Anne Feddema

Klassyk

logo.ensafh

 

 

Minsken hâlde net
Mear fan stjerren
Alteast net yn fersen
Stjer as klisjee
Lit de stjer mar
Mankelyk gewurde
Neist in moanne
Kalken bleke
Poppekop
Yn klassike
Sjineeske poëzij

Dy minsken
Kenne my net
Kenne myn wurk net
Kenne harsels net

Libben…freugde
Leafde…dea
Wat ea wie
Wat komme sil?

No, ik ken dy minsken net
Wit net wat se tinke
En oft en wêrom?

Minsken binne my
Frjemder as stjerren
Fierder fuort
Hurder fallend
Hja litte amper ljocht nei… Lês fierder

Henk Nijp

Winkelplein

logo.ensafh

De man hie in kreas learen jek oan en in brune ‘newsboy-cap‘ op ‘e holle. In pensionado, mar noch net sa lang, skatte ik yn. Hy hie it mar dreech mei it winkelkarke, it iene foartsjil woe net rjocht, it trille en skodde en draaide net lyk op mei de oare trije tsjillen. It weintsje luts hieltiten de kant op fan de muorre, krekt dêr’t it net hinne moast.
Ik stie foar de winkel te wachtsjen, want ja, koroana, en dan mei der neffens de hjoeddeiske winkelregels mar ien fan de húshâlding de winkel yn. Sa hie ik moai even tiid om de boel hjir te observearjen.… Lês fierder

Atom Yardjanian, Hovhannes Krikorian, Foppe Venema

Nijs fan it Armeenske front

logo.ensafh

Նորություններ հայկական առաջնագծից
Nijs fan it Armeenske front

Atom Yardjanian, Hovhannes Krikorian

Twa poëzijoersettings fan Foppe Venema út it Armeensk 

Wylst by ús yn Europa it nijs de ôfrûne tiid behearske waard troch oanslaggen, kroanfirus en Amerikaanske ferkiezingen, fochten Armenië en Azerbeidzjan yn ’e Kaukasus in oarloch út om ’e enklave Nagorno Karabach, troch Armeniërs Artsakh neamd. Dit foar goed 90% troch Armeniërs bewenne gebiet skonk Stalin yn 1921 oan Azerbeidzjan. As it om 1990 hinne mei de Sowjet-Uny berchôf giet, roppe de Armeniërs yn ’e enklave de ûnôfhinklike Republyk Artsakh út, wat útrint op in oarloch mei Azerbeidzjan. De oarloch dy’t 30.000 deaden kostet, wurdt yn 1994 wûn troch de Armeniërs.… Lês fierder

Henk van der Veer

foar Fang

logo.ensafh

     

 

 

                                                   foar Fang

Trene op maandachmòrren

over de eeuwenouwe Groëne Dyk klinkt ut sompege
gelúd fan kleurege spòrtskoënen -klikklak-klikklak
klikklak-klikklak-klikklak-klik…-

de hèrstregen komt met bakken út un grize lucht
allienech frêle Fang lacht har tannen fleurech bloat
hoor, hoor dan toch de regen zingt, skaterlacht aziatise Fang
-ik docht dat Sinezen allienech pingponge konden!-

Hollaanse Eva steunt, Age kearel fan de Lege Geaën kreunt,
trener Martin fytst swijchsem achter oans an
ik, stadsjonkje rachel fanachter út ’e stròt groate rachels

maandachmòrren op ’e eeuwenouwe Groëne Dyk
hier foëlt Fang har thús
wij trouwens ok!
klikklak-klikklak-klikklak-klikklak-klikklak-klik…… Lês fierder

Lomme Schokker

De skriuwer, it boek en de lêzer

logo.ensafh

Uteinlik tiisdeis nei fjouweren kin ik Passys fan Josse de Haan by Boekhannel Grimbergen yn Lisse ophelje. Wer thús blêdzje ik it boek earst ris troch om te priuwen wat my te wachtsjen stiet. Op de alderlêste side sjoch ik in rigele nammen fan skriuwers dêr’t Josse blykber ien of oar fragmint fan yn syn boek opnommen hat. Annie Ernaux sit der ek tusken, in skriuwster dy’t ik aardich heech ha. Trije dagen derfoar ha ik yn De Volkskrant noch in fiifstjerren resinsje lêzen fan har magnum opus De jierren. Tafal bestiet net, sizze se.

Foarearst beslút ik Josse syn boek oandachtiger troch te blêdzjen, om te sjen oft ik dat spesifyk fragmint fan Ernaux sa op it each trasearje kin.… Lês fierder

Jelma Knol

Under Hildegards tsjoen: Taspraak by in boekpresintaasje dy’t net trochgyng

logo.ensafh

Piter Boersma hat mei syn nijste dichtbondel, Under Hildegards tsjoen, wer ris foar in unikum soarge yn de Fryske literatuer. Yn 312 kwatrinen fertelt er it ferhaal fan syn fassinaasje foar Hildegard fan Bingen, in tolfde-iuwske mystika en abdis. Hy hat keazen foar in literêre foarm, it ferheljende lange gedicht, dat nei it begjin fan de 19e iuw, mei de opkomst fan de roman, hurd yn it neigean rekke. Dat is op himsels al unyk.

Wa’t fan dizze bondel genietsje wol, krijt fan my hjirby trije advizen mei. Lês de bondel fan it begjin ôf oant de ein. Dan earst krijst de grutte line te pakken en krijst ek each foar de spanningsopbou fan it gehiel.… Lês fierder