Giny Bastiaans

Moai rêstich..

logo.ensafh

Ik moast by de stienhouwerij wêze om no einlings in beslút te nimmen. Oer in stien, in tekst, in plak.
De útfeart hie al fiif jier ferlyn plakfûn, mar de urn mei myn leave deryn stie noch altyd thús. Dat koe om my wol sa bliuwe, mar dat hie hy net wollen. Hy wie foar dien wurk meitsje. Besluten nimme.
En ja, oait soe ik dy kant dochs ek útgean. En watfoar kant, dêr woe ik sels eins wat oer te sizzen ha.

Yn de hal fan de stienhouwerij die ik fuortdaliks in stap werom yn de tiid. Mar dêr wie ik oan wend, die ik dat alle dagen net, noch hieltyd, in kear as wat?… Lês fierder

Anne Feddema

Komplottinkers tink derom

logo.ensafh

Juster rûn ik nei ‘Say Cheese’ hahaha, op ‘e Tynjedyk yn Ljouwert, de tsiis is dêr in stik goedkeaper as earne oars. In kilo âld of jong belegen ensfh. is € 5,90. Dat is wier…leau jimme kollumnist no mar.
Ik haw der ek gjin belang by om wat oars te fertellen…it Say-Fake-Cheese-Nijs is my alhiel frjemd. Hawar…it reinde as de see en ik tocht krekt fan sil ik mar wer op hûs oan? Dan wurdt de ekstra belegen mar âld, in foarm fan tsiispromoasje, sille we mar sizze.
By in studintekompleks, it moat net te ienfâldich fansels, hong post út ‘e brievebus, jimme witte wol hoe en wat.… Lês fierder

Duo von Däniken

Houten Klaas: ‘Douwe Tamminga fertelt’

logo.ensafh

Net in soad minsken witte noch fan it bestean fan ‘Houten Klaas’, de Ljouwerter band om Klaas Tamminga hinne, dy’t al op syn 27e ferstoar by in ferkearsûngemak. Wy prate oer begjin jierren 60. Yn dizze opname hearre jo ek it lûd fan Klaas syn omke, Douwe Tamminga, dy’t in gastoptreden hie.

https://soundcloud.com/duo-von-daniken/douwe-tamminga-fertelt… Lês fierder

Henk Nijp

Kontrôle

logo.ensafh

It wie noch aardich tsjuster doe’t ik yn ‘e auto it hiem ôfried. Ik hie in ôfspraak yn it sikehûs dy’t foarich jier al fêstlein wie. Neat slims, in kontrôle dy’t foar de wissichheid elk jier weromkomt. Ik hie der doedestiids net by stilstien dat ik takom jier de earste ‘pasjint’ wêze soe.
Der wie kwealik ferkear op ‘e dyk, miskien om’t it noch sa betiid wie, mar faaks ek wol om’t wy mei-inoar krekt de deis tefoaren op ‘e nij yn ‘e lockdown treaun wiene. No wat minder yntelligint as fan ‘t maitiid, want dêrmei hiene wy doe it firus net plat genôch krigen.… Lês fierder

Lomme Schokker

Relytivisme

logo.ensafh

‘Do wurdst hieltyd negativer,’ sei de frou in skoft lyn tsjin my. Dêr sit ik wakker mei, want hoe kin soks? No’t har oanmerking in setsje tusken ús yn leit te protteljen, liket it wol oft elkenien tsjintwurdich tryster, tsjusterder en negativer is. Utsein myn frou dan. By it minste sjoch ik guon daliks al klear stean om oaren it mannewaar op te sizzen of mei feninichheid goedbedoelenden de grûn yn te jeien. En dan sit ik sels noch net iens op sosjale netwurken as Facebook, Twitter, TikTok of Secondlife. Ik ha inkeld myn Ensafh en dat is my mear as genôch.… Lês fierder