Henk Nijp

Wrâldreis

logo.ensafh

Fan ‘e wike kaam ik yn Ljouwert ynienen efter sa’n blauwe Arrivabus te riden, it avesearre net al te bot, it heakke nochal op ‘e rotonde, dat ik hie it wol oan tiid en lês it ferhaal op de achterkant fan de bus. It gong oer in ‘wereldreis Fryslân-style’, de lêzer waard oantrúnd om op ekspedysje yn eigen provinsje te gean. Hiene wy sa’n ekspedysje ek al net ris earder by de ein hân, in pear jier tebek? It kaam my net alhiel ûnbekend foar. It wurd ‘ekspedysje’ hat foar my altyd in konnotaasje mei wat ûnherberchsums, fan ûnlân, woest en ûngastfrij, it jout my wat in ‘unheimisch’ gefoel om mar ris in bûtenlânsk wurd te brûken.… Lês fierder

Anne Feddema

Winsk fan in skilder (1)

logo.ensafh

It teäterbarren yn Ierlân siet derop foar keunstner Fedde Annema. Hy koe no einlings nei de oare kant fan it lân, om noch te genietsjen fan in pear frije dagen. De National Gallery yn Dublin wie syn doel. De kolleksje fan it museum wie wrâldferneamd en omfieme wurken fan skilders as
Mantegna, Caravaggio, Titiaan, Vermeer, Rembrandt, Monet en Picasso. Hokfoar snobbersguod hienen hja eins net?
Mar ja, mar ja, mar ja! It wie Fedde Annema fansels…en op ‘e dei dat de skilder yn Dublin oankaam, gong de stêd wer yn in faze fan de sabeare lockdown…mear locktown.
Fedde hie it lêste nijs net folge om’t it sa’n drokke gekkeboel west hie.… Lês fierder

Gerrit de Vries

dêr’t ik wei kom

logo.ensafh

 

 

dêr’t ik wei kom

neamden we in neger
in neger of in swarte
dêr wie neat pejoratyfs oan
wisten wy folle
se wienen der ommers net
negers

ienris yn it jier
wie Klaske Houtsma
ûnwerkenber sminkt
we holden fan har
en pipernuten
mar wisten net
dat sy it wie

myn earste negerintsje
seach ik doe’t ik útfanhûze
by beppe Wintsje ik wie alve
we boarten hiele dagen
se hie in moaie skutkleur
en wûn altiten mei fersideplak

doe’t ik yn Nigeria libbe
neamden de negers my “oibo”
“white man” of “farske fisk”
en ús blanken
“Jimme witen”
se tochten dat ik ryk wie

ik koe my inkeld ferstopje
efter it traaljestek
fan it guesthouse… Lês fierder

Anne Feddema

Jankfoddeteksten…mar net

logo.ensafh

Fan 24 augustus ôf oant 1 oktober hâldt Anne Feddema ta yn it Ierske Galway, dat Kulturele Haadstêd is yn 2020. Hy is útnûge om diel te nimmen oan in ynternasjonaal projekt dat Óró hjit en dêr’t keunstners, dûnsers, skriuwers, muzikanten en byldzjend keunstners út Baskelân, Wales, Cornwall en Ierlân dielnimme. De bedoeling is om acht foarstellings te meitsjen dêr’t it firus en taal in wichtige rol yn spylje sille. Anne Feddema sil ferslach dwaan fan syn aventoeren op Ensafh.

Jankfoddeteksten…mar net

Noch mar in skoftke en dan binne der al testútfierings foar selektearre publyk. Dat publyk bestiet lykwols út 33 persoanen, mei ús ploech derby, mei elkoar 50 minsken.… Lês fierder

Duo von Däniken

‘Bline piano’ fan Berend Folkertsma

logo.ensafh

Op 22-07-20 koene jo ‘Wobbelke moat skite‘ hearre, fan de hast fergetten komponist Berend Folkertsma.

Diskear kinne jo harkje nei ‘Bline piano’ fan deselde komponist.

Berend Folkertsma

It stik wurdt hjir útfierd troch de bruorren Hâns en Pyt de Boer, út Hallum.

Klik op it portret fan Folkertsma foar de muzyk.… Lês fierder

Anne Feddema

Teäter fan it werklike libben

logo.ensafh

Fan 24 augustus ôf oant 1 oktober hâldt Anne Feddema ta yn it Ierske Galway, dat Kulturele Haadstêd is yn 2020. Hy is útnûge om diel te nimmen oan in ynternasjonaal projekt dat Óró hjit en dêr’t keunstners, dûnsers, skriuwers, muzikanten en byldzjend keunstners út Baskelân, Wales, Cornwall en Ierlân dielnimme. De bedoeling is om acht foarstellings te meitsjen dêr’t it firus en taal in wichtige rol yn spylje sille. Anne Feddema sil ferslach dwaan fan syn aventoeren op Ensafh.

Teäter fan it werklike libben

De fotograaf seit: ‘Tink mar oan it moaiste en it bêste datst oant no ta meimakke hast by Óró…hâld dat fêst en draai dan stadich dyn holle nei my ta.’… Lês fierder