Thøger Jensen, Geart Tigchelaar

Fiif ferhalen fan Thøger Jensen

logo.ensafh

Thøger Jensen – I vores familie kan vi ikke lide ubåde (Borgen, 1998)
Oersetting: Geart Tigchelaar

Hy hie ea in kolly hân

No hie syn mem har beklach wer dien oer har skoandochter. Hy hat nea wenne kinnen oan dy mem. Tajûn, it wie net de perfektste frou dy’t er foar himsels útsocht hie, mar it wie yn alle gefallen net oan jins mem om jin dat witte te litten. Se krige nea har nocht fan it kleien. Sa wie se bgl. ek net tefreden mei syn pensjoentegoed. Hja litte, dat wie hiel dúdlik.
As syn mem in hûn west hie, hie er har ôfsketten.… Lês fierder

Josse de Haan

RELYRALLY20

logo.ensafh

56 dichters en dichteressen ha dit jier har bêst dien en skriuw in fenomenaal fers foar de Rely-Priisfraach. Fryslân hat in soad poëten, en guon binne by steat goeie en nijsgjirrige poëzy te skriuwen.
De RELYRALLY20 hat lykwols mar ien priiswinnend gedicht oplevere – 55 fersen koene net foldwaan oan de noarmen fan dizze sjuery fan 2020. 1 fan de 56? Dat is heel apart.

Ik sjoch in tal mooglikheden oangeande dit debakel:

1 de leden fan dizze sjuery hawwe jierren poëzykunde studearre, hawwe tsientallen essays oer poëzij skreaun, en hearre dêrtroch by it puikje fan de literêre krityk, sadat har kar heel skerp west hat, en de latte dy’t se brûkten te heech wie foar dizze provinsjale famkes- en jongespoëten.… Lês fierder

Piter Boersma

Redaksjoneel + Ynhâld Ensafh 3, 2020

logo.ensafh

 

 

Redaksjoneel

Dit nûmer begjint mei in nogedicht fan Edwin de Groot:

gjin miste woartelstokken dêr’t noch in leat út omheechsjitte kin
of koppige pitsjes dy’t yn lytste holtsjes ôf sitte te wachtsjen
oant it klimaat in oar gesicht sjen lit

In nogedicht is ek dat fan Anne Heegstra:

Krieën gekjeie, krasse harren leafdeslieten.
Nijsgjirrigens docht harren swijen yn krunen
om’t oer it grint ienlik fjouwer minsken geane.

Mar der is wat dat oangiet mear. Wat Anne Feddema yn it gedicht ‘19717’ fertelt hat ynienen in konneksje mei no en it slagget Hein Jaap Hilarides om syn besprek fan de troch Lubbert Jan de Vries gearstalde bondel mei Amerikaanske outlaw- en beatpoëzij Eigentrieds ôf te sluten mei: ‘Mei it fers it sied wêze yn dizze tiden fan firus.… Lês fierder

Komposysje Berend Folkertsma: ‘Wobbelke moat skite’

logo.ensafh

De hast fergetten Dokkumer komponist Berend Folkertsma (1945-2009) hat net in soad wurk neilitten. ‘Wobbelke moat skite’, in ultrakoarte komposysje út 1984, wurdt oer it algemien sjoen as in lyts hichtepunt yn syn karriêre.

De lêste jierren fan syn troch drank en drugs teheistere libben brocht Folkertsma troch yn ferskate kliniken.

It stik wurdt hjir útfierd troch leden fan de brassband Ave Maria út Greonterp.

Klik op it portret fan Folkertsma foar de muzyk.

 … Lês fierder

Anne Feddema

Umbelliferae

logo.ensafh

Ik seach
Jimme healdea
Op ’e kremaasje
Twa tobben
Neist de kiste
Hingjende skermkoppen
Wachters yn djippe sliep
Doarnroaske komt foarby
Pripkjend yn ús libben

De deade wie sljocht
Mei beareklau
Hja wachten gol
Neist syn wente
Yn syn wêzen
Hja hearre hjir en no

Net tsjin
Mar fan ’e
Sinne binne
Jimme

De dea
Beareklau
Do.… Lês fierder