Eric Hoekstra

Midfrysk Goud ii | Durk Linige

logo.ensafh

De deageried

1
O libbenswekker, deageried,
dy’t ús it himelsk goud oanbiedt!
Myn hert wjukt op myn longe,
fielt nije krêft, hiele natoer
moat op dit blide moarntiidsoer
yn rom en gloarje sjonge.

2
De nacht, dy fijân fan ’e dei
fljocht foar dit each-striel-ynsicht wei
mei al syn feale skimen;
wat libbet fielt in blide fleach
by it kliuwen fan it himelseach
út de Easter-skerte en -kimen.

3
Mar wat is dit? Is it griene lân
troch it sinnefjoer as yn ’e brân
en mei in reek bedutsen?
Der is gjin fijân fan natoer, –
hja hat it ûnderierdske fjoer
oan keatlings fêst berutsen.

Lês fierder
Eric Hoekstra

In Fries yn Afghanistan 5.4

logo.ensafh

Desiderius rûn efkes om it hokje hinne. Op ’e efterkant wiene tekeningen makke, seach er no. Sjoch, dêrûnder in lege skelp dy’t op see dreau. Dat byld koe er as ûnderdiel fan it ferneamde skilderij fan Botticelli. Hoe hjitte dat skilderij ek al wer, ‘Maitiid’ of wie dat in oare? Mar de Venus by de skelp miste; dy lei fansels yn ’e leafdestimpel klear, ree om ’e leafde te bedriuwen mei de dappere striders foar it Hegere. Doe’t Desiderius neitocht, foel him yn dat er al hope dat se de vulva’s ferfongen alle kearen dat se brûkt waarden. Mar kom, sei er tsjin himsels, no gjin morbide tinzen.… Lês fierder

Eric Hoekstra

Midfrysk Goud ii | Durk Linige

logo.ensafh
Natoer is rûnom moai

Moarnsoere

En wylst it grutske himelljocht
út kimen yn bôge troch bôgen fljocht,
stapt as in breid opkape,
mei ûnútskynber poarper fjoer,
bestrielt de bosk en delten oer
en grûns-grien-blomde lape.

En wylst it wetter as opslûsd
en bochtich lâns de lichten brûst,
de fûgels turreljurkje,
en wilens beam en blom en blêd
mei daudrips-pearlen wurde omfet,
dy’t foar natoer mei’ buorkje.

En wilens dat de Zephyr djoeit
en leafleas mei beams tûken stoeit,
waans pûsters noflik fleane,
en wilens dat de molkfaam feit
of blier mei harre buorfeint geit,
en mieren it gers ôfmeane,

de swan har fearren kjimt op it nêst,
de ljip syn krop mei wjirms mêst
of tommelt oer kop en nekke,
soe inkeld ik lûs-liddich stean?

Lês fierder
Eric Hoekstra

Midfrysk Goud ii | Durk Linige

logo.ensafh
Natoer is rûnom moai

Moarnsoere

En wylst it grutske himelljocht
út kimen yn bôge troch bôgen fljocht,
stapt as in breid opkape,
mei ûnútskynber poarper fjoer,
bestrielt de bosk en delten oer
en grûns-grien-blomde lape.

En wylst it wetter as opslûsd
en bochtich lâns de lichten brûst,
de fûgels turreljurkje,
en wilens beam en blom en blêd
mei daudrips-pearlen wurde omfet,
dy’t foar natoer mei’ buorkje.

En wilens dat de Zephyr djoeit
en leafleas mei beams tûken stoeit,
waans pûsters noflik fleane,
en wilens dat de molkfaam feit
of blier mei harre buorfeint geit,
en mieren it gers ôfmeane,

de swan har fearren kjimt op it nêst,
de ljip syn krop mei wjirms mêst
of tommelt oer kop en nekke,
soe inkeld ik lûs-liddich stean?

Lês fierder
Eric Hoekstra

In Fries yn Afghanistan 5.3

logo.ensafh

– Wat is de beleanning dan as ik myn libben jou, frege Desiderius, wylst er tocht ‘ik moat hjirwei’.

– De maagden steane klear yn ’e hemel foar de striders fan Allah.

– It liket wol wat op it Walhalla, reagearre Desiderius.

– In flauwe wurdspiling, joech Mohammed as kommentaar, ik bespeur dochs gjin ûnorthodokse gedachten?

– Wiswier net, Mohammed, sei Desiderius yn sân hasten en mei de needrigens dy’t foech joech njonken in fertsjintwurdiger fan de Heechste op ierde.

– Sa mei ik it hearre, sei Mohammed tefreden, hearrigens is alles yn dizzen. Fannacht meisto mei dyn Wapen sliepe. It wapen is ynboud yn in prachtige moaie frou, makke mei it bêste wat de Japanske technyk op dit mêd te bieden hat.… Lês fierder

Eric Hoekstra

In Fries yn Afghanistan 5.2

logo.ensafh

Se rûnen werom nei de finzenis dêr’t Van der Balk, Boskma en Rutario noch hieltyd oan it bepraten wiene hokke prosedueres at se foar oerlis opstelle soene en hokke doelen at se harsels stelle soene. Mohammed pakte in Kalashnikov, rjochtte him op it groepke fan trije finzenen en âle botwei:

– Hark westerske ymperialisten. Ik sjit jim hjir en no foar de kop as jim net sjen litte wa’t jim yn wurklikheid binne. Helje dat ding fan jim kop ôf. Do earst, Van der Balk.

En hy rjochte de Kalashnikov op Van der Balk en seach him rjocht yn ’e eagen.… Lês fierder

Eric Hoekstra

In Fries yn Afghanistan | 5e haadstik

logo.ensafh

Desiderius wie hiel tefreden mei himsels dat er krekt op ’e tiid de oerstap nei de nije machthawwers dien hie. Miskien wie it in te koarte-termyn redenearring, mar wa koe yn ’e takomst sjen? Hy hie der yn alle gefallen gjin nocht oan en bring de rêst fan libben yn in grot mei traljes troch, om it oer de wiere dea mar net te hawwen. De mannen rûnen bylâns de fruihôf nei in grutte grot dy’t derút seach as de manljusferbliuwen fan de striders foar it wiere leauwe, sis mar de wjergader fan wat kantoaren en merkwurking yn ’e westerske wrâld binne.… Lês fierder