Lomme Schokker

Opmjitten fan de werklikheid

logo.ensafh

Werom fan fakânsje yn Dútslân, begjin july, lei it tredde nûmer dit jier fan Ensafh op de doarmatte. In soad post falt der oars net mear troch de brievebus: de risping fan twa wiken útfanhûs wie dizze kear in pear biddelbrieven, in net oan te ûntkommen blauwe slúf, twa rekkeningen en it Konsumintebûn mei it safolleste boekje hoe’t ik tûker en foarsichtiger wêze kin op ynternet. Sis no sels, dan is in literêr tydskrift dochs wol it meast lêzenswurdich. Sels Ensafh, hear ik mysels tinken, mar dat is wol sa freeslik flau, schäme mich!

Alle dagen fakânsje, dat ik naam de tiid om te lêzen oer it libben fan Fimme Lap (dêr’t ik aardich wat fan myn eigen ûnderfiningen yn weromken) en foaral de beide treflik byinoar passende artikels oer Cædmon en Bernlef.Lês fierder

Lomme Schokker

Op ’e tiid foar de Rely?

logo.ensafh

Komt it dy ek sa oer it mêd, broer? Hasto, lykas ik, in pear jier lyn ek sa ferskriklik de ôfslach mist? Ynienen hawwe se it oer in ‘dystopy’, as antonym foar in utopy. In dystopy soe in maatskippij wêze moatte mei inkeld horrorsituaasjes dêr’tst absolút net yn wenje wolst. Wisto dat de iene nei de oare auteur tsjintwurdich oer swartgallige mienskippen skriuwt? En dat dy auteurs der ek noch prizen mei winne? Hoe koene wy sa blyn en dôf wêze!

Koartlyn wie it wer safier. It boek fan de winner Libris Literatuer Priis 2019, De goede zoon fan in Rob van Essen, giet ek oer sa’n ferfrjemdzjende takomst dy’t, as ik it goed begrepen ha, der winliks al is.… Lês fierder

Lomme Schokker

De wurden net skriuwe

logo.ensafh

In flarde fan in ferhaal spûke my troch de holle. Ik koe der gjin wiis út wurde en woe grip ha op myn ûnmacht. Ik socht in skriuwer om yn eigen taal mei myn bylden om te gean, want sels koe ik de wurden net skriuwe. Yn it doarp wie nimmen mear fan de âlde skoalle. De earste fan ús mienskip, man fan gesach en ûnderfining, hy seach my kommen en stjoerde my fuort. Foar him wie ik inkeld ien mantsje út safolle. Hy wie my al fergetten doe’t ik my omdraaide.

Moatst yn it stedsje fierderop wêze, seine guon. Dêr sitte in tal wize mannen yn petear byinoar dy’t dy wol helpe sille.… Lês fierder

Lomme Schokker

Ferburgen boeken

logo.ensafh

De Jong wie in learaar maatskippijlear dy’t by ús yn it doarp wenne. Ien fan syn soannen wie fan myn leeftyd, dat ik kaam der wol ris oer de flier. Ik moat ús mem doe ferteld hawwe hoe’t ik ûnder de yndruk wie fan dy wenkeamer grôtfol mei boeken. Boeken oeral yn it rûn, tsjin alle muorren boeken, fan de flier oant it plafond ta. Wat it plaatsje folslein makke wie in fersliten learen earmstoel yn de hoeke ûnder in steande skimerlampe, it bysettafeltsje mei de boeken dêr’t er mei dwaande wie en in twadde, lytser en leger tafeltsje mei foar de greep de kofje, de buorrel en it jiskebakje.… Lês fierder

Lomme Schokker

Us man yn it gemeentehûs

logo.ensafh

By ús yn it Suffertsje binne foar my, nêst de krûdige kollums fan in Arie Bombarie, benammen de wiidweidige ferslaggen fan de gemeenteriedsgearkomsten de muoite fan it lêzen wurdich. Dy ferslachjouwer, lit ik him Erik neame, sit faak yn in hoekje fan de biblioteek efter de iennige kompjûter dy’t nei de lêste reorganisaasje oerbleaun is. Al jierren skriuwt er yn de byb syn ferslaggen, want dêr hat er alle riedsstikken foar de greep en ‘kom ik wat ûnder de minsken’.
Soest Erik sa op it each noch gjin kwartsje jaan. In lytse sjokkende man, rykrak, sjofel yn de klean en rûch yn it burd, mar mei in tûk ferstân.… Lês fierder

Lomme Schokker

Nijjierrinne

logo.ensafh

‘Folle lok mei it seinen.’ Frou Hoekstra fan twa huzen fierder seach ús oan en lake.
‘Wat sizze jimme?’
‘Folle lok, mei it seinen!’
‘No, tankje. Dat is aardich fan jimme. No wolle jim in suertsje, tink?’
Fansels. Dêr diene wy it om. Frans Prinsen hie my ferteld dat wy hjoed by de minsken lâns moasten om ‘Folle lok mei it seinen’ te sizzen. Dat hearde sa. Dan soene wy suertsjes krije. En Frans koe it witte, want hy ried op in brommer. Lange Frans mei it swarte hier.
‘Witte jimme heit en mem dat jim oan it nijjierrinnen binne?’
Ik seach myn broer oan.… Lês fierder

Lomme Schokker

De twadde wet fan Sibrand Swart. In krystferhaal

logo.ensafh

Lesjaan begjint mei it ferhaal fan de learaar. Dat is de earste wet fan Sibrand Swart, dosint Frysk, yn it wolnimmen. Op de kweek doetiids hjitte de wet sjesa dat lesjaan begjint mei it ferhaal fan de learling. Haha. Och, hoe nommel, och, hoe moai. Ik stean blinders al fjirtich jier foar de klasse, basis en middelber byinoar opteld, ik haw njonkelytsen myn eigen wetten definiearre om my tsjin it rosmos oer steande te hâlden.

Lit ik my mar net al te bekend meitsje, jo hawwe de namme, dat moat genôch wêze. Ik sit moai net op Facebook, myn leafste learlingen sille dizze betûfte learaar net molestearje mei harren ûnferhoalen stikelstekken en it moarch út de bonken heljend treiterjen en terreur.… Lês fierder