De sinne skynt!
It skaad! It skaad!
Yn in keamer mei de gerdinen ticht!
It sinneljocht!
De ûnbedimbere oanstriid om foaroer te fallen!
In tsjustere, fochtige kelder!
Sinneskyn!
In âld tsjuster hok!
De sinnestrielen!
Foaroerdûkelje yn mollebult!
De sinne skynt!
Ik bin in mol!
It felle sinneljocht!
In swarte pinne en in boekje mei in swart omslach!
De sinne skynt!
De nacht fan in sinnebril!
It ljocht fan de sinne!
Mankelikens hearsket!
De grot mei in grouwe stien der foar!
Nachtblom!
Nachtbist!
Nachtynsekt!
Nachtpau-each!
Nachtmins!
Nachtmerje!
Nachtgeast!
It libben nachts!… Lês fierder
Skermer
Sfearen
Yn heger sfearen, dat wol sizze, yn de hegere sfearen fan de filosofy bejout men jin as men jin oerjout oan de nei alle kanten útpûljende trilogy Spfären fan de Dútske filosoof Peter Sloterdijk. Yn 1998 ferskynde Sphären I – Blasen: Mikrosphärologie, yn 1999 Sphären II – Globen: Makrosphärologie en yn 2004 Sphären III – Schäume: Pluralsphärologie. Yn 2003 kaam fan de earste twa dielen yn it Nederlânsk de ynkoarte edysje Sferen – I Bellen: microsferologie en II Globes; macrosferologie út en no yn 2009 is útkommen Sferen -Schuim: plurale sferologie. Yn de Nederlânske útjeften giet it om boekwurken fan repsektivelik 949 en 693 siden.… Lês fierder
Frijheid
It is in wurd om jin oan te brânen.
It is argumint om de wrâld mei te ferkatsen.
It is rop om de wrâld mei yn beweging te krijen.
It is wat om jins ûndergong mei te bewurkstelligjen.
It is de romte foar tsjinspraak.
It is wat dat troch puriteinen hate wurdt.
It is each fan ien dy’t it jin goed mient.
It is wat wrâldferbetterders ta razernij bringt.
It is de foet dy’t de bal rôlje lit.
It is wat dêr’t skythuzen it foar yn ’e broek dogge.
It is de boat dy’t jin oer it wetter bringt.
It is wat dêr’t lytsboargers oer rabje.… Lês fierder
Nederlân yn Oarloch!
De sinne kliuwt. It wurdt strieljender. Okee, it waar wurdt strieljender, moaier. En okee, de skelfinken by ús yn ’e tún ha my yn ’e besnijing. Nee, hiene, want wrâlds’ gewelddiedichheid, misdied, ûnderdrukking, oarlochsuchtigens en bespotlikheid wrotte my yn ’e holle om – fansels wy wurde der deistich mei deaslein en it beselskippet jins gedachten altyd, mar troch ien of oare oanlieding spilet it dan ynienen mear.
It begûn doe’t ik op it skerm wer ris in stik ûnder eagen krige oer in rychje moarden op krityske sjoernalisten yn Ruslân. Politike moarden op krityske sjoernalisten wurde al lang breed útmetten yn ’e westlike parse, mar dan giet it om saken op nasjonaal nivo.… Lês fierder
Foarbyld fan in ideale literêre tekst
feng-shui t’ai-chi ch’üan ch’i-kung I Ching Tao Te Ching Chuang-tzu Lieh-tzu fang-shih ch’i Tao Te wu-wei yin yang Hua-hu ching chiao Han Wu-ti nei-chuan Huai-nan-tzu Lieh-tzu Pao-p’u tzu yiian ch’i T’ai-p’ing ching Hsiang-erh yin ch’i yang ch’i wu-hsing feng-shui chia-tzu hun p’o ch’i-kung t’ai-ch’i
Ik hie it al tocht ‘ming’ betsjut ljocht.
By de uterlike algemy kontrolearje deskundigen de tiid om it suverjen fan ’e materialen dy’t ûnstjerlikens skinke flugger gean te litten. By de inerlike algemy wurdt de stream fan fitale stoffen yn it lichem omdraaid om it ferstriken fan tiid en de gefolgen dêrfan om te draaien en sadwaande werom te gean nei de steat fan ien dy’t krekt berne en fol mei libbenskrêft is.… Lês fierder
Jan Boomsma
Jan Boomsma stiet yn de moaie stêd Heidelberch by de baly fan it djoerste hotel fan de stêd. Hy is de moarns tegearre mei syn frou ôfset en ek mei har de Fryske grins oerstutsen, mar even foarby Apeldoorn sei se: ‘Jan.’
‘Ja, wat is der?’
‘It fljocht my ynienen oan. Ik wol graach datst dyn fatsoen hâldst. Ik wol net wer sa’n sêne. Ik wol my net wer skamje, sa as lêsten yn Grins.’
‘Dat witst wol, dêr falt mei my net oer te praten.’
‘Dan wol ik wer nei hûs. It is dy yn ’e kop slein.’
Hy wie omriden oer Arnhem om har by it NS-stasjon ôf te setten.… Lês fierder
In gesicht lûke
Yn guon diskusjes en oanfarringen mei myn frou lûk ik in neffens har in ‘link’ gesicht.
Se begjint dan te laitsjen en seit: ‘Sjoch nochris sa.’
Dat doch ik en nochris en wer. En alle kearen laket se lûder en langer.
As ik myn nocht ha lûkt se earst in beteutere gesicht en dan in eigenwiis gesicht.
Myn ‘link’ gesicht en har ‘eigenwiis’ gesicht hat se in oerkoepeljende beneaming foar: stoer.
As ik safolle oeren nei har it bêd opsykje kipet se ûnder de tekkens wei en seit: ‘Moatst net ‘link’ sjen, want dan moat ik pisje fan it laitsjen en ik wol der net ôf moatte.’… Lês fierder