Carsten René Nielsen, Geart Tigchelaar, Mette Norrie

Koroana / Corona

logo.ensafh

Koroana

Nim gjin stik hânsjippe
mei de stêd yn,
ear’t it in kreaze jurk oankrigen hat,
lit gjin wjerljocht sitten bliuwe
tusken dyn tosken,
as it tongeret,
en rin nea troch ’t park
mei ien oars as dysels
oan ’e riem.

Corona

Tag ikke et stykke håndsæbe
med i byen,
før det har fået en fin kjole på,
lad ikke et lyn blive siddende
mellem dine tænder,
når det tordner,
og gå aldrig tur i parken
med andre end dig selv
i snor.

Byldwurk: Mette Norrie

 … Lês fierder

Giny Bastiaans

Leafde yn tiden fan Koroana

logo.ensafh

22 Maart 2020

Juster woe ik it ynienen net mear leauwe. Dit kin dochs net wier wêze? Dit moat sa’n nachtmerje wêze, dêr’t ik mei eefkes troch de keamer te rinnen, bytsje wetter drinke, wer út stap en mei in sucht fan ferlichting fêststel dat it mar in dream wie?
Nee, dit is echt. Stjerrende wier! It Koroanafirus komt tichterby!
Fan de iene dei op de oare it hiele libben op ’e kop!
Yn ien kear dien mei ús moaie frije libben. En dat dat in prachtich en frij libben wie, kringt no pas goed ta my troch.

Kom, lit my der mar efkes út gean, betocht ik.… Lês fierder

Lomme Schokker

Wolken sûnder wyn

logo.ensafh

In moanne lyn kaam it my ynienen wer yn ’t sin: wat de âlde man dêr op it wetter te sizzen hie oer de wyn en de wolken. Ik bin nei boppen rûn en ha de papieren nochris opsocht.

Earst mar efkes it hoedatsa. In pear wike nei’t Crystal en ik yn septimber 1976 byinoar hokken op myn studintekeamer kaam berjocht dat har pake út Amearika nei ús ôfreizgje woe. Silst dy keure litte moatte, sei myn ferkearing, pake wol witte wat fleis ik yn ’e kûpe ha. Har heit út it Kanadeeske Kebek hie har mem sitte litten doe’t dy seis moanne swier wie, en de âldman woe perfoarst net ha dat er foar syn favorite pakesizzer no wer sa’n misslach yn taksaasje oer in frijer fan om utens meitsje soe.… Lês fierder

Henk van der Veer

Oade an Simen

logo.ensafh

 

in ut sigerege houten hòk fan ouwe simen
-ongekroande petroalykoaning fan’e Legëan-
rúk ik ut foarjaar út myn jonge jongesjaren

siën ik hoe’t simen met syn knoestege brúnflekte hannen
fan ut ousneide riet wonderskoane eendekòrven flecht

hoar ik simen dy’t mij gratis en fergees de ferhalen fertelt
dy’t ik allienech mar ken út brúnkafte geskiedenisboekjes
over eiersoekers, fissers, stropers en lui dy’t dinsdachs
op ’e Sneker feemerk kwamen met kninen en
eksoatise eenden dy’t se foar un knappe pries ferkochten

simen fleurege blije man met deurleefde markante kòp
dy’t sumar ut liet Skeepken onder Jezus’ hoede speult
op ’e mondharmonika dy’t hij trouwens mûlharp noemt

ouwe simen wat un baas, wat un smoarrike kearel tòch
in ut ouwe sigerege hòk dêr’t hij eendekòrven flecht
as un ware levenskunstenaar dy’t der weze mach… Lês fierder

Jan Ybema

Petear mei Paul van Dijk: Utbrekke mei it frije fers

logo.ensafh

Utbrekke mei it frije fers

,,As ik in moanne oars net dwaan mei as wurkjen, dan wurd ik hielendal gek.” Paul van Dijk fan Warkum kin net sûnder tiid foar himsels om kreatyf om te pielen en mar te sjen wat der fan komt. ,,Ik haw in grutte drang om wat te méítsjen.”

Wy sykje Paul op by him thús, tusken syn piano, boeken, poëzij en printen. Hoe kaam er derta om him mei de poëzijbondel Famke fan snie (2018) op dichtsjen ta te lizzen en wat driuwt him om dêrnjonken safolle ferskillende keunstfoarmen by de ein te hawwen?

,,Ik ha altyd in soad tekene, as bern al.… Lês fierder