Anne Feddema

Yn ’t ferfal

logo.ensafh

Alles is slimmer fansels. Och heden, jo kinne genôch betinke. Tsunami’s, brân yn ’e Notre Dame, oarloch, komselden ‘likes’ op Facebook.
Ik woe it oars hjoed efkes hawwe oer ferfal dat foar de measte oare minsken bûten it sicht bliuwt. Utsein toskedokters en mûlehygiënisten. Of je moatte sjonger wêze yn in band en in hiel min gebyt fan ’e speed hawwe of soks. Dit giet oer myn tosken en kiezzen, ja, en ék oer dy fan jimme. Want lêzers: ik bin jimme en jimme binne my, no ja, yn myn kollums alteast.
Tusken kryst en nijjier, fan dy letargyske dagen, net om troch te kommen.… Lês fierder

Syds Wiersma

Galway2020 (1)

logo.ensafh

Syds Wiersma reizge ôfrûne simmer twa moannen troch Ierlân om dêr te wurkjen oan in nije dichtbondel. Hy krige dêrfoar in projektsubsydzje fan it Nederlands Letterenfonds. De nije bondel sil ein 2020 ferskine. Foar Ensafh skriuwt er in rige literêre reisferhalen oer syn skriuwerstocht. Hjoed it fjirde ferhaal.

Galway2020
Diel 1

It is dat Galway de Corrib hat, oars soe ik it der net lang úthâlde. De stêd stiet my slim tsjin, dy earste dagen dat ik der tahâld. Mei mysels ferlegen doarmje ik troch de strjitten. Kinst yn it sintrum oer de koppen wol rinne en ik haw gjin idee wat ik sykje.… Lês fierder

Sybe Sybesma

Neilitten wurk fan Sybe Sybesma: Fjouwer kwatrinen

logo.ensafh

Neilitten wurk fan Sybe Sybesma

Yn nû. 6 fan de ‘papieren’ edysje fan ensafh is poëzy opnommen fan de yn 1986 ferstoarne dichter Sybe Sybesma. Sybesma is de dichter fan in lyts oeuvre – fan him kamen twa bondels út: En marge en Op ’e râne. Mar der wie dus mear. By de bruorren en suster fan de dichter is neilitten wurk fan him oantroffen troch syn omkesizzer Rint Sybesma en dy syn soan Sybren. Sy hawwe dêrút in seleksje gearstald en dy ta publikaasje oanbean oan Ensafh. De redaksje hat dêr wer in kar út makke.

Hjirûnder folgje noch fjouwer neilitten kwatrinen fan Sybe Sybesma.… Lês fierder

Henk Nijp

Pisa(ng)

logo.ensafh

Se sille it sels wol nea ûnder eagen krije, de pubers fan hjoed, de soarchlike rapporten oer it nivo fan harren lêzen. De lêsfeardigens fan de 15-jierrigen yn Nederlân kachelet wér fierder achterút. Want lêzen is saai en rapporten oer lêzen binne fansels hielendal kânsleas. Lange teksten litte se yn elk gefal al lizze en der wurdt tsjintwurdich inkeld mar lêzen as it moat. It Pisa-rapport (fan de Oeso) lit sjen dat it lêsnivo yn fergeliking mei eardere jierren hieltyd minder wurdt, mar ek yn fergeliking mei de lannen om ús hinne, hurd sakket. Dat lêste is in faai teken. Wêrom fine bern yn Dútslân, België, Frankryk en neam mar op it lêzen net sadanich saai dat se der beroerd fan begjinne te lêzen?… Lês fierder

Willem Winters

oer myn fûgels en in pear oare bisten

logo.ensafh

fan wat fljocht dêr oant it fûgelhûs

Ik krige de diereleafde- mei syn dûbelsinnichheden – fan hûs út mei. Berne yn 1946, spilet it begjin fan dit ferhaal him ôf yn de jierren ein 50, begjin 60. Wy wennen yn it dûbele arbeidershûs op de Pôle fan Siebenga oan ‘e ein fan de Badwei nûmer 52 op It Hearrenfean. It boekje mei de titel Wat vliegt daar? [1957] wie de bibel fan myn jonge jierren. Ik haw it noch altiten en brûk it ek. De yndieling is helder en it jout genoch bysûnderheden, sa as it lûd fan de fûgels, om se fluch te determinearjen.… Lês fierder

Beart Oosterhaven

Feteranefolk

logo.ensafh

2019 wie in produktyf jier wat de feteranen ûnder de Frysktalige sjonger-lietsjesskriuwers oanbelanget. Begjin febrewaris kaam fan Sytse Haima (*1960) syn twadde solo-album Tsjin better witten yn? út en yn july respektyflik augustus ferskynden, fuort efterinoar, de cd’s Op ’n Paad fan Gurbe Douwstra (*1954) en Set ’m op fan Jaap Louwes (*1955) en syn begeliedingsgroep De Lossebinde.

Sizzenskrêft

Op ’n Paad is it fjirde album fan Gurbe Douwstra, nei Dizze stoarm (2001), Myn eigen paad (2005) en Thús (2010). De skiif telt yn krapoan fjirtich minuten tsien nûmers, allegearre op tekst fan ’e útfierder Gurbe Douwstra sels. Wat it sjongen oanbelanget, lit Douwstra him yn ’e koarkes bystean troch it natuertalint Gerbrich van Dekken.… Lês fierder