Kasten en boeken
Foardat wy op reis sille – alve steaten en 9000 km – beprate wy it tal boeken dat mei moat. Anneke hat in geweldich tempo en hellet soms wol in boek deis. Dat soe betsjutte dat der 77 boeken mei moasten. Probleem is: wêr moat ik se opbergje yn de kemper mei in beheind tal kasten. Freonen reagearren ferheard: dan is dochs in e-boek reader in útkomst foar jimme. Dêr kinst in hiele biblioteek yn dwaan. Ja, dat is sa, dus wy nei de boekwinkel. Dêr wiene se útferkocht. Fiif dagen foar ús fertrek koene wy sa’n apparaatsje helje.… Lês fierder