Hedwig Terpstra

Rein de Lange oer syn skriuwen, reizgjen, muzyk, kultuer…

logo.ensafh

Rein de Lange (Boalsert, 1969) skriuwt ferhalen en gedichten en publisearret geregeld yn ûnder oare Ensafh. De earste twa jier fan syn libben hat er yn Warkum wenne en dêrnei yn Boalsert, dêr’t er syn jeugd trochbrocht hat. Op syn santjinde is er by de marine gien en hat er jierrenlang fearn. Yn1992 is er wer weromgien nei skoalle. Hy hat dêrnei op Skiphol wurke as objektlieder en as databasebehearder op de Noardlike Hegeskoalle Ljouwert. Nei acht jier op de NHL is er wer farren gien. Sûnt 1 maaie dit jier is er dosint nautyske fakken by in partikuliere oplieding yn Grins.Lês fierder

Hedwig Terpstra

Michel Dijkstra oer easterske filosofy, Tsjêbbe Hettinga, tiid en ivichheid….

logo.ensafh
MichelDijkstra-auteursfoto

Foto: Harry Cock

Michel Dijkstra (Dronryp, 1982) hat filosofy, sjoernalistyk en Sanskryt studearre yn Grins. Hy hat trije boeken skreaun: Oosterse filosofie in een notendop (2008), Bij Lao Tsé op de Thee (2009) en Zenboeddhisme (2010). Hy hat ûnder oare publisearre yn Ensafh, Bres, Filosofie Magazine, Boeddha Magazine en deiblêd Trouw en is dwaande mei in proefskrift oer de Dútske mystikus Meister Eckhart en de Japanske zenmaster Dogen. Hy is dosint filosofy yn it fuortset ûnderwiis en jout kursussen easterske filosofy by de ISVW. Michel wennet mei syn frou en soantsje (6 moanne) yn Dimter, dêr’t ik him opsykje.

Wat kinst fertelle oer de achtergrûn fan dyn boeken en oer easterske filosofy?Lês fierder

Hedwig Terpstra

‘Ik fyn it prachtich om ûnderweis te wêzen.’ Tsead Bruinja oer ‘Stofsûgersjongers / Stofzuigerzangers’

logo.ensafh

Tsead Bruinja is berne yn Rinsumageast yn 1974. Hy wennet no mei syn frou Saskia yn Amsterdam. Yn 2000 ferskynde syn earste Frysktalige bondel De wizers yn it read. Yn totaal binne der no tsien dichtbondels fan him útjûn en hy wie ien fan de gearstallers fan de blomlêzings Dream yn blauwe reinjas, Kutgedichten, Klotegedichten en Het eerste wonder – gedichten over geboorte. Op 22 april is syn lêste bondel Stofsûgersjongers útkaam by de Afûk. De bondel befettet in cd fan saksofoaniste Femke IJlstra en yllustraasjes fan byldzjend keunstneres Mirka Farabegoli. Nei oanlieding dêrfan ha we dit fraachpetear yn it kafee fan in Kringloopwinkel yn Swol, in moai plakje.Lês fierder

Hedwig Terpstra

“It libben is foar my in grut mystearje”. Sipke de Schiffart oer “Wat it is om bang te wêzen.”

logo.ensafh

Sipke de Schiffart is berne yn 1959 yn Longerhou. Ein ferline jier kaam syn debút Wat it is om bang te wêzen út, in bondel mei tsien ferhalen. Sipke hat twa kear de Rely Jorritsmapriis wûn, foar de ferhalen ‘Toe Sippy ju!’ (yn 2006) en ‘Leafde nei de dea’ (yn 2010). Dizze ferhalen stean ek beide yn it boek. Hy skriuwt ek gedichten en publisearret yn Ensafh en de Moanne. Njonken it skriuwen hâldt Sipke him mei skilderjen dwaande.

SCHIFFART PORTRET - Sabine Trines

Portret Sabine Trines

Wat is dyn achtergrûn?
‘Ik bin opgroeid op in pleats yn Longerhou yn in Nederlânsk-Herfoarme gesin. Ik ha yn it begjin in frij normale, rêstige en lokkige jeugd hân.… Lês fierder

Hedwig Terpstra

‘Datst yts boppe wetter hâldst’, Abe de Vries en syn dichtbondel Ravensulver

logo.ensafh

Abe de Vries (1965) is hikke en tein yn Winaam. Hy hat twa jier politikology studearre yn Amsterdam. Dêrnei hat er seis jier yn it leger wurke, ûnder oare as ynljochtinge-offisier. Fuort nei de oarloch om Kosovo siet er in jier yn Belgrado as korrespondint foar Trouw, Elsevier en ANP, en fan 2000 oant 2006 wie er as redakteur yn tsjinst by it wykblêd Elsevier. Yn 2006 waard er útjouwer by de Friese Pers Boekerij. Hy is dêr yn 2011 opholden. Hy skriuwt no freelance foar it Frysk Deiblêd. As tweintiger is Abe begûn mei it skriuwen fan poëzij, doe noch yn it Nederlânsk.Lês fierder

Hedwig Terpstra

Twadde gedichtejûn fan ensafh goed besocht – mei fotoferslach

logo.ensafh

Yn in ûntspannen en noflike sfear kamen tongersdeitejûn 31 jannewaris sa’n fyftich dichters en foarlêzers op yn kafee Vellinga yn Snits om fersen foar te dragen. Mei-inoar ha der 110 besikers west, in goede opkomst! De jûn wie organisearre troch ensafh yn it ramt fan de nasjonale gedichtedei. De gedichtejûn is in moaie gelegenheid foar Fryske en Hollânske skriuwers en dichters om inoar te moetsjen. Geweldich om te sjen dat der safolle dichters binne yn ús omjouwing en ek dat der sa’n belangstelling is foar poëzij!

De dielnimmers koene elk twa of trije gedichten foarlêze. Dat mochten eigen gedichten wêze of gedichten fan oaren.… Lês fierder