Gerbrich de Jong

Leafde yn Ljouwert, mar net foar it Frysk

logo.ensafh

Yn de maitiid fan 2020 ferskynde de alderearste Fryske bouquetroman, in ‘collector’s item’. It boekje is skreaun troch “Fleur van Ingen”, dy’t in man fan middelbere leeftiid (1962) blykt te wêzen. Fleur van Ingen is de alderearste man dy’t it sjenre beoefenje mei foar de grutste útjouwerij fan Bouquetromans: Harlequin. Foar dizze Fryske edysje hat Fleur van Ingen “in superromantysk” ferhaal skreaun dat him yn Ljouwert ôfspilet. Dêrnei hat Martsje de Jong der in Fryske oersetting fan makke. In moai inisjatyf en ek fruchtber, want mei de ferkeap giet it goed. Hjir en dêr waarden fuort hiele doazen ferkocht. By Van der Velde yn Ljouwert lei it boekje op de toanbank, as ‘kassapakker’ foar fiif euro.… Lês fierder

Henk van der Veer

Orgelman

logo.ensafh

 

foar Jan Boon

tuerlek bliëfst un Hollanner
– ééntsje fan de andere kant fan ‘e Dyk-
mar dou bist allang gyn freemdeling
mear in Jeruzalem dat Sneek hyt
hoarst helemaal bij de stad
en anders dyn monumentale
draaiòrgel de Paardekop wel

prachtech astou op saterdagen
út dy kartonnen boeken
fol met gaatsjes en gleufkes
de moaiste klanken toverst

ut is dan krekt òf lope dy steile
Súdwesthoekboerinnen en Snekers
un bitsje fleureger as deur de weeks
ut Oasterdyk en Groatsaan over

ondertussen laast dyn
koperen geldbakje ritmys klinke

op’e klanken fan de Zangeres zonder naam
òf un moaie Weense wals

moaier kanst ut nyt krije… Lês fierder

Geart Tigchelaar

Koroanakrisis

logo.ensafh

Mei it pakje fan Bol.com yn ’e hannen rint er it hiem fan it hoekhûs op. Hy docht dit wurk no al sa lang, mar alle kearen is er wach op de mooglikheid dat earne ûnferwachte út it strewelleguod in hûn oandraven komt. Hy hat gjin hekel oan bisten, mar op bisten kinst nea alhiel oan, hat er fan thús út leard. Alle kearen tinkt er der efter oan dat minsken helte ûnbetrouberder binne. Benammen yn dizze nuvere tiden.
De situaasje doocht net hielendal, om’t er skoan wit dat frou M. Feenstra fan de Leeststrjitte nûmer 49 yn Waadwâld gjin hûn hat om’t dizze rûte al tsien jier lang syn fêste rûntsje is.… Lês fierder

Anne Feddema

It lânskip yn myn hoal

logo.ensafh

It is jûntyd en ik gean nei myn hoal. It Sancte Snoarksanctorum. Mar it is wis noch gjin tiid om yn ’e earms fan Morfeus te lizzen.
Nee hear, ik ferdwyn gewoanwei yn myn mobyltsje.
Sa sit dat. Ik ynstallearje mysels op bêd, om my hinne de attributen dy’t ik nedich haw.
Bakje tee…koeke…flesse Sodastreamer, ik bin in modern minske en yn it wykein, want it moat fansels net té mâl wurde, wat fretterij en in blikje fris. Koala…wàt in koala op bêd? No moatst ophâlde, no kola dan mar. Koala mei fan Henk Wolf mar dy is net yn’e buert, want ik bin âld beppe net.… Lês fierder

Henk Nijp

Kreatyf kompleks

logo.ensafh

Us doarp is segene mei in treinstasjon. Gewoanwei kinne wy hjir wol sa’n fjouwer kear yn ‘e oere weikomme. Op it stuit is dat wat minder fanwege firusfratsen, mar hoe yntelliginter oft wy dy ôfbouwe hoe earder oft de wenstige skema’s wer tapast wurde sille. Rutte cs. dogge harren bêst, mar wy binne der noch net… Mar no komt der de hiele dei troch in stim út ‘e perronlûdsprekkers dy’t hieltyd wer meidielt dat de gewoane fertrektiden net mear jilde en dat der oanpassingen binne fanwege koroana. Dat sil wol sa moatte fan ‘e direksje mar net ien heart it mear.… Lês fierder