Piter Boersma

In memoriam Bartle Laverman

logo.ensafh

Underweis nei Walhalla

Yn novimber 2019 hie Bartle my it manuskript foar in nije dichtbondel tastjoerd. De foarriedige titel wie 2020. Ik ha doe by him west om myn betinken oer de bondel mei him te besprekken. Op 31 jannewaris, syn jierdei, hat er it oanpaste manuskript op ’e bus dien. De titel wie doe wurden Underweis nei Walhalla. Yn it begeliedende brief stie: ‘Ik soe it boekje wol graach dit heal jier útbringe wolle. It sil tink myn lêste wêze.’

De bondel is der noch net. En no is Bartle der net mear.

Bartle ferskynde letterlik en foargoed yn myn eachweid, doe’t er him begjin tachtiger jierren út it Grinslânske Baflo wei wer yn Fryslân nei wenjen set hie.… Lês fierder

Jacobus Q. Smink

nei desimber

logo.ensafh

ja en doe naam se de túchflecht
fan de sânerij nei âld-nij kontinint ta
en liet se skand’ en skamt’ efter har
yn ‘t dûnker bakbana-r.i.p., sa swart

de tsjustere boem, de blaka rosu
krige in fleanpapieren blêd fan ien
flikker op myn jong en har jonge
krige in leffe heit fan ‘t karakterleas

sân, as heiteleas bern op frjemde
wetten oanwiisd kaam lokkich letter
in soan fan d’ouwe bard foar him op;
lit dy no goed en frysk kinne, pyt pel

syn fan, dy dielde fijne daisy koekjes út
en holp har mei ferverij en behang
joech skruten plato-leaf ynearsten
want man, sa pik as in pyt wie hja

foel foar bytsje belle syn blau each
learde it riden yn in himelse mazda
mei houten bezinedop en slim ûnder
har kinnen krige se papieren foar it nij

âldlân en dat makke har wakker blij
want ommers earst sa bang foar de
sloarmen en skobbejakken brûns en
boef, te witten it wrede kabouterse

Lês fierder

Lomme Schokker

Simmersliep

logo.ensafh

Tsjintwurdich dream ik fan bleate kapsters op stiletto’s mei izeren noazen midden yn in see fan donkerblauwe mûlemaskers. Ik dream oer in lange lege sikehûsgong ûnder wyt TL-ljocht mei doarren oan wjerskanten dy’t ik net iepenje doar. Dreamde oer ús heit yn syn populierenhouten deakiste sûnder deksel yn it ôfskiedshûs oan de Cissy fan Marxveldtleane.

En ik dream fan Tiny Mulder dy’t ik langút mei har skonken oan wjerskanten fan myn kroade útsutelje yn bûtenbuorren tusken Boazum en Boalsert. Se fertelt hoe’t se altyd al yn in hûs wenje woe mei de foardoar yn ’e midden en dan links in ljochtkeamer om te skriuwen en rjochts de pronkkeamer om op winterjûnen Skandinavyske skriuwers te ûnderfreegjen oer wat bern moarn te lêzen hawwe moatte.… Lês fierder

Anne Feddema

Tamtearre skilder

logo.ensafh

Ik siet by
Mona Lisa
Op bêd
Laitsja Mona
Lisa laitsja
Hja lei en lake
Wêrom lakest
Gioconda la
La lakest Mona
Is der freugde
Te sjen op
Jo emojibekje?
Tusken lekkens
Lakest dy dea
Mei bêdeguod
Glimkjend yn’e kiste
It is moai
Dyn antilit
Lit ik
Yn ’e ploai

Tinkst dat
Myn masterhân
Himsels net rêdt?
Sil ik sitte foar dy?
Ald model krakelee
Fâlden op dyn bêd

Dýn portret
Lykwols drûch
Komt nea ôf
Pinsiel, doek?
Nee, in ein tou… Lês fierder

Jelma Knol

Bealgje silst     

logo.ensafh

Hjir is neat feroare

Ik gyng nei de supermerk en kocht twa rabarberstâlen en in grutte ananas. De rabarber koste 2 euro en dy ûnbidige ananas ek. Eartiids kocht nimmen rabarber. Hiest in rabarberplant yn de tún, in geweldich grut gefal dêr’t fiedingssaakkundigen tsjin warskôgen. ‘Net te faak rabarber ite oars krijst,’ ja wat? No wie it in delikatesse. Dy ananas kaam hielendal út Costa Rica, dus wa’t dêr allegear wol net foar útbuite wiene om dat ding hjir sa goedkeap te krijen. It wie mear in ympulsoankeap om de priis fan de rabarber wer wat yn it lykwicht te krijen.… Lês fierder

Geart Tigchelaar

Lêze yn koroanatiden

logo.ensafh

Ear’t alle ellinde begûn mei de koroanakrisis wie der lichte opskuor yn it literêre wrâldsje fanwegen it boekewike-essee fan Özcan Akyol, mei de titel Generaal zonder leger, dy’t de boel ris opskodzje woe. Hy fynt dat skriuwers te folle oer harren eigen soares skriuwe, wat oars net is as dat hja lije ûnder in gluten-yntolerânsje. Skriuwers fan no hawwe net echt wat belibbe, hawwe gjin bagaazje om sa te kommen ta wurken dy’t fierder rikke as harren bewijrikke bubbel. ‘In hemelsnaam, laat desnoods een oorlog uitbreken, geef ons armoede en ontberingen. De literatuur zal er flink bij gedijen. Eens kijken of een schrijvertje begint te zeiken over zijn glutenintolerantie als hij in loopgraven een polemisch pamflet moet tikken tegen een misdadig regime.… Lês fierder

Josse de Haan

op ’e doele…

logo.ensafh

achter de spegel krijt út en troch
ûnwennigens in nije namme:

do hast de kaai yn dyn eagen
mar yn de oerhûd fan it glês
hat him it slot ferskûle

de kombinaasje fan de sifers
hast slûchslim opsetlik fergetten
spegels bringe minsken op ’e doele

fertekenje de bylden fan ’t ferline
frijheid is in relatyf begryp… Lês fierder