
Prachtige taspraak fan ús Kommisaris Arno Brok foar it jier 2025!
Klik op ‘e foto foar de taspraak… Lês fierder
Prachtige taspraak fan ús Kommisaris Arno Brok foar it jier 2025!
Klik op ‘e foto foar de taspraak… Lês fierder
It like der earst op dat it wol in knappe dei wurde soe, alteast foar ein desimber. Mar in bytsje wyn en noch drûch ek, dat soe foarearst noch wol sa bliuwe neffens de waarapp. Wol behoarlik griis. Gjin wolkje oan ’e loft dus, mar ek gjin sinne. Tsja … kom dêr ek ris om yn sa’n winter. Yn ’e buorren wie it lykwols allegear ljocht. Fan de krystferljochting: fan wit-hoe-hege krystbeammen oan flaggemêsten, oant rindieren yn ’e foartún mei wanskepen krystmannen op sliden derefter, en iispegels en stjerren oan ’e daksgoaten. Ek yn ’e hagen of yn ’e keale kastanje- dan wol bjirkebeammen allegear ljochtsjes.… Lês fierder
III
Krekt foar Warkum begûn it te snijen. Ik koe it iis net sa goed mear sjen, dat ik ried yn in skuor en wankele gefaarlik. Krekt foardat ik falle soe, stuts Gabe my de hân ta. En dy hat er net mear loslitten. Ik tink net dat der oaren wienen dy’t it sa waarm hienen as ik op dat stuit! De wrâld like stil te stean. As sieten we yn in sniebal fan glês. It wie in mearke gelyk.
Allinnich sûnder in lang en lokkich ein. Hoe tichter we by Ljouwert kamen, wat drokker, wat mear minsken en wat ûnrêstiger Gabe waard.… Lês fierder
In bytsje keunstner hat fansels in krupsje dy’t him, har, of it, yn ’e wei sit. No haw ik der noch hieltyd muoite mei om mysels KEUNSTER te neamen, mar ik haw al in krupsje dy’t my op dit stuit behoarlik yn ’e wei sit. Efkes kort troch de bocht: ik haw in gat yn it tromflues fan myn rjochterear en bin der ek aardich dôf oan. No wolle jimme witte: hoe is dat kaam Feddema? Of net, kin ek no? Net fierder lêze dan, mar dan misse jimme al in ‘ûngelokken-yn-en-om-it-hûs-horrorferhaal’. It wie freedtemoarns, njoggentweintich novimber, op myn atelier. Ik wie hiel betiid al yn ’e sportskoalle en hie dêr ek dûst.… Lês fierder
II
It wie oarloch, it jier dat ik 16 jier wurden wie. It jier dêrfoar hie der ek in tocht west, mar doe wie ik te jong. No mocht ik dan einlings wol meidwaan! Ik wie sa optein! Reedride wie myn lust en myn libben. Us pake hat it my as lyts famke leard en al gau koe ik de jonges út de heechste klasse byhâlde. Lange slaggen meitsje, de earmen op ’e rêch, de holle leechmeitsje. Hearlik fûn ik it. Us heit wie der net wis fan, hear, in famke allinnich en dan sa’n lange tocht! Ik moast ek noch krekt yn spertiid op ’en paad.… Lês fierder
I
Krekt foar krysttiid! En wetterkâld! Hoe betinke se it!! As soe in minske fan myn jierren net iensum genôch wêze yn dizze tiid fan it jier. Ik hie hope dat it net safier komme soe, in âldereintehûs, mar no is it al sa. Doe’t wy it nijs ferline wike hearden dat der lang om let plak foar my wie, hie ik noch hope dat ik it miskien net helje soe. Wol dus, spitich genôch. Dêr stean ik. Yn in doarp dat net myn eigen is, foar it grutte, wite gebou, dêr’t ik gjinien ken, mei safolle ruten. Ruten dy’t ferblomje moatte datst wol nei bûten sjen kinst, mar dêr nea wer by hearre silst.… Lês fierder