Ydwine van der Veen

Stiennen muorren poarten

logo.ensafh

Grut Ljouwert, tongersdei 23 juny 2038

Om’t ik neat witte woe fan it ferplichte befolkingsûndersyk, moast ik my hjoed melde by it National Test Center. Ik wie der geandefoet hinne set om it ien en oar foar mysels wat gewoaner te meitsjen. Lykas altyd wie der gjin minske op ’e dyk. It grutte gebou lei oan ’e râne fan de stêd njonken in ferfallen yndustryterrein. It wie opboud fan grize bakstien. Ik seach gjin ruten oan de strjitkant en der wie mar ien yngong: in poarte sûnder doarren. Ik koe sa trochrinne. Yn de hal wie it leech. Ik seach allinnich yn it midden in muorre fan reade bakstien, ek wer mei in poarte.… Lês fierder

Jacobus Q. Smink

Myn namme is Rabia

logo.ensafh

(ready made)

ik wenje yn eindhoven
ik bin 19 jier âld
ik spendearje hiel wat tiid
oan myn freonen

ik ha gjin wurk op ‘t momint
mar ik hoopje dat ik sa gau
mooglik oan ‘t wurk kin
ik ha op social media hast alles

meastentiids harkje ik nei
nederlânske en turkse muzyk
myn hobbys binne sliepe, ite,
in boek lêze en de tiid

spendearje oan myn freonen
en no sil ik dy wat fertelle
oer myn persoanlikheid
yeah, ik bin echt in sosjaal wêzen

ik kin letterlik tsjin elkenien prate
meastentiids bin ik rêstich
myn fakânsje fan ‘t jier?
it wie moai, ik gûng nei turkije

ik hâld fan turkije

 … Lês fierder

Redaksjoneel + Ynhâld Ensafh 1, 2020

logo.ensafh

Redaksjoneel

It is net oars. Ik bin rûzich yn ’e holle no’t ik dit redaksjoneel skriuw. Dit is it earste nûmer fan 2020. It begjin fan wer in jiergong. It moaie fan in leafhawwerij, in passy is dat dy jin net loslit. In leafhawwerij, in passy tilt jins libben op. Dei oan dei lûk ik nei literatuer ta, lûkt literatuer oan my. Ik moat lêze, ik moat skriuwe. En mei-inoar in nij nûmer fan Ensafh meitsje. Jierren oanien. En altyd wer hoopje dat de lêzers fan it blêd der wat yn fi ne dat harren pakt. Hoe moat men soks neame?Lês fierder

Lomme Schokker

Post-boekewikeprakkesaasjes

logo.ensafh

Yn de boekewike hawwe jimme my net sjoen. Net op al dy eveneminten. Wat in drokte wie it op Knilles syn list! Yn de tiid dat alles noch ûnskuldich wie. Hoe koart noch mar lyn? Annejet yn in dûnsskoalle, Baukje dy’t alle grinzen oer gie, Bennie oeral thús yn Fryslân, Tsead fansels yn in kafee, Minno oer Douwe yn it dressoir, Anne en Edwin as bandido’s ferdwaald yn Amsterdam, Lubbert Jan as pop-up yn Burgum, Doeke yn Frjentsjer fansels, Jelle en Nyk yn de Drachtster bieb… En dan seine se dat de Fryske literatuer op stjerren nei dea wie.

Ik wie en bin net sa fan de eveneminten.… Lês fierder

Henk Nijp

Unfoarsisbere dagen

logo.ensafh

Regen is gewoon confettie uit de hemel, sa begjint in promo-mailtsje fan ‘Visit Fryslân’, in klup dy’t ús provinsje oan ‘e man bringe moat. It is wol in poëtyske sin dat jou ik fuort ta, mar dank je de koekoek, fan konfetty is noch nea immen dweiltrochwiet wurden, dat is mei in fikse bui wol oars. Sa kinne jo fansels alles rjochtprate wat krom is: Ciara is gewoan in twirre dy’t har fersind hat. Lij bier is gewoan in pilske dat him te bot útsloofd hat, in Alvestêdetocht dy’t net trochgiet komt gewoan troch in winter mei de simmer yn ‘e kop.… Lês fierder