Oe nee, ik soe nea ‘noait’ skriuwe. Ik griis ek fan ‘nergens’ yn skreaun Frysk, en fan ‘yts’, sûnt ik ûntduts dat der ‘(n)earne’, ‘(n)eat’ en ‘(n)ea’ binne. Mar tefolle ‘(n)immen’ heart dan wer as geefmakke Hollânsk: ‘ien’ en ‘gjin ien’ binne as pronomina folle Frysker ommers. ‘Gebeure?’, nee: ‘barre’. En ja, ik bin sa’n ien dy’t stoef ‘hja’ skriuwe wol, ek al seit njonkenlytsen eltsenien ‘sy’ of ‘sij’ (iksels allyksa). Ien dy’t tsjin de wyn fan ’e taalferoaring yn ‘hokker’ sizze woe (mar dochs net altyd docht), en tagelyk ‘wannear’ mar net ynruilet foar ‘hoenear’. Salang’t minsken de ‘-sk’ mar net fuortlitte yn ‘minsk(e)’ en ‘Nederlânsk’, want dan is wier de ein fan it Frysk yn sicht!… Lês fierder
Looijenga. André
Lit ús drinke!
Lit ús drinke! Want ja, wat nijs, want ja, by in glês wyn wat
wolle wy dichtsje, in licht en huningswiet fers.
Kom, spiel my mei flessen út Chios dweiltroch, en sis: ‘Boartsje,
Hêdulos!’ Ik ferspij in libben yn leechte, as ik net drink.
*
Πίνωμεν· καὶ γάρ τι νέον, καὶ γάρ τι παρ’ οἶνον
εὕροιμεν λεπτὸν καί τι μελιχρὸν ἔπος.
Ἀλλὰ κάδοις Χίου με κατάβρεχε, καὶ λέγε· “Παῖζε,
Ἡδύλε.” μισῶ ζῆν εἰς κενὸν οὐ μεθύων.
*
Hêdulos (Hedylus) kaam fan Samos en wie as dichter warber om it jier 280 f.Kr. hinne. Der is inkeld in hânfol epigrammen op syn namme oerlevere.… Lês fierder
Foaropwurd 82: ferskaat
De lêste tongersdei fan jannewaris is Gedichtedei. De Fryske literatuer hat grif wolris in mindere 31 jannewaris meimakke as juster: twa wichtige nije dichtbondels binne útkommen, en de jûns hiene wy fan Ensafh by Vellinga yn Snits it hûs fol mei de Grutte Gedichtejûn. In wûnder ferskaat en in tige slagge jûn.
Ensafh is in literêr tydskrift fan it ferskaat. Mei in positive betsjutting fansels: net in beiert fan doch-mar-wat dêr’t de grutste ropper boppedriuwt, mar in medium dat útienrinnende stimmen in plak jaan wol. Mei dêrby it betingst ‘yn it Frysk of in Fryske streektaal’. Lûden dus dy’t net in soad heard, en fierste min lêzen wurde.… Lês fierder
Jûnskimer / Sikehûskeamer
Jûnskimer
de lêste hap
fan it jûnsiten
dat de help klearset hat
en ik doch de skoattel ta
op dat stuit hear ik
hoe’t by de buorlju
de hiele húshâlding
fleurich laket
(oersetting: André Looijenga)
*
Sikehûskeamer
de âldste bin ikke
mei fiifennjoggentich
dan fjouwerennjoggentich
njoggenentachtich
seisentachtich
fjouwer froulju op in keamer
op dagen dat
ús famyljes op besite binne
it hûs fol âlderein
en op ’e gong
filefoarming fan rollators
ik
mei al dy laitsjende stimmen
yn ’e rêch
hingje oan ’e earm fan myn soan
sjoch by it rút wei
nei de kleare himel
(oersetting: André Looijenga)… Lês fierder
Foaropwurd 81: en no fierder sûnder stipe fan de Nederlânske oerheid
Ensafh kin weromsjen op in moai en suksesfol 2012. Tweintich rynsk fulde digitale jeften en sân moaie papieren nûmers hawwe wy wer útjaan kinnen. Us ynternet-tydskrift ûntfangt alle moannen sa’n 1000 unike lêzers, en der sit in moaie opgeande line yn it tal besikers fan dizze webside. Ensafh.nl is as opfolger fan Farsk in sintraal plak op it Frysktalich ynternet. It soe faaks wolris kinne dat Ensafh, nei dy fan Omrop Fryslân, de meast besjoene aktuele Frysktalige side is. En dat foar in literêr tydskrift!
Neist ús gewoane nûmers, brochten wy yn 2012 op ’e nij in Sirkwy-nûmer út, mei fjouwer essees, en in Rely-nûmer met twa sterke winners.… Lês fierder
Foaropwurd 80: Harmen Sytstra, in ûnmoadieuze âldfaar?
Op 4 april 1862 is Harmen Sytses Sytstra ferstoarn. Hy wie skoalmaster yn it doarpke Baard, en liet in jonge widdo en trije lytse bern efter. Mei syn 45 jier stie er midden yn it libben, mar hommels hat de tyfus him weinommen.
Goed 150 jier letter, wolle wy fan Ensafh de oantins eare fan dizze fierste gau ferstoarne ûnderwizer, mei dit lêste digitale nûmer fan de jiergong 2012. Want Harmen Sytstra wie net inkeld master: hy wie in dichter mei grutte taalmacht, in aktivist dy’t de Fryske taal nei in heger plan bringe woe, de redakteur fan Iduna – it earste Fryske literêre tydskrift –, in ynspirearjende autodidakt op it mêd fan taalkunde, in demokraat mei in langstme nei frijheid, en troch dit alles de sintrale figuer yn de Fryske beweging midden 19e ieu.… Lês fierder
Foaropwurd 79: terrarium fan taal
Prachtich ommers dat Ljouwert ferline wike in stapke tichterby de titel Kulturele Haadstêd fan Europa kommen is. Foar de stêd en foar Fryslân soe dit predikaat moaie kânsen opsmite kinne. Mar jild en grutte projekten allinne helpe net, en de plannen hawwe tige ferlet fan konstruktive krityk, oars komt it dochs noch op ’e kop ferkeard.
Lân fan taal tsjinnet him oan. Ynienen binne der konkrete ûntwerpen fan dit multymediaal erfgoedsintrum en museum foar meartaligens, de nije dependânse fan Tresoar en Afûk. Mar moat soks eins wol wêze? Moat soks krekt dêr? En witte se eins wat se dermei moatte?
glêzen doaze
Op de webside www.lanfantaal.nl… Lês fierder