Jelma Knol

Bonke-Bonkefeart

logo.ensafh

Mei Jan Koster fan Omrop Fryslân haw ik begrutsjen. Echt wier. It sil jo mar oerkomme, al dy sneue berjochten yn de LC en de Volkskrant en op Facebook, oer lekke, te plak sette en op non-aktyf stelde meiwurkers, wylst jo it eins sa goed miene. It ynterview mei Pier Abe Santema, hjoed (11 maart) yn de Ljouwerter Krante, joech in treflik byld fan de sitewaasje. Koster kin allinne mar yn managementbegripen prate. It giet om it belied, no? Jo hawwe mei-inoar in mienskiplike koers útset by Omrop Fryslân en dan past it net om nei bûten ta krityk te fentilearjen.… Lês fierder

Jelma Knol

Neiskrift

logo.ensafh

Neiskrift, de brievewikseling tusken Marga Claus en Aggie van der Meer út 2011-2012 oer libben en rou koart nei de dea fan harren echtgenoaten, kaam earst okkerdeis op myn lêstafel telâne en hat my yn alle opsichten ferrast. Earder waard de roman fan Marga Claus Kompleten (2013) al publisearre; yn 2011-2012 begûn se mei it skriuwen fan dat boek oer in pastoar yn Brazilië en de sykte en dea fan har man Hans. De ferwurking fan de jierrenlange perioade fan Herman van der Meer syn sykteproses – hy hie Alzheimer – kinne wy ek út it wurk fan Aggie, bygelyks út it moaie gedicht ‘Inkeld noch ferlangen’.… Lês fierder

Jelma Knol

Mogendovid

logo.ensafh

It moaiste part út Misschien Esther, de debútroman fan Katja Petrowskaja is foar my wol ‘Mogendovid’. Esther is yn Warschau, de stêd dêr’t har beppe Rosa berne is. Se keapet dêr in elpee dêr’t in davidstjer op stiet. Se koe foar dy tiid (yn de Sovjet-Uny) allinne fiifpuntige stjerren en fernuveret har deroer dat dizze stjer út seis punten bestiet. Yn Kiev set se de elpee op en har al deminte beppe fan wa’t se nea in wurd Jiddysk heard hat ‘begon opeens overmoedige liedjes in een dakloos mineur te zingen, eerst de woorden volgend, ze nalopend, daarna zonder aarzeling in gelijke pas en plotseling op de woorden vooruit, vrolijk en overhaast, en ik luisterde naar haar met hetzelfde ongeloof als waarmee ik de mogendovid op de lp had afgetast.’… Lês fierder

Jelma Knol

Net hommels ferstoarn

logo.ensafh

Dus. Ien fan de Belgyske wittenskippers fan de Fryske Akademy hat it skriuwen learen fan it Frysk foar ûnsinnich ferklearre en Mata Hari komt yn 2018 ek al net nei Ljouwert ta. De hear Walthaus is as partisipearjend antropolooch dwaande om de lêste deadsstupen fan de Fryske beweging fan binnenút fêst te lizzen, hy hat der sels de taal foar leard. Sjapo Asing. Ik fyn dit wol geastich.

Mata Hari wie al slim oerstallich wurden. My heucht in bêst wol aardige musical mei de song ‘Huodden en petten’. Dat wie noch in eigen produksje. Sjapo Rients. De leidige eachopslach fan it Liwwadder frommeske, har sêfte búkje, sels har parfum: wy hawwe yn Ljouwert al genôch Mata Hari.… Lês fierder

Jelma Knol

Besprek ‘Lytse Protter’

logo.ensafh

Dichteres Baukje Wytsma en yllustratrise Yke Reeder hawwe in prachtboekje mei bernegedichten makke mei de titel Lytse Protter. Yn koarte, ienfâldige ferskes wurdt it ferhaal ferteld fan in jonkje en famke dy’t in broerke of suske krije, de lytse protter. Oant safier de ferlytsingswurdsjes.

De sfear fan de gedichten is ôfwikseljend optein of leaf, tear en yntym. Baukje Wytsma skriuwt oer in oersichtlike, lytse wrâld dêr’t positive gefoelens yn oerhearskje. Sa heart dat ek yn in kadoboek oer dit ûnderwerp. Jo kinne mei in bern op ’e skurte de ferskes foarlêze en tagelyk de prachtige plaatsjes fan Yke Reeder besjen.… Lês fierder

Jelma Knol

‘In nije heit’ is te werkenber

logo.ensafh

 

In nije heit fan Thys Wadman is in berneboek dat jin as besprekker foar in dilemma stelt. Gerke, de haadpersoan fan dit boek en ik-ferteller, is in jier of njoggen, tsien en autogek. Hy wit álles fan auto’s. It moaiste momint fan de dei is ‘de fraach’. As syn mem him op bêd bringt moat se him in fraach stelle út syn autoplakboek, leafst in sa lestich mooglike fraach. Mar flak foar syn jierdei hat er ynienen in oare winsk. Hy wol in nije heit, in ferfanger foar de ôfwêzige man dy’t folslein gjin belangstelling foar syn jonkje hat en allinne mar wat nocht belibbet oan syn hobby: fiskje.… Lês fierder