa wit ik fan in frou dy’t fan har libben amper trije boeken lêzen hat, mar yn dizze lêste lockdown wol moai de gânse Potterrige en de hiele Jean M Auel-syklus oan ien tried troch opfretten hat om ynspiraasje te finen foar in dystopyske saga fan net earder meimakke omfang.… Lês fierder

Anne Feddema

Kofje

logo.ensafh

Tsien jier lyn, desimber 2010, wie ik krekt werom út Berlyn. Ik wie in ryk man. Nee, dit is net it begjin fan myn langferwachte roman. Dit rymt oars al dit earste stik, mar it wurdt ek gjin fers. Goede lêzers, ik hie in flat regele. Ik hie it klearspile: ik soe myn dream foarmjaan kinne yn in wente yn Berlyn. Heal jannewaris 2011 koe ik deryn. (rymt alwer)
Ik wit noch goed dat ik der in wike ompankoeke mei in behoarlik pynlike poat.
In hiel ferfelende ûntstekking, krigen of better sein, ûntstien nei’t ik yn Barcelona, de berch Tibidabo, fia hûnderten trepkes beklommen hie.… Lês fierder

Henk Nijp

Mail

logo.ensafh

Waarom zou je meer betalen? ropt it mailtsje oerémis huppeljend yn de mailboks. Der komme hjir de lêste tiid sa no en dan aparte berjochten del. Gjin idee hoe’t dat komt. It heucht my net dat ik my ea ynskreaun ha by de ferstjoerder. Hjoed wie der wer sa’n berjocht fan in webwinkel dy’t him ‘Actievandedag’ neamt. Ik ha dêr noch nea wat kocht en ha neffens my ek net op ien of oare link klikt, mar dat is soms samar klear fansels. Of faaks ha de buorlju tocht dat ik te folle efter de geraniums sit of fine se my wat iensum en ha se tocht sa wat ferdivedaasje foar my te regeljen.… Lês fierder

Henk van der Veer

Loadsboat

logo.ensafh

 

 

in ut dústere water fan de stadsgracht
achter de statege heilege Martinuskerk
leit de Loadsboat, ankerplak foar
fòlk dat hunkert naar liefde en geburgenheid

se hewwe gyn ferlet fan lege holle folsinnen
nee liëver Jan Brandsma- Sneker engel sonder fleugels-
dy’t un immer bemoedegend woard het
like kostber as de duurste mirre en wierook

krekt even anders as soetsappege ferskes
midden in de winternacht en romantisearde herders
-al is dêr fanself op syn tiid ok niks mis met-

dêr in ut dústere water fan de stadsgracht
leit de Loadsboat ankerplak foar dakloazen
wêrfan’t we dachten ‘lauloëne dy binne der
in Sneek tòch nyt?’… Lês fierder

Geart Tigchelaar

Fideobesprek ‘Blaumelly’ fan Abe de Vries

logo.ensafh

 

 

https://youtu.be/cbxYvKbwDcA

Geart Tigchelaar besprekt ‘Blaumelly’ (Utjouwerij DeRyp 2020) fan Abe de Vries.

It gedicht ‘Ballade fan ’e ammoniakútstjit’ is hjir te finen.

It e-boek ‘In rûgel wyt. Gedichten fan Robert Frost, seleksje en oersetting troch Abe de Vries’ is hjir del te laden.

Fideobesprek oer ‘Opskuorgebieten’ fan Abe de Vries stiet hjir:

 Lês fierder