Cornelis van der Wal

Frysk-literêre sjuerys (ferfolch)

logo.ensafh

Achte lêzer, dizze kollum is eins in ferfolch op De ‘Moannefikaasje’ fan de Fryske literatuer, oer it tige aparte beneamingsbelied wat Frysk-literêre sjuerys oanbelanget. Dat stik hat blykber net holpen, krekt oarsom, it wurdt al mar slimmer… Diskear sil ik it hawwe haw it oer de sjueryleden Job Degenaar en Coen Peppelenbos.
Degenaar wie lid fan de sjuery dy’t de nije Dichter fan Fryslân beneame moast en Peppelenbos wie sjuerylid fan de Piter Jellespriis 2019. Yn in ynstjoerd brief oan de Ljouwerter Krante woe Degenaar ha dat de gemeente De Fryske Marren oan taaldiskriminaasje docht om’t allinnich Frysktalich wurk meidwaan mei oan de gemeentlike Kultuerpriis.… Lês fierder

Henk Nijp

Kuierje

logo.ensafh

Ik kuierje gauris it Jaachpaad del. Dat doch ik hjoed ek wer, it is moai sinneskyn-waar en de dei nei ‘Blue Monday’, blauwe tiisdei dus eins, mar it is frijwat grien om my hinne en de winterblues is fier fuort.
It slacht eins nearne op, dy namme ‘Jaachpaad’. It is in paad dat der noch mar in jier as tsien leit, yn it ferlingde fan it âlde binnenpaad, om it doarp hinne. Gloednij oanlein yn it ramt fan de doarpsfisy fan doe en nije rekreaasjemooglikheden. Noch fan foar de tiid dat de gemeente omreden fan de gemeentlike weryndieling yn fjouwer stikken knipt is en ús partsje oan Grut Ljouwert fêstnaaid is.… Lês fierder

Eppie Dam, Edwin de Groot

Mortiermineur

logo.ensafh

Gjin better wapen tsjin ferjitnis as in monumint yn moarmer, mar tombes binne út ’e tiid en in prealgrêf rûkt nei lang fergiene adel. Net ien wit wa’t ik bin en dy’t myn namme kenne, wenje oan myn strjitte yn in doarp fan neat of it meast beskieden stedsje fan de alve. Dêr ha se my stean sjoen yn it finster fan har blauwe enveloppen, op ’e wite sluven fan har kryst- en jierdeikaarten, en kwattelen my jierliks del op ’e earste side fan wer in nije bûsaginda. Mar papier ferliest terrein, wat ik, fjildhear, festinggelearde en útfiner fan myn eigen mortier, al iuwen earder die.… Lês fierder

Lomme Schokker

De búste fan Beethoven

logo.ensafh

Noch hieltyd stiet de globe, dêr’t ik yn de earste klasse fan de Mulo foar myn jierdei om frege, yn de Lundiakast op myn jongeskeamer. De ferljochting docht it net mear en hy hinget wat wankel op it plestikken fuotstikje efteroer. It ding hat syn tiid útsitten, de wrâld hat him ynhelle en ik wol him net mear sjen. Oan de ûnderkant brânt Australië, de reinwâlden fan de Amazone lizze der net folle better by, de Noardpoal is aardich lytser as wat er west hat en de Sovjet Uny bestiet al gjin tritich jier mear. Eins funksjonearret dizze globe inkeld noch as konversaasjestik, mar dêrfoar komme te min minsken by my oer de flier.… Lês fierder

Henk van der Veer

Amor vincit omnia

logo.ensafh

 

                                                                                               foar pastoar Van der Weide

siën um dêr tòch staan sundach na sundach na sundach
ex cathedra in ’e houten broek fan Sint Martinus
an ’e dempte Singel tussen hemel & aarde
ferkondegt hij ut woard fan dy andere timmermanssoan

om de frêle skouders un mouloas opperkleed
kleurech kasuifel fan duur linnen over albe, stola en singel

wat besiëlt jou tòch eigen freemdeling út Bòlsert
om ut fòlk kear op kear te onderwizen út ’e Skriften
is ut de geur fan wierook út oasterse kontreien
de mysterieuse klanken fan de Latynse hoochmis miskyn

wat is ut tòch dat jou je woanderskoane warme sang
as un vox populi, vox Dei – de stem fan ut fòlk, de stem fan Gòd-
onfermoeiber klinke late sundach na sundach na sundach

avens nippend an un goëd glas roaie wyn
foële jou je as un Roomse Bourgondiër thús in dit
Kalvinistise Sneker bòlwerk fan ’e Kleine Luyden!Lês fierder